Springe nei ynhâld

Suden (Feriene Steaten)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Súdlike Feriene Steaten)
It Suden neffens de definysje fan it Amerikaanske Folkstellingsburo. Histoarysk sjoen wurdt ek de steat Missoery, dy't neffens it Folkstellingsburo ta it Midwesten heart, ta it Suden rekkene.

It Suden, it Amerikaanske Suden, de Súdlike Feriene Steaten, Dixieland of Dixie is in ynformele geografyske regio fan 'e Feriene Steaten. Under dizze oantsjutting wurde neffens de (moderne) definysje fan it Amerikaanske Folkstellingsburo de steaten Delaware, Marylân, Firginia, West-Firginia, Kentucky, Tennessee, Noard-Karolina, Súd-Karolina, Georgia, Floarida, Alabama, Mississippy, Louisiana, Arkansas, Teksas en Oklahoma beflapt. Histoarysk sjoen heart ek de steat Missoery ta it Suden, al hat it Folkstellingsburo dy yndield by it Midwesten. Oklahoma wurdt histoarysk dan faak wer net ta it Suden it Suden rekkene. It "Suden" is mear in kultureel as in geografysk begryp, en it komt dan ek net oerien mei it geografyske suden fan 'e Feriene Steaten. Arizona en Nij-Meksiko, steaten dy't dúdlik yn it geografyske suden lizze, wurde nea ta it Suden rekkene, wylst Firginia en West-Firginia, dy't geografysk sjoen yn it easten fan it lân lizze, der altyd by yndield wurde.

Underferdieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Amerikaanske Folkstellingsburo dielt it Suden op yn trije lytsere ienheden:

It plattelân fan noardlik Louisiana.

Fierders sprekt men ek faak oer it Djippe Suden; dat is in ynformele term wêrfan't de begrinzgings fariëarje, mar dy't yn elts gefal Louisiana, Mississippy, Alabama, Georgia en Súd-Karolina omfiemet. Soms wurde dielen fan oanswettende steaten meirekkene, lykas East-Teksas en noardlik Floarida.

Under oarspronklike trettjin Britske koloanjes dy't har selsstannigens wûnen yn 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch, wiene seis Súdlike steaten: Delaware, Marylân, Firginia, Noard-Karolina, Súd-Karolina en Georgia. Yn 'e njoggentjinde iuw ûnderskate it Suden him fan 'e rest fan Feriene Steaten (it saneamde Noarden) troch it behâld fan it ynstitút fan 'e slavernij. De negerslaven wiene yn it Suden nedich om 'e oars ûnrindabel grutte katoen- en tabaksplantaazjes fan harren blanke eigners te bewurkjen.

De hiele ekonomy fan it Suden wie talein op fral de produksje fan katoen, en dêrtroch kaam it gebiet geandewei de iuw almar mear yn botsing mei it yndustriële Noarden, dat hiele oare prioriteiten hie. Sa woe it Noarden dat de yn- en útfier beheind waard om 'e eigen fabriken te beskermjen tsjin bûtenlânske konkurrinsje, wylst it fan eksport ôfhinklike Suden krekt net sûnder frije hannel koe. Teffens bestie der ûniennichheid oer de rjochten fan 'e ôfsûnderlike steaten foar de macht fan it federale regear oer. De strideraasje kaam úteinlik ta in útbarsting yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch, wêrby't de steaten Firginia, Tennessee, Noard-Karolina, Súd-Karolina, Georgia, Floarida, Alabama, Mississippy, Louisiana, Arkansas en Teksas har tusken 1861 en 1865 besochten ôf te skieden ûnder de namme fan 'e Konfederearre Steaten fan Amearika (of koartwei de Konfederaasje).

De rivier de Cherry yn West-Firginia.

Dat slagge úteinlik net, en om't de Noardlike presidint Abraham Lincoln ûnder de oarloch yn it hiele lân de slavernij ôfskaft hie, waard it Suden neitiid yn in djippe ekonomyske krisis stoarten. Under it folgjende Tiidrek fan de Weropbou krigen de befrijde slaven it kiesrjocht en wisten se earst bloeiende mienskippen te stiftsjen, mar al rillegau kearde foar harren it tij. De measte blanken yn it Suden wegeren har by de nije sitewaasje del te lizzen. Organisaasjes lykas de beruchte Ku Klux Klan waarden oprjochte en tusken 1880 en 1930 waarden tûzenen swarten lyncht. Tsjin 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw fierden alle Súdlike steaten diskriminatware saneamde Jim Crow-wetten yn, dy't de rasseskieding en de útsluting fan swarten fan it kiesrjocht fan hegerhân opleine. As resultaat fan 'e ûnderdrukking kaam oan it begjin fan 'e tweintichste iuw de Afro-Amerikaanske Folksferhuzing op gong. Dêrby lieten hûnderttûzenen earme swarten de útsichtleaze sitewaasje yn it Suden efter har om nei de grutte stêden yn Noarden te ferfarren.

Yn 'e jierren fyftich fan 'e tweintichste iuw kaam de swarte befolking fan it Suden massaal yn ferset tsjin it ynstitúsjonalisearre rasisme. Dy Amerikaanske Boargerrjochtebeweging stie ûnder lieding fan foaroanlju as Martin Luther King en Malcolm X. Nei in jierrenlange, grutdiels freedsume striid, dêr't de blanke machthawwers yn it Suden mei grou geweld tsjin fanwegen kamen, wisten de Afro-Amerikanen tsjin 1970 einlings har rjocht te heljen. De rasseskieding waard opheft, en de swarten yn it Suden krigen alle boargerrjochten dy't har blanke buorlju ek hiene. Nettsjinsteande dat hat it plattelân fan it Suden ek hjoed de dei noch de namme it meast rasistyske diel fan 'e Feriene Steaten te wêzen.

De oarlochsflagge fan 'e Konfederaasje, in omstriden symboal fan it Suden.

It beskikber kommen fan in betelbere foarm fan airconditioning lei it simmerdeis gleonhjitte en alderferskuorrendst neare Suden om 1950 hinne iepen foar ûntjouwing op alderlei mêd. Yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw wie it it diel fan 'e Feriene Steaten mei de fluchst groeiende stêden en ekonomy. Houston, Dallas, Fort Worth, San Antonio, Austin, Oklahoma City, Tulsa, New Orleans, Little Rock, Memfis, Nashville, Jackson, Montgomery, Birmingham, Jacksonville, Tampa, Miami, Atlanta, Charlotte en Arlington ûntjoegen har yn dy snuorje allegear ta wichtige stêden of sels metropoalen.

It Suden is nei alle gedachten it diel fan 'e Feriene Steaten dat him it dúdlikst fan 'e rest fan it lân ûnderskiedt, mei in eigen kultuer, dialekt, skiednis, sosjale wisânsjes, muzykstilen en itensiederij. Yn 2010 hie de regio neffens it Amerikaanske Folkstellingsburo goed 114,5 miljoen ynwenners, wat delkomt op 37% fan alle ynwenners fan 'e Feriene Steaten. Fan 'e oarspronklike, lânseigen befolking fan it gebiet is net in protte mear oer sûnt yn 'e earste helte fan 'e njoggentjinde iuw de saneamde Fiif Beskaafde Stammen (Sjeroky, Tsjoktau, Tsjikkesau, Kriik en Seminoalen) oer it beruchte Spoar fan Triennen nei it Westen ta deportearre waarden. De blanke befolking fan it gebiet hat sterke Ingelske, Ierske, Ulsterske en Skotske woartels. It Suden hat ek in grutte Afro-Amerikaanske befolking, dy't fuortkomt út 'e eardere negerslaven.

It dialekt fan it Amerikaansk-Ingelsk dat yn it Suden sprutsen wurdt, is it Súdlik Amerikaansk-Ingelsk, dat him benammen karakterisearret troch in teamerige, faak nasale manear fan praten. De Amerikaanske Bibelgurdle wurdt hielendal troch it Suden omjûn, en fierwei it grutste part fan 'e befolking fan it gebiet is dan ek kristlik, mei dêrûnder in heech persintaazje kristlike fûnemintalisten. Wat de polityk oangiet, wie it Suden, dat yn dit opsjoch wol the Solid South ("it Solide Suden") neamd waard, fan 1877 oant 1964 in kearngebiet fan 'e Demokratyske Partij. Sûnt de sechstiger jierren is dat lykwols folslein feroare, en tsjintwurdich stimt it Suden yn grutte mearderheid Republikeinsk.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, Further reading en Primary sources, op dizze side.