Springe nei ynhâld

Sint-Sevearustsjerke (Erfurt)

Ut Wikipedy
Sint-Sevearustsjerke
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Tueringen
plak Erfurt
koördinaten 50° 58' N 11° 1' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Erfurt
patroanhillige Sevearus fan Ravenna
Arsjitektuer
boujier 1270-1327
boustyl gotyk
Webside
st-laurentius-erfurt.de
Kaart
Sint-Sevearustsjerke (Tueringen)
Sint-Sevearustsjerke

De Sint-Sevearustsjerke (Dútsk: St. Severikirche) is in roomsk tsjerkegebou yn 'e Tueringske stêd Erfurt. It tsjerkegebou stiet tegearre mei de oan Marije wijde domtsjerke op 'e domheuvel fan Erfurt. Oan beide tsjerken wie eartiids in stift ferbûn, dy't yn 1803 mei de sekularisaasje opheft waarden.

De tsjerke is de filiaaltsjerke fan 'e Sint-Laurentiusparochy yn it dekanaat Erfurt fan it bisdom Erfurt.

De tsjerke yn 'e iere midsiuwen.

Op it plak fan 'e hjoeddeiske tsjerke stie in âldere, oan 'e apostel Paulus wijde tsjerke. By opgravingen yn 'e jierren 1960-1961 noard fan 'e tsjerke koene dêrfan lykwols gjin resten mear fûn wurde. Dêrmei bliuwt it in iepen fraach wannear't en troch wa't dy tsjerke oprjochte waard. Foar in part wurdt de stifting mei Sint-Bonifatius ferbûn. Wis is dat de kronykskriuwer Hogel in Blasiuskapel neamde, dy't op dat plak yn it jier 524 boud wêze soe. Yn it jier 708 soe it Benediktynske nonnekleaster Sint-Paulus stifte wêze.

Yn it jier 836 liet aartsbiskop Otgar fan Mainz (826-847) de bonken fan 'e hillige Sevearus nei it Sint-Pauluskleaster fan Erfurt bringe. De tsjerke hie yn 'e 9e iuw nei alle gedachten twa patroanhilligen: Sint-Paulus en Sint-Sevearus. Neffens in net alhiel betroubere oerlevering waard oan it kleaster yn 935 in kollegiaal stift ferbûn.

Romaanske bou.

Dêrnei duorret it wer oant 1079 dat der sprake is fan 'e Sevearustsjerke. By de oermastering fan 'e stêd troch Hindrik IV waard de tsjerke, tagelyk mei de minsken dy't dêryn flechte wienen, yn 'e brân stutsen. Nei de brân waarden de resten ôfbrutsen om in nije, mar lytsere tsjerke op itselde plak te bouwen.

De Marijedom en de Sevearustsjerke op 'e domberch.

It koarhearenstift oan 'e Sint-Sevearustsjerke wurdt yn 1121 foar it earst yn in dokumint neamd. Njonken it 200 jier âldere Marijestift wie it Sevearusstift dus it twadde sift op 'e domberch. Ek stie der noch in Benediktynsk nonnekleaster op 'e domberch, dat ek fan 'e Sevearustsjerke gebrûk makke. Njonken al dy gebouwen stie east fan 'e tsjerke op 'e domberch it kastiel fan aartsbiskop Adalbert fan Mainz (1109–1137). Om 't it yntusken wol drok waard op de relatyf lytse domberch, naam aartsbiskop Adalbert it beslút om it Benediktynske nonnekleaster Sint-Paulus yn 1123 nei de Syriakusberch yn it súdwest fan 'e stêd te ferhûzjen.

Yn 1142 waarden de Sevearustsjerke, it stift, it kastiel fan 'e biskop en it Petruskleaster op 'e Petrusberch troch brân ferneatige. De werbou fan 'e tsjerke fûn nei alle gedachten oant 1148 plak of mooglik, wat oannimliker is, fûn der allinne mar reparaasjes plak. It grûnplan fan it romaanske tsjerkegebou falt oan it hjoeddeiske gebou noch ôf te lêzen. It wie in trijeskippige basilyk mei twa transepten en in westlik en in eastlik koer. It eastlike koer waard troch twa tuorren flankearre.

Heechgoatyske nijbou

Yn 1238 waard yn in ôflaat skreaun oer nijbouplannen, dêr't yn 'e jierren 1270 mei útein set waard. Neffens de boarnen drige de tsjerke yn in ruïne te ferfallen. De ôflaten betsjutten ek dat de nijbou in bysûnder yndrukwekkende tsjerke wurde moast. Tanksij it grutte tal ôflaten is der hjoed-de-dei in soad ynformaasje beskikber oer it einen fan 'e bou. Yn 1308 waard it nije heechalter ynwijd en dêrmei is dúdlik dat yn alle gefallen de eastlike dielen, it koer en it eastlike dwersskip foltôge wiene. Yn 1327 soe it tsjerkeskip en fiif jier letter de hiele tsjerke foar it grutste diel klear wêze. In pear berjochten wize op 'e earste reparaasjes nei in bliksemynslach yn 1327, wêrby 't ferskillende minsken omkamen, itjinge betsjutte kin dat de tsjerke yn dy tiid al brûkt waard.

Echt foltôge wie de tsjerke nei alle gedachten pas healwei de 14e iuw, om't yn 'e jierren 1360 in hiele rige alters skonken waarden. It grutte oantal alters, it oantal fikarissen en de skinking fan heechgoatyske bylden tsjutte op 'e grutte wolstân fan Erfurt. Om 1370 hinne folge mei it ynbringen fan 'e ferwulften de ein fan 'e wurksumheden. Tusken 1370 en 1380 ûnstiene tusken de kapittels fan 'e twa stiften op 'e domberch ferskillende kearen strideraasjes oer de grinzen fan 'e beide stiften en de (tusken 1358 en 1363 oan 'e súdkant boude) Blasiuskapel. It duorre oant 1387 dat it skeel bylein waard. De Blasiuskapel, dy't mei de steunbearen it grûngebiet fan 'e Marijetsjerke skeinde, moast ferboud wurde. Stiennen moasten tenei de grins tusken de beide tsjerken oanjaan, ek op de Blasiuskapel en dat wurk waard noch foar 1429 útfierd.

Ferwulft.

De Sevearustsjerke waard in fiifskippich, fjouwer traveeën lange tsjerke mei in eastlik en westlik dwersskip. It romaanske grûnplan bleau bewarre en mooglik waarden sels de âlde fûneminten by de nijbou op 'e nij brûkt. Sawol yn it noarden as yn it suden wie in sydskip tafoege, sadat de hiele tsjerke deselde breedte as de dwersskippen krige. De ferwulften út likernôch 1370 lykje like heech te wêzen, itjinge de ienheid yn 'e tsjerke te'n goede komt. Op it romaanske grûnplan ûntstie sa yn 'e heechgotyk in foar dy tiid noch ûngewoan type tsjerkegebou, dat pas yn 'e 15e iuw mei de letgoatyske halletsjerken in soad yn 'e tsjerkebou tapast waard. De twa ferdjippings tellende Marijekapel oan 'e noardlike kant waard tagelyk mei de tsjerke en de foarbou fan it portaal fan it haadportaal boud (it byld fan Marije mei it Bern datearret fan 1360-1370).

Letgoatyske ferbouwing
Skylddak.

De slimme stedsbrân fan 19 juny 1472 feroarsake grutte feroaringen yn 'e arsjitektuer fan 'e Sevearustsjerke. By dy brân gyngen de klokketuorren, klokken, oargels, it hiele dak, it westlike koer mei de kleastergong en dielen fan it ferwulft ferlern. Oant 1500 waard wurke oan 'e werbou en dêrnjonken waarden in nije sakristy en kapittelseal boud. Fan dy tiid datearret it ûnbidich grutte skylddak (1472-1473) en it hjoeddeiske oansjen fan it eastlike ein mei de trije tuorren.

Ek de heechgoatyske flanktuorren fan it koer gyngen ferlern en waarden rekonstruearre, mar krigen dêrby yn 1495 de hjoeddeiske slanke, ynsnuorre spitsen. De hegere middentoer mei de klokkestoel waard doe foar it earst boud en syn ynsnuorre spits wurdt op 1494 datearre. It westlike koer waard tegearre mei de oanslutende gebouwen foar de kleastergong ôfbrutsen en op dat plak ûnstie oant 1495 in Krúskapel mei twa ferdjippings.

Marijealter (1510).

It letgoatyske Marijealter (1510) yn it noardlike sydskip wurdt ta de Saalfelder Skoalle taskreaun. Yn 'e skryn, it kasteftige middenstik, wurdt in troanende Marije flankearre troch de bylden fan Barbara (mei tsjelk) en Katarina (mei swurd). De reliëfs op 'e súdfleugels toane de hillige Ursula (mei pylk en boek) en Marije Magdalena (mei it salvefet). Yn 'e sletten stân is de Ferkundiging te sjen.

Klausuergebouwen

Alhoewol't yn âlde dokuminten twaris (yn 1317 en 1363) oer in kleastergong skreaun wurdt, wurdt der fan útgien dat de goatyske Sevearustsjerke nea in folsleine klausuer hân hat. Dêr wie eins allinne oan 'e noardlike kant plak foar, mar resten dêrfan binne nea fûn. As kapittelseal (locus capitularis) tsjinne nei alle gedachten in romte yn 'e tsjerke sels. Yn 1386 hie it kapittel dêr syn gearkomste, yn it jier dêrnei wurdt it plak sels beskreaun as in romte yn it eastlike travee fan it noardlike sydskip, fuort west fan it noardlike transept. Foar tsjerketsjinsten en gearkomsten gyngen de koarhearen troch it noardlilke haadportaal, wylst de súdlike haadyngong foar de leken tsjinne.

Nei de brân fan 1472 waard oan 'e westkant fan 'e tsjerke en foar de súdwesthoeke in koeromgong boud. Mooglik waard der ek allinne in âldere bou sûnder grutte feroarings rekonstruearre. Yn 1485 waard in nije (en yn 1818 ôfbrutsen) sakristy en in kapittelseal oan 'e noardkant fan 'e tsjerke boud. Tsien jier letter folge de foltôging fan in nije kleastergong.

De tsjerke en it stift yn lettere tiid
Barok heechalter.

Yn 1633 oermasteren Sweedske troepen de Sevearustsjerke, dy't it tsjerkegebou oerdroegen oan 'e protestanten. Dy brutsen it heechalter ôf en ferhûzen de preekstoel. Al yn 1635 krigen de katoliken de tsjerke werom. De protestantske feroarings waarden werom draaid en yn 'e jierren 1670 krige de tsjerke in nij barok haadalter. Lykas it Marijestift op 'e domberch waard ek it Sevearusstift mei de sekularisaasje fan 1803 opheft.

Yn 'e Frânske tiid beaën de Frânsen yn 1811 de tsjerke yn in útjefte fan Erfurt Intelligenzblatt oan foar de ôfbraak. Om't der gjin keapers op ôf kamen, bleau de tsjerke dat lot besparre. De Frânske besetters brûkten de tsjerke yn 'e jierren 1813-1814 as lazaret mei 't in soad soldaten tyfus oprûnen. Yn 'e tiid fan it belis fan Erfurt waarden yn 'e oanbuorjende kelders en ûndergrûnske gongen it grutte tal deaden burgen.

Sûnt 1834 waard útein set mei de restauraasje fan 'e Marijekapel en yn 1845 folge de renovaasje fan 'e hiele tsjerke. De doe makke beskilderingen binne yn 'e jierren 1928-1929 wer ferwidere.

Yn 'e Twadde Wrâldkriich hie de tsjerke net te lijen fan grutte skea.

Tusken 1970 en 1980 waarden it tek en it ynterieur renovearre. Yn 'e jierren 1993-1995 folge de restauraasje fan 'e súdwestlike kleastergong.

Oargel

It oargel waard yn 1930 troch Johannes Klais út Bonn boud. De bou fan it nije ynstrumint fûn plak efter de barokke oargelkas. It ynstrumint hat kegelladen en elektropneumatyske toan- en registertraktueren.

De klokken binne foar in part histoarysk. De klankfolle Osanna út 1494 is de grutste klok. Geart fan Wou geat de Vincentia. De Alte Martha út 1475 is yn 1987 restaurearre.

Sarkofaach
Sarkofaach fan Sint-Sevearus.

De bonken fan 'e Sint-Sevearus fan 'e tsjerke waarden yn 836 troch aartsbiskop Otgar ynearsten nei Mainz en letter nei Erfurt brocht. Nei alle gedachten waarden se yn it westlike diel fan it westlike koer fan 'e tsjerke byset. Mei de nijbou fan 'e tsjerke waard ek in nij grêfmonumint needsaaklik, dat op in sintraler plak (nei alle gedachten by it westlike koer) opsteld waard. By de brân fan 1472 waard it westlike koer ferneatige. Dêrnei waard it grêfmonumint ôfbrutsen. De sydplaten krigen earne oars in plak yn 'e tsjerke en de orizjinele plaat wêrmei't de sarkofaach ôfdutsen waard, ferhûze as opset foar it Sevearusalter yn it súdlike dwersskip. De dielen waarden yn 1948 wer gearfoege en op it hjoeddeiske plak opsteld. Yn 1982 waard dêr in ôfjitsel fan 'e ôfdekplaat by foege.

De sarkofaach is ien fan 'e belangrykste keunstwurken yn 'e tsjerke. De fjouwer reliëfplaten binne tusken 1360 en 1370 makke. De heechreliëfs byldzje foarstellings út it libben en wurk fan 'e hillige Sevearus en de Oanbidding fan 'e Keningen út neffens it foarbyld yn 'e Neurenberchske Sint-Laurentiustsjerke. Tocht wurdt dat de ôfsûnderike dielen earst in skoft nei it meitsjen derfan ta in tombe gearfoege binne en dêrfoar, apart of yn in gearstalling (lykas in part fan in doksaal) yn 'e tsjerke stiene.

Reliëf aartsingel Michael.
Aartsingel Michael.

It albaster reliëf fan 'e aartsingel Michael ferhûze yn 1938 nei de súdlike muorre fan it eastlike dwersskip. Foar dy tiid siet it keunstwurk yn 'e noardlike muorre fan it koer. It reliëf waard yn 1467 troch in ûnbekende byldhouwer makke. Syn wurk (lykas in albaster byld fan Mauritius yn 'e domtsjerke fan Maagdeburch en in Madonna yn 'e Fransiskanertsjerke yn Halberstadt) ûnderskiedt him yn 'e realistyske foarstelling fan it gesicht en it lichem en de detaillearde útwurking fan it keunstwurk.

Bonifatiuskapel

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Bonifatiuskapel noardeast fan it koer is in rjochthoekige, diels noch romaanske 12e-iuwske toer, dy't oarspronklike nei alle gedachten by it aartsbiskoplike kastiel hearde. Nei alle gedachten waard de toer yn 'e 14e iuw by it ynsetten fan it maaswurkfinster oan 'e westkant ta in kapel ferboud. It skylddak en de dakruter binne 17e-iuwsk.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [Severikirche (Erfurt) Einzelnachweise, op dizze side].