Protektoraat (Britske Eilannen)
it Protektoraat the Protectorate | |
---|---|
1653 – 1659 | |
flagge | wapen |
Latyn: Pax Quæritur Bello ("Frede Siket Men mei Oarloch") | |
geografyske lokaasje | |
polityk | |
haadstêd | Londen |
offisjele taal | Ingelsk |
steatsfoarm | republyk |
ûntstien út | ● Mienebêst Ingelân ● Keninkryk Skotlân |
opgien yn | Mienebêst fan Ingelân, Skotlân en Ierlân |
no diel fan | Feriene Keninkryk |
sifers | |
ynwennertal | ±8,5 miljoen (1659) |
befolkingstichtens | 3,7 / km² (1659) |
oerflak | ±314.000 km² (1659) |
bykommende ynformaasje | |
muntienheid | Ingelsk pûn, Skotsk pûn, Iersk pûn |
It Protektoraat (Ingelsk: the Protectorate) wie in steat yn Jeropa dy't bestie fan 1653 oant 1659 en de hiele arsjipel fan 'e Britske Eilannen omfieme. It Protektoraat ûntstie doe't Oliver Cromwell, de oanfierder fan it parlemintêren (of 'rûnkoppen') yn 'e Ingelske Boargeroarloch, himsels útrôp ta beskermhear (Lord Protector). Dêrmei kaam in ein oan it Mienebêst Ingelân, dat bestien hie sûnt de fal fan 'e monargy en de eksekúsje fan Karel I fan Ingelân yn 1649. Nei Cromwell syn dea, yn 1658, waard er opfolge troch syn soan Richard, dy't it lykwols net slagge en hâld it parlemint en it leger yn 'e besnijing. Yn 1659 waard hy de facto ôfset, wêrmei't in ein kaam oan it Protektoraat.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By de oprjochting fan it Protektoraat omfieme dat inkeld it âlde Mienebêst Ingelân, dat bestie út Ingelân, Wales, Man en it hiele eilân Ierlân. Yn 1657 waard dat gebiet gearfoege mei it oant dy tiid yn namme noch altyd besteande Keninkryk Skotlân. Dêrmei ûntstie in sintralisearre steat mei in oerflak fan krapoan 314.000 km², dat de hiele arsjipel fan 'e Britske Eilannen besloech.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foarspul
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan 'e ein fan 'e Twadde Ingelske Boargeroarloch waard kening Karel I fan Ingelân yn 1649 terjochtsteld. Neitiid rôp it Rompparlemint it Mienebêst Ingelân út, dat yn it plak kaam fan it âlde Keninkryk Ingelân. De wiere macht yn it Mienebêst lei by it Nije Modelleger en de befelhawwer dêrfan, Oliver Cromwell. Dy ferovere yn 1651 Skotlân, dat de earste jierren ûnder it bewâld fan in Ingelske gûverneur kaam. Yn 1652 waard troch Cromwell ek it Keninkryk Ierlân bemastere, dat daliks by it Mienebêst foege waard.
Yn 1653 stjoerde Cromwell it Rompparlemint nei hûs, wêrnei't er in skoftke in eigengearstalde assimblee ynstelde, dy't bekend waard ûnder de namme Barebone's Parlemint. Doe't dat lichem net bliek te funksjonearjen, stjoerde er dat ek nei hûs en loek er alle macht nei himsels ta as beskermhear (Lord Protector). Dat barde ûnder it saneamde Ynstrumint fan Regear (Instrument of Government) in op 16 desimber 1653 yn wurking kommende nije grûnwet, dy't opsteld wie troch generaal John Lambert. Dy grûnwet parte Cromwell it beskermhearskip foar it libben ta, sadat er "it opperrjochterskip en de útfiering fan it bestjoer" op him nimme koe. Dêrmei hold it Mienebêst Ingelân de facto op te bestean en waard it ferfongen troch it Protektoraat, dat feitliks in militêre diktatuer wie.
Regear fan Oliver Cromwell
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Binnenlânsk bestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Under it Ynstrumint fan Regear hie Cromwell de macht om parleminten gear te roppen en te ûntbinen, mar moast er foar wichtige besluten wol de mearderheid fan 'e leden fan 'e Ried fan Steat oan syn kant sjen te krijen, mei't dat lichem it meastepart fan 'e funksjes fan 'e monargy oernommen hie. Oan 'e oare kant waard Cromwell syn macht sterk ûnderstipe troch syn populariteit by it Nije Modelleger, dat er ûnder de Ingelske Boargeroarloggen opboud hie en dat er neitiid oanhâldend (en ferstannigernôch) koestere.
It earste troch Cromwell ynstelde parlemint kaam op 3 septimber 1654 gear en nei wat sjestes yn 'e rjochting fan 'e beskermhear troch eardere oanstellings fan him goed te karren, sette it útein mei in programma fan grûnwetlike herfoarmings. Ynstee dat Cromwell him tsjin dat proses oankante, ûntbûn er it parlemint ienfâldichwei op 22 jannewaris 1655. Nei in royalistyske opstân ûnder lieding fan sir John Penruddock ferdielde Cromwell, ûnder ynfloed fan Lambert, Ingelân en Wales yn novimber 1655 yn fyftjin militêre distrikten dy't bestjoerd waarden troch generaals-majoar, bystien troch pleatsferfangende generaals-majoar. It bewâld fan dy saneamde godly governors ("godsfreezjende gûverneurs") kaam bekend te stean as it Regear fan de Generaals-Majoar.
Hja wiene net allinnich tige wichtich foar de nasjonale feilichheid, mar fungearren ek as pylders foar Cromwell syn morele kampanje. Se hiene it tafersjoch oer de milysjes en komitees foar feilichheid, inen belestings en soargen dat de befolking him oan it puriteinske leauwe hold dat Cromwell-en-dy útdroegen. Sa wie toanielspyljen strang ferbean en waard de tsjerkegong op snein strikt ôftwongen. Under twang fan Cromwell syn boargerlike oanhingers, dy't de legerofsieren as obstakels seagen foar it trochfieren fan maatskiplike herfoarmings en as in bedriging foar harren eigen macht, waarden de generaals-majoar minder as in jier letter al wer ôftanke. Dêrby kaam noch dat it twadde parlemint fan it Protektoraat, dat yn septimber 1656 gearkaam, in belestingfoarstel fan generaal-majoar John Desborough fuortstimde út eangst foar in permanint militêr bestjoer. Cromwell hie himsels hjirmei yn 'e fingers snien, want no wie it leger lulk dat er de generaals-majoar opoffere hie yn it foardiel fan harren tsjinstanners, wylst by de befolking troch it militêre bestjoer de wûnen fan 'e 1640-er jierren wer iepenhelle wiene, mei as gefolch oanwaaksende antypaty foar it Protektoraat oer.
Ynternasjonaal belied
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op ynternasjonaal mêd fersloech it Protektoraat yn 1654 de Republyk fan 'e Feriene Nederlannen yn 'e Earste Ingelske Oarloch. Nei't der by it Ferdrach fan Westminster in frede sletten wie dy't foar de Republyk frijwat fernederjend wie, tocht Cromwell syn saneamde Westlik Untwerp (Western Design) op, dat in oanfal op 'e Spaanske koloanjes yn it Karibysk Gebiet omfieme yn it ramt fan 'e Ingelsk-Spaanske Oarloch fan 1654-1660. Dat resultearre yn 'e ferovering fan Jamaika, dat dêrnei foargoed in Ingelske (en letter Britske) koloanje waard. Nei de Slach by Dúntsjerk, yn 1658, moast Spanje dêropta ek noch it kuststedsje Dúntsjerk, dat diel útmakke hie fan 'e Spaanske Nederlannen, oan it Protektoraat ôfstean (yn 1662 soe it yn âlde gloarje werombrochte Keninkryk Ingelân it oan Frankryk trochferkeapje).
Cromwell waard him yn dy snuorje ek bewust fan 'e bydrage dy't de út Spanje en Portegal flechte Joaden leveren oan it ekonomysk súkses fan 'e Feriene Nederlannen. Hy ornearre dat Ingelân, nei de ferwuostgings fan 'e Boargeroarloggen, ek wol sa'n ekonomyske ympuls brûke koe. Yn 'e mande mei syn tolerânsje foar it yn besletten fermidden beoefenjen fan oare godstsjinsten, brocht dat him der yn 1656 ta om 'e Joaden út te nûgjen werom te kommen yn Ingelân, rom 350 jier nei't se yn 1290 troch kening Edwert I it lân útjage wiene.
Ienwurding mei Skotlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It proses fan it gearfoegjen fan 'e Ingelske en Skotske parleminten waard yn gong set koart nei de nederlaach fan Karel II en de Skotske royalisten yn 'e Slach by Worcester, yn 1651. It duorre lykwols oant 26 juny 1657 ear't de saneamde Tender of Union oannommen waard, wêrmei't de ienwurding tusken it Protektoraat en Skotlân in feit waard.
Grûnwetlike herfoarmings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Datselde jiers, 1657, bea it parlemint Cromwell de kroan oan as ûnderdiel fan in op 'e nij besjoene grûnwetlike regeling, de Nederige Bea en Ried (Humble Petition and Advice), dy't yn 't plak kaam fan it Ynstrumint fan Regear. Dat oanbod stelde him foar in dilemma, mei't er ûnder de Boargeroarloggen krekt jierrenlang fochten hie foar de ôfskaffing fan 'e monargy. Nei't er it seis wiken lang beprakesearre hie, wiisde er it oanbod op 13 april 1657 ôf, mei't God Him neffens him dúdlik útsprutsen hie tsjin it amt fan kening.
Ynstee waard Cromwell ritueel werynstallearre as beskermhear, mei gruttere macht as ea tefoaren. De seremoanje fûn plak yn Westminster Hall, dêr't er plaknaam op 'e Stoel fan Kening Edwert, dy't dêr foar dat doel spesjaal hinne sleept wie út 'e Abdij fan Westminster. It barren wjergalme dúdlik in kroaningsritueel, en makke gebrûk fan alderhanne symboalen dy't ek foar in kroaning fan stâl helle waarden, lykas in skepter, in swurd en in mantel fan harmelingebûnt. Kroan en ryksapel ûntbrieken lykwols, en boppedat wie it amt fan beskermhear noch altyd net erflik. Wol koe Cromwell no syn opfolger nominearje.
Regear fan Richard Cromwell
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei it frij hommels ferstjerren fan Oliver Cromwell yn septimber 1658 waard er as beskermhear opfolge troch syn op twa nei âldste soan Richard Cromwell. Dyselde besocht en wreidzje de grûnslach fan it Protektoraat út bûten it leger en it frij behindige part fan 'e boargerij dat syn heit stipe hie. Yn 1659 rôp er in parlemint gear, mar de leden dêrfan setten him sûnder ein de foet dwers en foelen it kwasy-monargale karakter oan dat it amt fan beskermhear sûnt 1657 krigen hie. Ek setten se it regear fan Oliver Cromwell wei as in snuorje fan tiranny en ekonomyske delgong. Troch de twifelriedichheid fan it leger, de ûnferantwurdlikheid fan it nije parlemint en de drystens fan Richard Cromwell gie it dêrnei hiel gau berch-ôf mei it Protektoraat. Mar wat dat steatsferbân de dea die, wie úteinlik de wjerstân tsjin 'e fuortsetting fan it Protektoraat dy't opkaam ûnder de subalterne ofsieren en manskippen fan it leger.
Nei't Richard Cromwell bewiisd hie dat er noch it parlemint, noch it leger behearske, rôpen de opperofsieren fan it Nije Modelleger it âlde Rompparlemint wer gear. Dat stelde op 7 maaie in Komitee foar Feilichheid yn dat it foech oernaam dat earder troch de Ried fan Steat fan 'e beskermhear útoefene wie. Op 19 maaie waard it Komitee ferfongen troch in nije Ried fan Steat dy't folslein ûnder it gesach fan it Rompparlemint stie. Richard Cromwell waard nea formeel ôfset of arrestearre , mar oan syn bewâld waard stap foar stap in ein makke, en hysels ferdizene stadichoan út it regear oant er op 25 maaie syn ûntslach yntsjinne. It Protektoraat waard fan dat stuit ôf beskôge as it wurk fan in usurpator, nammentlik Oliver Cromwell, en yn it plak derfan kaam in nij steatsferbân, it Mienebêst fan Ingelân, Skotlân en Ierlân. Dat bliek neitiid in, nochal gaoatyske, oergongsperioade te wêzen, dêr't yn 1660 de Restauraasje fan it Hûs Stuart op folge.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ingelske Boargeroarloch
- Keninkryk Ingelân (oant 1649)
- Mienebêst Ingelân (1649-1653)
- Mienebêst fan Ingelân, Skotlân en Ierlân (1659-1660)
- Restauraasje fan it Hûs Stuart
- Keninkryk Ingelân (fan 1660 ôf)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |