Springe nei ynhâld

Sonnegea

Ut Wikipedy
Sonnegea
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Weststellingwerf
Sifers
Ynwennertal 240 (1 jannewaris 2023)[1]
Befolkingsticht. 5,99 km², wêrfan:
- lân: 5,93 km²
- wetter: 0,06 km²
Stêdekloft 41 ynw. / km²
Oar
Postkoade 8578
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 52' N 5° 57' E
Offisjele webside
Side sonnegea-Aldetrine
Kaart
Sonnegea (Fryslân)
Sonnegea

Sonnegea (Stellingwerfsk: Sunnege) is in doarp yn de gemeente Weststellingwerf, krekt súdwest fan Wolvegea. It doarp foarmet mei it twillingdoarp Aldetrine in lang lintdoarp.

Sonnegea hat 240 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Tsjerke fan Sonnegea
Jacob Stellingwerf (1722)

Wis is dat der yn de 15e iuw al in tsjerkje stie. Oft der doe ek al in klokkestoel wie is net bekend. De tsjerke waard yn 1722 tekene troch Jacob Stellingwerf en nei alle gedachten yn de twadde helte fan de 18e iuw ôfbrutsen.

Jacob Noteman út Ljouwert hie yn 1644 in nije klok getten. Dy klok waard yn de Twadde Wrâldkriich troch de Dútsers foardere en omraand. Nei de oarloch sammele de befolking jild yn foar it jitten fan in nije klok. Oant 1989 stie op it tsjerkhôf in izeren klokkestoel út 1912, dy't doe in houten klokkestoel út 1858 ferfong. Yn 1989 waard de hjoeddeiske houten klokkestoel boud. Ek waard doe in nije klok getten.

It doarpssintrum is yn 'e mande mei Aldetrine en underbrocht yn de eardere herfoarme tsjerke fan Aldetrine. Sonnegea-Aldetrine hat in histoaryske wurkgroep.

De mienskiplike skoalle mei Aldetrine hjit De Lantscheene, dat lângrins of doarpsgrins betsjut. De iepenbiere skoalle stiet yn Aldetrine. Yn 2023 makke de gemeente bekend dat fanwegen brek oan bern de skoalle sletten wurdt.[3][4]

It doarp hat in maneezje mei de namme "Caprilli". Om de twa jier wurdt de grutte Stuyvesant-Kuiertocht holden.

  • Toanielferiening 'Samen Een'
  • Jagersferiening

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1973 2007 2013 2021
Ynwenners 210 335 312 296 284 249 243 236 245
Pleats oan de Sonnegeawei
  • Jan Boonstra, Henk Spijker, Grietje Postma: "Sonnega-Oldetrijne"

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Skiednis is ôfkomstich fan in publikaasjeboerd by de klokkestoel fan Sonnegea (2023)

Weststellingwerf
Doarpen en útbuorrens:
AldeholtpeaAldeholtwâldeAldetrineAldlemmerBlesdikeDe BlesseBoylEasterstreekFinkegeaDe HoeveDe LangelilleMunnikebuorrenNijeholtpeaNijeholtwâldeNijetrineNijlemmer • NoardwâldePepergeaSânhuzenSkerpenseelSlikenboarchSonnegeaSpangeaSteggerdaTeridzertWolvegea
Buorskippen:
BoekelteDe GrêftRysberkampenSkoattersyl (foar in part)
· · Berjocht bewurkje