Provinsjehûs fan Fryslân
Provinsjehûs fan Fryslân | ||
bouwurk | ||
It hjoeddeistich Provinsjehûs oan de Twibaksmerk | ||
lokaasje | ||
plak | Ljouwert | |
adres | Twibaksmerk 52 | |
koördinaten | 53° 12' N, 5° 48' E | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | provinsjehûs | |
boujier | 16e iuw of earder ferbouwings: 1710, 1784, 1895, 1985, 2012 | |
monumintale status | Ryksmonumint | |
monumintnûmer | 24414 | |
kaart | ||
It provinsjehûs fan Fryslân is in ryksmonumint en de sit fan it provinsjaal bestjoer fan Fryslân oan de Twibaksmerk yn Ljouwert. Ek de Kommissaris fan de Keninginne sit hjir om de sintrale oerheid yn de provinsje te fertsjintwurdigjen. Hjir sit ek it amtlik apparaat dat ûnder lieding fan de griffier fan de steaten it provinsjaal bestjoer helpt by de útoefening fan har taak: it wolwêzen fan Fryslân en har bewenners te befoarderjen.
It earste gebou is út de 16e iuw; foar 1578 wie it de wenning fan de abt fan Burgum en doe fan de biskop fan Ljouwert. Yn 1580 waard it de sit fan Deputearre Steaten fan Fryslân. De Provinsjale Steaten hienen earder harren gearkomsten yn it no ferdwûne Lânskipshûs. Sûnttiids is it gebou meardere kearen ferboud, yn maart 2009 is begûn mei de jongste ferbouwing en útwreiding.
Bou en brûkskiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oant 1580
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De kearn fan it hjoeddeiske provinsjehûs is de stedswenning, in soarte refúzjehûs, fan de oerste fan it Barrakonvint yn Burgum. It gebou stie bekend as "abtshûs", hoewol't it kleaster yn Burgum nea de status fan abdij krigen hat. Mooglik krige it gebou dy namme troch syn mânske ôfmjittings. Tusken 1570 en 1578 wie it gebou ek noch koart yn gebrûk as paleis fan de earste en ienige biskop fan Ljouwert, Cunerus Petri. Dêrnei kaam in ein oan it brûken fan it gebou troch de tsjerke. Yn 1576 hie Fryslân al de Pasifikaasje fan Gint tekene en yn 1578 waard de biskop finzen setten troch de steedhâlder Rennenberg. Op 23 maart 1579 bekrêftige Fryslân de Uny fan Utert en waarden de tsjerklike besittings ûnteigene. It eardere paleis fan de biskop waard op 15 maart 1580 troch de steedhâlder skonken oan de Steaten fan de Hearlikheid Fryslân, de foarrinner fan de tsjintwurdige Provinsjale Steaten. Dit as fergoeding foar "prestearde en noch te leverjen kriichstsjinsten en ûnderfûn neidiel". it hûs fan de biskop waard Steatehûs.
1580 - 1896
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hoewol't it abtshûs grut wie, wie der net genôch romte om de sittings fan de folsleine Steaten fan Fryslân ûnderdak te jaan. Hjirfoar moasten de fertsjintwurdigers fan de tritich gritenijen en de alve stêden op oare plakken terjochte. Oant 1594 kaam men gear yn de Grutte of Jakobinertsjerke en dêrnei yn it Lânskipshûs oan de oare kant fan de Twibaksmerk. It abtshûs, dat wyls bekend stie as "Het Collegie", waard yn 1668 en yn 1710 oan de efterside rjochting de Heerestrjitte útwreide. De sydgevel oan de Kuormakkersstrjitte krige yn 1710 in gevel mei pylders yn de kolossale oarder en mei Korintyske kapitelen. Yn 1784 waard it gebou oan de side fan de Twibaksmerk nei trije ferdjippings ferhege en waard in nije foargevel oplutsen. Sa waarden ek tegeltsjes yn de gongen en de treppenhuzen setten mei om bar in ôfbyld fan twa oansjende liuwen en fan in op in blauwe ûndergrûn oanbrochte letter F mei in pear griene ranken en in appel. De yngongspartij wurdt flankearre troch doaryske pylders fan de kolossale oarder dy't in fronton drage dat brutsen wurdt troch it wapen fan Fryslân.
Yn de 19e iuw waard it gebou oan de efterkant noch fierder útwreide, wêrtroch't de gevel oan de Kuormakkersstrjitte hieltiten breder waard. Oan dizze side bleau it heterogene karakter, yn tsjinstelling ta de no unifoarme foargevel, wol bewarre. It hoekpân mei de Hearestrjitte waard yn 1830 ynlive. Nettsjinsteande dy hast oangeande útwreidings, holden de Provinsjale Steaten harren gearkomsten noch altiten bûten de doar. Yn 1849 waard it Lânskipshûs ôfbrutsen en kaam men dêrnei gear yn de riedseal fan it stedhûs. Neidat yn 1851 it Paleis fan Justysje oplevere waard, ferhuzen de Steaten nochris. Ek dizze gearkomstlokaasje waard net lang brûkt. Yn 1875 waarden nammentlik de provinsjale gerjochtshôven opheft en ferfongen troch de fiif hjoeddeiske gerjochtshôven. It gerjochtsgebiet fan it gerjochtshof fan Ljouwert waard hjirmei frijwat útwreide. In gefolch hjirfan wie dat it Paleis fan Justysje troch romtegebrek gjin ûnderdak mear biede koe oan de gearkomsten fan de Provinsjale Steaten. Der waarden plannen ûntwikkele foar nijbou njonken it Gûvernemintsgebou, sa't it Kolleezje wyls neamd waard. Dit rûn úteinlik op 'e non en yn 1890 waard besluten ta in ruil tusken provinsje en it Ryk. De provinsje wie reewillich it Paleis fan Justysje oan it Ryk oer te dragen. As kompensaasje ferplichte it Ryk him om in steateseal by it Gûvernemintshûs te bouwen dat sa flink útwreide waaerd. Bopedat soe it Ryk de Provinsjale en Buma-bibleteek ûnderbringe yn de Kânselarij. De Ryksboumaster Jacobus van Lokhorst makke it ûntwerp dat nei oanbesteding yn 1891 foar ƒ 90.586 gund waard. It gebou kaam yn 1895 klear. Van Lokhorst hat yn syn ûntwerp it lêste autonome pân oan de Kuormakkersstrjitte anneksearre en rekonstruearre hjirfan de trepgevel. Hjirefter plande hy fiif seksjekeamers, de saneamde kofjekeamer en de grutte Steateseal. Op 3 maart 1896 koenen de Fryske Provinsjale Steaten yn dizze seal, nei mear as 400 jier, foar it earst yn harren eigen provinsjehûs gearkomme. By de iepening sluet de kommissaris fan de Keninginne Binnert Philip van Harinxma thoe Slooten syn iepeningstaspraak ôf mei de wurden "Litte ek dizze muorren tsjûgje fan Fryslâns krêft en ûntwikkeling". ( Ljouwerter Krante, 4 maart 1896, side 1-2.)
1897 - 1985
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op in pear lytsere ferbouwinkjes nei, feroare der oant 1970 net folle mear oan it gebou. Yn dat jier kaam in hiele nije fleugel oan de Hearestrjitte ree. Nettsjinsteande dizze útwreiding bleau it ferlet fan romte foar it útdijende provinsjebestjoer permanint. Ein jierren santich waarden dêrom plannen makke foar de bou fan in folslein nij provinsjehûs oan de súdkant fan it sintrum. Uteinlik foel it beslút dochs de histoaryske lokaasje yn de binnenstêd te hanthavenjen en dizze drastysk te fergrutsjen. Tusken 1980 en 1985 waard de troch it arsjitekteburo Van Manen en Zwart ûntwurpen útwreiding realisearre. It folume fan it provinsjehûs ferdûbele mei dizze yngreep. De huzen ten suden fan it provinsjehûs oan de Twibaksmerk moasten hjirfoar wol sloopt wurde. Allinnich it monumintale pân fan de biblioteek, dy't nei it beursgebou ferhuze, bleau sparre. It waard opnomd yn de nije gevelwand fan it provinsjehûs. Nei foltôging besloech it nije provinsjehûs it hiele huzeblok Twibaksmerk - Alde Easterstrjitte - Hearestrjitte - Kuormakkersstrjitte. It langhalige bouwurk besloech trije binnenhôven.
Hjoeddeiske ferbouwingsplannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2001 waard besluten it provinsjehûs nochris te ferbouwen omdat it gebou nei mear oan de easken fan de tiid foldwaan soe. As arsjitekt waard keazen foar Sjoerd Soeters. Yn syn ûntwerp út 2004 waarden de trije binnenhôven werombrocht nei twa en wurdt ien dêrfan iepene nei de iepenbiere romte. Der ûntstiet in kuierrûte troch it gebou fan de Hearestrjitte nei de Twibaksmerk. Mids dizze binnenhôven sil in acht ferdjippings hege toer komme, troch de arsjitekt as stedskroan betitele. De monumintale dielen fan it kompleks bliuwe bewarre, de "drôvichste dielen" wurde sloopt. Dit betreft benammen de útwreiding út de jierren tachtich.
It bouproses hat wyls fertraging oprûn. Yn de oarspronklike planning soe it nije provinsjehûs ein 2009 klear wêze. April 2009 is de planning om het pân yn 2012 wer yn gebrûk nimme te kinnen. Dêrneist sil it projekt nei ferwachting ek noch 30% djoerder wurde as raamd. De totale kosten soenen komme moatte op € 79,8 miljoen plus de sloopkosten. Sûnt medio 2006 sitte de provinsjeamtners yn in needlokaasje oan de Snitskertrekwei. Op 31 maart 2009 is de sloop fan de ôf te brekken dielen fan it Provinsjehûs offisjeel fan start gien.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de hal, plaveid mei Rembrandt-tegels fan natuer-laai, stiet in Westdútske kast dy't komt út it legaat fan baron M. van Harinxma thoe Slooten fan It Oranjewâld.
Yn ien fan de muorren hinget ek in grutte brûnzen tinkplaat dy't yn 1909 skonken waard troch The Witt Historical of Tomkins County út tank foar in Frysk inisjatyf fan 1782. Doe erkenden de Fryske Steaten as earsten yn Nederlân de ûnôfhinklikheid fan de Feriene Steaten, wêrtrocht't dy de mooglikheid krigen om lieningen te sluten by de rike Amerikaanske bankiers. Dizze beslissing fan de Fryske Steaten stiet yn Amerikaanske skiednisboeken notearre as in died fan grutte betsjutting foar de opkomst fan de Ferienen Steaten fan Amearika.
Boppe de doarren yn de hal steane in tal Fryske spreuken:
De greatste haest is de greatste feart net en Dy't oan'e wei timmert sûzje de earen. Se binne destiids útkeazen troch deputearre J. van Loon Jzn.
Yn it treppehûs is yn 1955 in nij raam setten dat op tekening fan de arsjitekt J.E. Wiersma makke is troch keunstner Jentsje Popma yn mei sân spuite spegelglês. De ôfbylden hawwe betrekking op de Fryske folkloare, ûnder oare reedriden, de jacht, silen aaisykjen, Sint-Piterfeest, keatsen, hynsteriden en it Sint Tomaslieden.
De Steateseal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De foarnaamste romte yn it provinsjehûs is sûnder mis de troch Van Lokhorst ûntwurpen Steateseal út 1891-1894. De neogoatyske seal is 15 by 10 meter grut en rom 8 meter heech. De romte wurdt ferljochte troch mei-inoar tolve spitse finsters heech yn de beide lange wanden. De finsters hawwe maaswurk en beglêze mei brânskildere glêzen, makke troch it Roermondske atelier Nicolas. De skilderingen stelle de wapens foar fan de alve stêden, de tritich gritenijen en de trije goaen wêryn Fryslân yn de tiid fan Karel de Grute ferdield wie: Eastergoa, Westergoa en Sânwâlden. Ek de wanden en de souder hawwe skilderingen dy't ryk binne oan Fryske symbolyk.
De noardlike wân, efter de sitplakken fan it kolleezje fan Deputearre Steaten, is beskildere mei fjouwer foarstellings út de Fryske skiednis. Yn it earste tafriel binne de Fryske oanfierders Maloriks en Verritus te sjen dy't yn Rome de Fryske saak bepleitsje. De skildering hat as ûnderskrift: "Verritus en Malorix te Rome. Anno LIX. Gjin stjerling oertreft de Friezen yn dapperheid of trou." De folgjende foarstelling toant de preekjende Bonifatius. Hjirfan is it ûnderskrift: "Biskop Bonifasius preket it Kristendom oan de Friezen. Anno DCCXXXV." De tredde ôfbylding is fan de eallju Eelko Liauckama en Feiko Botnia dy't troch Godfried fan Bouillon yn de Earste Krústocht ta ridder slein wurde. It ûnderskrift seit: "Eelko Liauckama en Feiko Botnia nei de ferovering fan Jeruzalim ta ridders slein. Anno MIC." De lêste skildering stelt de edelman Gemme fan Burmania foar dy't by de eedôflizzing foar Filips II wegere te knibbeljen en dêrby de wurden "Wy Friezen knibbelje allinne foar God" sprutsen hawwe soe. Ek hjirby is in ûnderskrift: "Gemme fan Burmania foar Philips II. XXV Oktober MDLV. Wy Friezen knibbelje allinnich foar God." De skilderingen binne ûntwurpen troch Hendricus Jansen (1867-1921) en sinjeard mei Henrieux. De útfiering soe fan de hân wêze fan in sekere Reclair, oer waans identiteit twifel bestiet.
Hjirboppe steane acht foarstellings fan figueren dy't deugden foarstelle. Hjirby is wat ôfwykt fan de sân kanonike deugden. Oanwêzich binne: soberens (symboal: jitte yn in skûtel), krêft (symboal: swurd mei skyld), hope (symboal: earn), leauwe (symboal: embleem alfa-omega), leafde (symboal: earn), wierheid (symboal: ik bin it paad en de wierheid), barmhertichheid (symboal: it laam) en ynbannigens mei as symboal: snoeren.. Yn 'e midden fan dizze muorre sit ek de skou mei in byldhouwurk dat trije fan de kardinale deugden foarstelt: foarsichtichheid, rjochtfeardichheid en krêft. Dit byldhouwurk is fan de hân fan Friedrich Stephan Stoltefus (1849-1910) en Johann Heinrich te Poel (1844-1897) fan de firma Te Poel en Stoltefus. Ek binne hjir it wapen en de flagge fan Fryslân, it Rykswapen en de spreuken Concordia res parvae crescunt en Je maintiendrai.
De foaroerlizzende wand hat in balkon mei de publike tribune ûnder trije spitse bôge-iepenings. Yn de bôgefjilden binne beskildere mei ôfbylden fan de trije ingelen, elk mei in banderol om mei Fryske sprekwurden: Wierheit boppe al, It is mei sizzen net to dwaen en Dy folle praet, moat folle wier meitsje. Dêrtusken noch twa frouljufigueren dy't de kloekens en de gollens persoanifisearje. Op de kerbielen dy't it balkon drage, stean de nammen fan fameuze Friezen, lykas Menno Simons, Gysbert Japicx en Onno Zwier van Haren.
It houten plafond is ferdield yn 72 fakken en yn elk binne wapens skildere fan geslachten fan grytmannen.
De kofjekeamer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dizze lytsere romte leit ten noarden fan de Steateseal en sjocht út op de Kuormakkersstrjitte. De wat prozayske namme fan it fertrek, dat ek troch Van Lokhorst ûntwurpen waard, is ûntliend oan syn gebrûksfunksje as resepsjeromte. De neorenêssânsistyske romte hat in soudering mei in gearstalde balkelaach. De wanden binne oant healwei betimmere mei ikehout. De finsters yn de trije krúskesinen hawwe brânskildere fan de âlde Fryske weterskippen.
Hjir hingje ek permanint in kolleksje portretten fan de Fryske Nassaus út it Frysk Museum. Boppe de skoarstien it portret fan Marijke Meu, de frou fan Willem Friso. De portrettegalerij symboalisearret de bân dy't der fanâlds bestien hat tuske Fryslân en it foarstenhûs.
De keamer fan de Deputearre Steaten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dit is de âldste orizjinele romte yn it provinsjehûs. Hir hâldt it kolleezje fan deputearren ûnder foarsitterskip fan de Kommissaris fan de keninginne en bystien troch de griffier fan de steaten op tiisdei syn wyklikse gearkomst. De keamer mei dûbele doarren leit oan de kant fan de Twibaksmerk en kaam by de ferbouwing fan 1784 ta stân. De keamer is ynrjochte yn Loadewyk XVI-styl mei pylders lâns de muorren. It stúkplafond is ryk dekorearre mei allerhanne attributen sdy't ferwize nei de provinsje en har bestjoer. Oarloch (harnas, kanonslopen, banieren), wittenskip (aesculaap, inketpôt, fizel), lânbou (seine, sichte, nôtskeaf) en de seefeart (fierrekiker, ierdbol, kompas) binne allegear fertsjintwurdige. Sintraal stiet de persoanifikaasje fan Fryslân: de lânsfaam. Hja stiet mids putti mei noch mear attributen, lykas de kaduseus (ferwiist nei de hannel), in pylkebondel (mienskiplike krêft) en pylder (stânfêstens). It skilderij dat boppe de blaustiennen skoarstienmantel tsjin de skoarstienboazem (it skoarstienstik) hinget, wurdt taskreaun oan Gerard de Lairesse. It stelt de besite fan de Keninginne fan Sjeba oan Salomo foar.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|