Springe nei ynhâld

Coruscant

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Stêd fan de Republyk)
De planeet Coruscant.

Coruscant (útspr.: [ˈkɒɹəsɑːnt], likernôch: "kor-rus-saant") is in fiktive planeet út 'e Star Wars-franchise, dy't bekend waard út 'e Star Wars-prequeltrilogy (1999-2005). It is it sintrum fan it Stjerrestelsel en teffens it bestjoerssintrum fan sawol de Galaktyske Republyk as it Galaktysk Keizerryk. Coruscant waard yntrodusearre yn 'e roman Heir to the Empire, fan Timothy Zahn, út 1991, en waard foar it earst op it wite doek werjûn yn 'e special edition út 1997 fan Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (mar net yn 'e oarspronklike ferzje fan dy film út 1983). De namme 'Coruscant' is yn it Star Wars-hielal ôflaat fan in seldsume en kostbere ealstien, de corusca. Yn it echt is de namme basearre op it Latynske coruscant, dat "triljend" en "glinsterjend" betsjutte kin, fan it tiidwurd coruscare. Coruscant is ek in Frânsk eigenskipswurd, dat ek "glinsterjend" betsjut, mar teffens ferwize kin nei in dekadinte en ûnnedich komplekse (labirintyske) taal, mienskip of organisaasje.

Coruscant wurdt omsirkele troch fjouwer moannen: Centax-I, Centax-II, Centax-III en Hesperidium. It is ien fan alve ûnderskate planeten yn it planetestelsel mei deselde namme. De oaren binne: de teskroeiend hjitte terrestryske planeten Revisse, Platoril, Vandor-I en Vandor-II, de bewenbere terrestryske planeet Vandor-III, de gasreuzen Muscave en Stentat en de iisplaneten Improcco, Nabatu en Ulabos. Tusken Improcco en Nabatu befynt him in planetoïdegurdle (de Covey) en bûten de baan fan Ulabos is de OboRin-kometekluster (in soarte fan Oortwolk). De sinne fan it stelsel hjit Coruscant-Primus. It planetestelsel befynt him yn 'e subsektor Coruscant fan 'e sektor Coruscant, dy't diel útmakket fan 'e saneamde Kearnwrâlden fan it Stjerrestelsel.

De planeet Coruscant hiet histoarysk Notron of de Keninginne fan 'e Kearn, foar't er Coruscant kaam te hjitten. Under it Galaktysk Keizerryk waard de planeet tydlik omneamd ta it Keizerlik Sintrum (lykas werjûn yn 'e oarspronklike Star Wars-trilogy) en nei de ynvaazje fan 'e Yuuzhan Vong kaam er tydlik Yuuzhan'tar te hjitten (lykas werjûn yn 'e New Jedi Order-romansearje). Yn 'e Kloane-oarloggen hie Coruscant de koadenamme Trijeris Nul, nei syn galaktyske koördinaten 0-0-0. De haadstêd fan Coruscant waard teminsten yn 100.000 f.Sl.Y. stifte of mooglik noch earder, en hiet oarspronklik de Galaktyske Stêd. Letter, ûnder de Galaktyske Republyk, kaam er de Stêd fan 'e Republyk te hjitten, of ek wol de Stêd fan 'e Tuorren, en ûnder it Galaktysk Keizerryk de Keizerlike Stêd. Meitiid groeide de haadstêd oant er it hiele planeetoerflak oerdiek en synonym waard mei de planeet.

Coruscant tsjinnet as it sintrum fan alle sosjaal-ekonomyske, kulturele, akademyske, wittenskiplike, politike en militêre aktiviteit yn it Stjerrestelsel. De planeet hat in befolking fan 2 biljoen persoanen, dêr't minsken 68% fan útmeitsje. It is wierskynlik de thúswrâld fan 'e minskheid yn it Star Wars-hielal, hoewol't men dêrfoar sa fier tebek yn 'e skiednis moat dat it net mear sekuer nei te gean falt, mei't minsken har al ier yn 'e ûntjouwing fan it Stjerrestelsel nei de oare Kearnwrâlden ferspraten. Troch de posysje fan it planetestelsel fan Coruscant foar it galaktysk sintrum oer en de behearsking troch Coruscant fan alle wichtige hannelsrûtes yn it Stjerrestelsel, is Coruscant de rykste en ynfloedrykste planeet út it Star Wars-hielal.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

planeten út Star Wars
Ahch-To • Alderaan • Bespin • Cantonica • Cereä • Champala • Christophsis • Corellia • Coruscant • Crait • Dagobah • Dathomir • Dorin • D'Qar • Eadu • Endor • Exegol • Geonosis • Glee Anselm • Hoth • Iktotch • Iktotchon • Iridonia • Jakku • Jedha • Kalee • Kamino • Kashyyyk • Kef Bir • Kessel • Kijimi • Lah'mu • Lannik • Malastare • Mandalore • Mimban • Mirial • Mon Cala • Mustafar • Naboo • Nal Hutta • Nar Shaddaa • Neimoïdia • Pasaana • Quermia • Ryloth • Savareen • Scarif • Shili • Takodana • Tana • Tatooine • Thisspias • Tholoth • Toydaria • Utapau • Vandor • Yavin