Sansibar (stêd)
Sansibar | ||
Bestjoer | ||
Lân | Tanzania | |
Aut. republyk | Sansibar | |
Regio | West-Sansibar | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 206.292 (2002) | |
Hichte | ±3 m | |
Oar | ||
Stifting | Midsiuwen | |
Tiidsône | UTC +3 | |
Simmertiid | gjint | |
Koördinaten | 6°09′54″S 39°11′56″E | |
Kaart | ||
Lizzing yn Tanzania.
|
Sansibar is de grutste stêd en teffens it bestjoerlik sintrum fan 'e autonome republyk Sansibar, dy't diel útmakket fan 'e Feriene Republyk Tanzania. De stêd leit op it eilân Sansibar, dat ta de Sansibareilannen heart, in arsjipel yn 'e Yndyske Oseaan foar de Swahilykust fan East-Afrika. Sansibar-Stêd leit oan in natuerlike baai oan 'e westkust fan it eilân, oan it Kanaal fan Sansibar, in seestrjitte dy't it eilân fan it Tanzaniaanske fêstelân skiedt. Neffens gegevens fan 'e Tanzaniaanske folkstelling fan 2002 hie Sansibar-Stêd doe goed 206.000 ynwenners.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd Sansibar bestiet út twa dielen: Stone Town (Swahily: Mji Mkongwe), it histoaryske sintrum, en Ng'ambo (letterlik: "Oare Kant"). De beide stedsdielen waarden foarhinne skaat troch in beekje, wêrfan't it eardere bêd no oanjûn wurdt troch in brede strjitte mei de namme Creek Road. Stone Town, mei syn smelle steechjes en syn âlde fêstingwurken, waard yn 2000 opnommen yn 'e wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO. Ng'ambo is folle grutter en folle moderner. Sansibar-Stêd is bestjoerlik opdield yn 40 wards of wiken.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd Sansibar waard yn 'e Midsiuwen stifte troch Perzyske keaplju. Fan 1504 oant 1698 wiene de Sansibareilannen yn 'e hannen fan 'e Portegezen, dy't yn Sansibar-Stêd in hannelsdepot ûnderholden. De earste stiennen gebouwen en it Alde Kastiel fan Sansibar waarden omtrint 1700 troch de Omaanske Arabieren boud nei't dy de Portegezen ferdreaun hiene. Yn 1746 krige de stêd in Arabysk garnizoen. Yn 'e njoggentjinde iuw wie Sansibar ien fan 'e wichtichste en ynfloedrykste hannelssintra yn East-Afrika, en waarden der benammen speserijen, ivoar en slaven ferhannele. Yn 1832 ferpleatste sultan Saïd bin Sûltan syn hof fan Omaan nei Sansibar-Stêd, dat doe de haadstêd fan it Omaanske Ryk waard.
Nei it ferstjerren fan Saïd bin Sûltan, yn juny 1856, waard er opfolge troch twa fan syn soannen, dy't it Omaanske Ryk midstwa spjalten: Tûwaini bin Saïd waard sultan fan Maskate en Omaan, wylst syn broer Madjyd bin Saïd hearsker oer it no selsstannige Sultanaat Sansibar waard. Neitiid bleau Sansibar noch seis jier lang ferbûn mei Omaan, mar nei de moard op syn broer Tûwaini wegere Madjyd yn 1862 noch langer om by te dragen oan 'e Omaanske skatkiste, en waard Sansibar folslein ûnôfhinklik, mei Sansibar-Stêd op 'e nij as haadstêd.
Yn 1873 waard ûnder swiere Britske druk it near lein op 'e slavehannel. Yn 1883 waard it saneamde Hûs fan 'e Wûnders deunby de stêd boud, dat de residinsje fan 'e sultans fan Sansibar waard. Nei't de Dútsers yn 1890 by it Hilgelân-Sansibar-ferdrach harren oanspraken op Sansibar opjûn hiene, waard it sultanaat noch datselde jiers in Britsk protektoraat. Hoewol't Sansibar yn namme soeverein bleau, lieten de Britten yn 1896 by de koarte Sansibaroarloch merke wa't de wiere machthawwers wiene. It jiers dêrop waard de slavernij yn Sansibar ôfskaft.
Yn 1905 fûn der in útbraak fan 'e pest yn 'e stêd plak. Under de Earste Wrâldoarloch brocht it Dútske oarlochsskip de SMS Königsberg it Britske skip de HMS Pegasus yn 'e haven fan Sansibar ta sinken. Fan likernôch 1957 oant 1963 waarden der demokratyske herfoarmings trochfierd yn it sultanaat, foarútrinnende op 'e oansteande dekolonisaasje. Op 10 desimber 1963 waard Sansibar ûnôfhinklik as in konstitúsjonele monargy. In moanne letter, op 12 jannewaris 1964, waard yn Sansibar-Stêd in bloedige steatsgreep útfierd troch leden fan 'e Afro-Sjirazy Partij (ASP), wêrby't Djamsjyd bin Abdûlla, de lêste sultan fan Sansibar, ôfset waard mank in protte bloedferjitten. De tûzenen slachtoffers wiene oer it algemien Sansibarezen fan Arabysk en Yndiaask komôf, en neitiid waard der in etnyske suvering trochfierd wêrby't hast alle Arabieren en in grut part fan 'e Yndiaaske mienskip út 'e stêd en fan 'e eilannen ferdreaun waarden.
Sansibar-Stêd waard no de haadstêd fan 'e Folksrepublyk Sansibar en Pemba, dy't lykwols mar in koart libben beskern wie, en yn april 1964 ûnder ynternasjonale druk in uny oangie mei it gruttere en polityk stabilere Tanganjika, op it Afrikaanske fêstelân. De resultearjende nije steat wie de Feriene Republyk Tanzania. Sansibar krige binnen it steatsbestel dêrfan de status fan autonome republyk taparte, mei Sansibar-Stêd as bestjoerlik sintrum. Yn 1972 waard Abeid Karume, de politikus dy't Sansibar de uny mei Tanganjika ynloadst hie, yn Sansibar-Stêd fermoarde.
Fan 'e 1980-er jierren ôf waard der in ekonomyske liberalisaasje trochfierd, en yn 1992 waard yn Tanzania in polityk mearpartijestelsel ynfierd. Yn 2000 waard Stone Town, de histoaryske binnenstêd fan Sansibar, op 'e wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO pleatst. Fan 21 maaie oant 19 juny 2008 foel de stroom yn Sansibar út, wat foar grutte swierrichheden soarge. Yn augustus 2013 rekken twa achttjinjierrige Britske ûntwikkelingswurksters, Katie Gee en Kirstie Trup, yn Sansibar-Stêd ferwûne by in soeroanfal troch manlju op in motorfyts. Yn juny 2014 fûn der in bomoanslach op in moskee yn 'e stêd plak.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens gegevens fan 'e Tanzaniaanske folkstelling fan 2002 hie de stêd Sansibar doe 206.292 ynwenners. Foar de oergrutte mearderheid bestiet de befolking út etnyske Swahily, hoewol't der ek in Yndiaaske mienskip is en in lyts tal etnyske Arabieren dy't de ferfolging nei de steatsgreep fan 1964 trochstien hawwe of letter weromkeard binne. Fierders libje yn 'e stêd ek leden fan ferskate etnyske groepen fan it Tanzaniaanske fêstelân.
Berne yn Sansibar-Stêd
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Zakia Meghji (1946), politika
- Freddie Mercury (1946-1991), sjonger
- Amani Abeid Karume (1948), politikus
Stoarn yn Sansibar-Stêd
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Tippu Tip (1837-1905), keapman, plantaazje-eigner en ûntdekkingsreizger
- Abeid Karume (1905-1972), politikus
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sansibar leit yn 'e tropen, en de stêd hat sadwaande in tropysk klimaat, mei frijwol gjin ferskil tusken simmers en winters. Mei't Sansibar op it súdlik healrûn leit, falt de 'winter' trouwens tusken juny en septimber. Yn febrewaris, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 32,8 °C, en yn july, de kâldste moanne, is dat 28,6 °C. Sansibar-Stêd kriget jiers trochinoar 1.684 mm delslach.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|