Sultanaat Sansibar
سلطنة زنجي بار Salṭanaẗ Zanji Bār (Arabysk) Usultani wa Zanzibar (Swahily) Sultanate of Zanzibar (Ingelsk) | |
---|---|
1856 – 1964 (1890 – 1963 Britsk protektoraat) | |
flagge | wapen |
(1856-1896) (1896-1963) (1963-1964) |
|
geografyske lokaasje | |
polityk | |
haadstêd | Sansibar |
offisjele taal | Arabysk (1856-1964) Ingelsk (1890-1964) Swahily (1963-1964) |
steatsfoarm | absolute monargy (1856-1963) konstitúsjonele monargy (1963-1964) |
ûntstien út | Sult. Muskat en Omaan |
opgien yn | Folksrepublyk Sansibar |
no diel fan | Tanzania |
sifers | |
ynwennertal | 300.000 (1964) |
befolkingstichtens | 113,2 / km² (1964) |
oerflak | 2.461 km² (1964) |
bykommende ynformaasje | |
muntienheid | Sansibareeske ryal |
It Sultanaat Sansibar (Arabysk: سلطنة زنجي بار, Salṭanaẗ Zanji Bār; Swahily: Usultani wa Zanzibar; Ingelsk: Sultanate of Zanzibar) wie in soeverein en ûnôfhinklik lân yn Afrika dat bestie fan 1856 oant 1964. It besloech de Sansibareilannen, dy't foar de Eastafrikaanske kust yn 'e Yndyske Oseaan lizze, en lange tiid ek útstrutsen gebieten op it Afrikaanske fêstelân, dy't lykwols tsjin 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw ferlern giene. Om dyselde tiid hinne waard Sansibar in Britsk protektoraat en ferlear dêrmei syn selsstannigens, hoewol't it yn namme soeverein bleau. Ein 1963 waard it ûnôfhinklik yn 'e foarm fan in konstitúsjonele monargy, mar in moanne letter, yn jannewaris 1964, waard de lêste sultan by in bloedige steatsgreep ôfset, wêrnei't de republyk útroppen waard en der sadwaande in ein kaam oan it bestean fan it sultanaat.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Sansibareilannen ûntwikkelen har yn 'e Midsiuwen ta in wichtich en ynfloedryk sintrum foar de hannel yn East-Afrika, en ta in krúspunt dêr't de kultueren fan Afrika, Araabje, Perzje en it Yndiaaske subkontinint gearkamen. Begjin sechstjinde iuw foelen de eilannen yn 'e hannen fan 'e Portegezen, dy't der twahûndert jier oer hearsken, oant se yn 1698 ferdreaun waarden troch de Omaanske Arabieren. Neitiid hearde Sansibar oant yn 'e njoggentjinde iuw ta it Omaanske Ryk, dat doedestiden sterk op hannel oer see talein wie.
Yn 'e iere njoggentjinde iuw makke Sansibar in perioade troch fan grutte woltier, dy't fuortkaam út it ferbouwen fan krûdnagels en oare speserijen, en fanwegen de bloeiende hannel yn ivoar en slaven. Dat late der yn 1832 ta dat Saïd bin Sûltan, de sultan fan Omaan, syn hof ferhuze fan it Arabysk Skiereilân nei Sansibar. Troch it fêstigjen fan in machtsbass op Sansibar besocht er de ynfloed op 'e Swahilykust fan East-Afrika (en dêrmei op 'e hannelsrûtes oer de Yndyske Oseaan) feilich te stellen. Nei syn ferstjerren, yn juny 1856, waard er opfolge troch twa fan syn soannen, dy't it Omaanske Ryk midstwa spjalten: Tûwaini bin Saïd waard sultan fan Maskate en Omaan, wylst syn broer Madjyd bin Saïd hearsker oer it no selsstannige Sultanaat Sansibar waard. Neitiid bleau Sansibar noch seis jier lang ferbûn mei Omaan, mar nei de moard op syn broer Tûwaini wegere Madjyd yn 1862 noch langer om by te dragen oan 'e Omaanske skatkiste, en waard Sansibar folslein ûnôfhinklik.
Oant likernôch 1890 behearsken de sultans fan Sansibar in oansjenlik diel fan 'e Swahilykust, in gebiet dat bekendstie as de Sandj, en û.m. Mombasa en Dar es Salaam omfieme. Yn 1884 stiften de Dútsers lykwols harren koloanje Dútsk East-Afrika (dêr't letter Tanganjika út fuortkomme soe) en yn 1886 fêstigen de Britten har bewâld oer Britsk East-Afrika, it lettere Kenia. Tusken 1884 en 1890 giene alle Sansibareeske besittings op it fêstelân ferlern oan dy beide Jeropeeske machten. Underwilens begûnen keaplju dy't ôfkomstich wiene fan it Yndiaaske subkontinint stadichoan almar mear foar master op te slaan op it mêd fan 'e hannel yn speserijen. Saïd bin Sûltan fitere dat oan troch de Ynjers ta te stean har frij yn syn gebieten te fêstigjen.
De slavehannel rûn ûnderwilens op syn lêste skonken. Mid njoggentjinde iuw waarden der jierliks wol 50.000 slaven ferhannele op 'e slavemerken fan Sansibar. Sokken waarden djip yn it binnenlân fan Afrika finzen nommen en nei de kust ta sleept. Ien fan 'e meast beruchte Sansibareeske slavekeaplju wie Tippu Tip, dy't ûnbidich grutte ekspedysjes fan soms wol 4.000 man sterk djip Sintraal-Afrika yn late en dêrby gedoente hie mei Westerske ûntdekkingsreizgers as David Livingstone en Henry Morton Stanley. Mar tsjin 'e ein fan 'e iuw oefenen de Britten swiere druk op Sansibar út om 'e slavehannel oan bannen te lizzen, en Bargasj bin Saïd, de broer en opfolger fan Madjyd bin Saïd, lei der yn 1873 úteinlik it near op. In trêde broer, Kalifa bin Saïd, dy't Bargasj letter opfolge, makke de wei ree foar de folsleine ôfskaffing fan 'e slavernij.
Underwilens wie Sansibar binnen de Britske ynfloedssfear kommen. Ek de Dútsers makken oanspraak op it sultanaat, mar dy striidkwestje waard yn 1890 regele mei it Hilgelân-Sansibar-ferdrach wêrby't de Britten it eilân Hilgelân, yn 'e Dútske Bocht, ôfstiene yn ruil foar it opjaan troch de Dútsers fan al harren oanspraken op Sansibar. Dat makke de wei frij foar de stifting fan in Britsk protektoraat oer Sansibar, dat yn 1890 ek wier fêstige waard. Dêrby behold it sultanaat, alteast yn namme, yntern selsbestjoer ûnder Britsk tafersjoch, mar it ferlear syn ûnôfhinklikheid en waard diel fan it Britske Ryk. Fan 1890 oant 1913 waard it lân regearre troch de sultans, dy't begelaat waarden troch Britske 'adviseurs' yn 'e foarm fan tradisjonele fiziers. Fan 1913 ôf stelden de Britten lykwols residinten oan om harsels en harren belangen te fertsjintwurdigjen, dy't yn 'e praktyk neat minder as gûverneurs wiene.
Doe't de pro-Britske sultan Hamyd bin Tûwaini nei syn dea, op 25 augustus 1896, opfolge waard troch Kalyd bin Bargasj, fan wa't de Britten neat hawwe moasten, late dat ta de saneamde Sansibaroarloch, wêrby't de Britten eefkes sjen lieten wa't it yn it sultanaat echt foar it sizzen hie. De oarloch briek út op 'e moarn fan 27 augustus, doe't Britske oarlochskippen mei in bombardemint it Beit al-Hukum-paleis ferrinnewearren. Net mear as 38 minuten letter, doe't de Sansibarezen wol omlyk woene, waard der in wapenstilstân sletten, en de Sansibaroarloch wurdt noch altyd beskôge as de koartste oarloch út 'e skiednis fan 'e wrâld.
Mids 1950-er jierren waarden der, foarútrinnende op 'e dekolonisaasje, demokratyske herfoarmings yn it sultanaat trochfierd. Der waarden ferskate politike partijen oprjochte, wêrfan't de Sansibareeske Nasjonale Partij (ZNP), dy't de etnyske Arabieren fertsjintwurdige, en de Folkspartij fan Sansibar en Pemba (ZPPP), dy't in mingde oanhing fan Arabieren en Swahily hie, de wichtichsten wiene. Fierders wiene der ek de lytse radikale Afro-Sjirazy Partij (ASP) en de Ummapartij (UP, "Partij fan it Folk"), in op it maoïsme ynspirearre ôfspjalting fan 'e ZNP.
Yn 1961 waard Tanganjika ûnôfhinklik, dat sûnt de ein fan 'e Earste Wrâldoarloch as in mandaatgebiet fan it Folkebûn en letter as in trustgebiet fan 'e Feriene Naasjes troch de Britten bestjoerd wie. Twa jier letter, op 10 desimber 1963, waard Sansibar sels ek ûnôfhinklik as in konstitúsjonele monargy. Der waarden ferkiezings holden, dy't wûn waarden troch de ZNP en de ZPPP; neitiid waard der in regear foarme troch de ZNP. Dêr leine de leden fan 'e ASP har net by del, dat op 'e jûn fan 'e 12 jannewaris 1964 diene se ûnder lieding fan in John Okello, dy't oarspronklik út Oeganda kaam, in greep nei de macht. Djamsjyd bin Abdûlla, de lêste sultan fan Sansibar, waard ôfset mank in protte bloedferjitten, wêrby't de tûzenen slachtoffers oer it algemien Sansibarezen fan Arabysk en Yndiaask komôf wiene. Neitiid fûn der in etnyske suvering plak, wêrby't frijwol alle Arabieren en teffens Swahily dy't foar in part Arabyske foarâlden hiene, it lân ûntflechten en beskûl sochten yn Omaan.
Nei't de ASP it op 'e Sansibareilannen foar it sizzen krigen hie, waard ûnder lieding fan Okello de Folksrepublyk Sansibar en Pemba útroppen. Abeid Karume, de lieder fan 'e ASP, dy't net by de revolúsje belutsen west hie, waard útnûge om út ballingskip yn Tanganjika werom te kearen en it amt fan presidint fan 'e nije republyk op te nimmen. Hy wie it dy't neitiid foar Sansibar, ûnder swiere druk fan it Westen, dat bang wie foar ynfloed fan 'e Sovjet-Uny yn it lytse steatsje, in uny bewurkmastere mei de gruttere en polityk stabilere Republyk Tanganjika, op it fêstelân fan East-Afrika. Dy uny krige yn april 1864 syn beslach mei de oprjochting fan 'e Feriene Republyk Tanzania, wêrfan't de namme opmakke wie út 'e earste wurdlidden fan 'e beide steaten dy't der yn opgiene. Sûnt foarmet Sansibar in autonome republyk binnen Tanzania.
List fan sultans fan Sansibar
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1856 – 1870: Madjyd bin Saïd fan Sansibar
- 1870 – 1888: Bargasj bin Saïd fan Sansibar
- 1888 – 1890: Kalifa bin Saïd fan Sansibar
- 1890 – 1893: Ali bin Saïd fan Sansibar
- 1893 – 1896: Hamyd bin Tûwaini fan Sansibar
- 1896 – 1896: Kalyd bin Bargasj fan Sansibar
- 1896 – 1902: Hamûd bin Mohammed fan Sansibar
- 1902 – 1911: Ali bin Hamûd fan Sansibar
- 1911 – 1960: Kalifa bin Harûb fan Sansibar
- 1960 – 1963: Abdûlla bin Kalifa fan Sansibar
- 1963 – 1964: Djamsjyd bin Abdûlla fan Sansibar
List fan Britske fiziers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1890 – 1901: sir Lloyd Mathews
- 1901 – 1906: A.S. Rogers
- 1906 – 1908: Arthur Raikes
- 1908 – 1913: Francis Barton
List fan Britske residinten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1913 – 1922: Francis Pearce
- 1922 – 1923: John Sinclair
- 1923 – 1929: Alfred Hollis
- 1929 – 1937: Richard Rankine
- 1937 – 1940: John Hall
- 1940 – 1946: Henry Pilling
- 1946 – 1951: Vincent Glenday
- 1952 – 1954: John Rankine
- 1954 – 1959: Henry Potter
- 1959 – 1963: Arthur Mooring
Bestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Sultanaat Sansibar wie it grutste part fan syn bestean in absolute monargy, dêr't de sultan de folsleine macht hie. Yn 'e tiid fan it Britske protektoraat waard dy macht de facto (mar nea de jure) oan bannen lein, oant der ein jierren fyftich, begjin jierren sechstich foarútrinnende op 'e dekolonisaasje demokratyske herfoarmings yn it sultanaat trochfierd waarden. Sadwaande waard it Sultanaat Sansibar yn desimber 1963 ûnôfhinklik yn 'e foarm fan in konstitúsjonele monargy, mei in steatsbestel wêryn't de macht fan 'e sultan ûndergeskikt makke wie oan 'e macht fan 'e grûnwet.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ekonomy fan it Sultanaat Sansibar stipe fierhinne op twa pylders: hannel en lânbou. Fan âlds wie de hannel tige wichtich, mei't Sansibar op krúspunt fan hannelrûtes lei. Yn 'e njoggentjinde iuw gie it dêrby fral om 'e hannel yn ivoar en slaven. Doe't tsjin 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw ûnder swiere druk fan 'e Britten it near op 'e slavehannel lein waard, belune Sansibar yn wichtigens. It behold lykwols syn posysje as produsint fan krûdnagels en oare speserijen, wêrûnder nútmuskaat, kaniel en piper. Fanwegen dy lânbouprodukten waarden de Sansibareilannen doedestiden ek wol oantsjut as de Speserij-eilannen, hoewol't dy namme yn 'e regel brûkt waard foar de Molukken, yn Nederlânsk-Ynje.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens in skatting fan 1 jannewaris 1964 hie it Sultanaat Sansibar doe likernôch 300.000 ynwenners. De befolkingstichtens bedroech 113,2 minsken de km². Fan 'e befolking bestiene 230.000 minsken, oftewol 76,7%, út lânseigen swarte Afrikanen, dy't etnyske Swahily wiene. Guon dêrfan bewearden ôf te stammen fan 'e Perzen en waarden pleatslik oantsjut as Sjirazy. Fierders bestiene der oansjenlike minderheden fan likernôch 50.000 etnyske Arabieren (16,7%) en 20.000 Ynjers (6,7%). Foar it oergrutte part bestie de Sansibareeske befolking út moslims.
It Sultanaat Sansibar wie lange tiid in klassemaatskippij op etnyske basis: de Arabieren foarmen as grutgrûnbesitters de hegerein, de Ynjers behearsken de hannel, en de Swahily wiene de sljochtwei arbeiders. Tsjin 'e tiid dat it lân ûnôfhinklik waard, wiene de skiedslinen tusken de etnisiteiten lykwols begûn te ferdizenjen, en histoarisy binne fan betinken dat der mei noch in fearnsiuw net folle fan it ûnderskie mear oer west hie. Oan dy stadige ûntwikkeling waard lykwols abrupt in ein makke troch de steatsgreep fan jannewaris 1964, dy't folge waard troch in etnyske suvering wêrby't de grutte mearderheid fan 'e Arabieren en in oansjenlik part fan 'e Ynjers fan 'e eilannen ferdreaun waard.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Autonome Republyk Sansibar
- Folksrepublyk Sansibar en Pemba
- Sansibareilannen
- Sansibar (eilân)
- Sansibar (stêd)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.
|