Stedhuzen yn Fryslân
Appearance
Stedhuzen yn Fryslân jout in oersjoch fan de stedhuzen fan de Fryske Alve stêden.
Eardere stedhuzen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch de gemeentlike weryndieling fan 1984 binne inkele stedhuzen net mear yn gebrûk as stedhûs. De stêden Hylpen, Starum en Warkum meitsje sûnt 1984 diel út fan de gemeente Nijefurd. It stedhûd fan Warkum waard gemeentehûs. De twa oare stedhuzen krigen in oare bestimming. Stêd en gemeente Sleat gie yn 1984 op yn de gemeente Gaasterlân-Sleat, wêrfan it gemeentehûs yn Balk stiet. It stedhûs fan Sleat is no in museum. It stedhûs fan Dokkum waard gemeentehûs fan Dongeradiel.
Waachfunksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In de stedhuzen fan Boalsert en Hylpen siet ek in waach.
Monumint
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It stedhûs fan Frjentsjer stiet yn de Top 100 fan de Nederlânske UNESCO-monuminten.
Stedhuzen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Stêd | Stedhûs | Jier | Ofbyld |
---|---|---|---|
Boalsert | Stedhûs fan Boalsert | 1617 | |
Dokkum | Stedhûs fan Dokkum | 1610 | |
Drylts | Stedhûs fan Drylts | 1859 | |
Frjentsjer | Stedhûs fan Frjentsjer | 1591 | |
Harns | Stedhûs fan Harns | 1730 | |
Hylpen | Stedhûs fan Hylpen | 1683 | |
Ljouwert | Stedhûs fan Ljouwert | 1720 | |
Sleat | Stedhûs fan Sleat | 1761 | |
Snits | Stedhûs fan Snits | 1550 | |
Starum | Stedhûs fan Starum | 1880 | |
Warkum | Stedhûs fan Warkum | 15e iuw 1727 |
Stedhuzen yn Fryslân | ||
---|---|---|
Boalsert • Dokkum • Drylts • Frjentsjer • Harns • Hylpen • Ljouwert • Sleat • Snits • Starum • Warkum | ||
· · |