Springe nei ynhâld

Phina Oruche

Ut Wikipedy
Phina Oruche
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte nammePhina Oruche
nasjonaliteit Britsk
berne31 augustus 1972
berteplakLiverpool (Ingelân)
etnisiteit Ibo
jierren aktyf1995 – no
offisjele webside
www.phinaoruche.com

Phina Oruche (Liverpool, 31 augustus 1972) is in Britsk aktrise fan Nigeriaansk komôf. Hja sette har karriêre útein as model yn 'e Britske moadeyndustry, mar waard benammen bekend as aktrise, mei har rol as Liberty Baker yn 'e dramasearje Footballers' Wives. Dêrnjonken is Oruche ek aktyf as presintatrise fan radioprogramma's, as regisseur, editor en produsinte fan koarte films en fideoclips, as kabaretiêre mei har autobiografyske ienmansshow Liberating Character, en as skriuwster fan berneboeken.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en wurkpaad as model

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oruche waard yn 1972 berne yn 'e Ingelske havenstêd Liverpool as de dochter fan Nigeriaanske ymmigranten. Hja is in etnyske Ibo (de Ibo of Igbo binne ien fan 'e grutste folken fan súdlik Nigearia). Ein 1980-er jierren begûn Oruche in wurkpaad as model en mannekên yn Londen, mar hja ferfear al rillegau nei New York. Dêr wie se fiif jier lang in fêst model foar de Amerikaanske kleanwinkelkeatling Gap. Yn dy tiid stie se op 'e omslach fan ferskate Amerikaansk moadeblêden, mar se hie in spesjale bân mei it tydskrift Essence, dat gauris fotoreportaazjes fan har publisearre.

Aktearkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't Oruche foar de tillefyzje 'ûntdutsen' wie troch de Britske reklame- en filmregisseur Tony Kaye, liet dy har yn in hiele rige reklamespotsjes spylje. Dêrmei makke er by har de ambysje wekker om aktrise te wurden. Oruche sette yn Los Angeles útein mei in aktearkarriêre nei't se in oplieding folge hie oan 'e Actors Studio yn New York. Se hie ferskate gastrollen yn Amerikaanske tillefyzjesearjes, lykas Nash Bridges, V.I.P., Charmed, Nip/Tuck en Diagnosis: Murder (2 kear). Yn 'e fantasysearje Buffy the Vampire Slayer hie Oruche in weromkearende rol yn trije ôfleverings. Op it wite doek figurearre se yn Sabrina (1995) mei Harrison Ford en Julia Ormond, en spile se yn The Forsaken (2001) en Happy Ever Afters (2009).

Uteinlik kearde Oruche werom nei Ingelân, dêr't se yn 'e plysjesearje The Bill spile. It bekendst waard se lykwols mei har fertolking fan 'e rol fan Liberty Baker yn 'e dramasearje Footballers' Wives, oer it wol en wee fan 'e froulju fan 'e leden fan in profesjoneel fuotbaltiim. Dêrfoar wûn se in Screen Nations Award yn 'e kategory Favorite Tillefyzjestjer. Oruche hie fierders yn 2008 ek in cameo yn 'e humoristyske sketcheshow Little Miss Jocelyn. Yn 2010 waard se cast foar in fêste rol (as mem) yn Hollyoaks, in soapsearje foar teenagers.

Yn 2012 makke se, nei in hoart lins nommen te hawwen foar de opfieding fan har soan, har comeback op 'e BBC yn 'e dramasearje Doctors. Letter wie se noch te sjen yn û.m. de tillefyzjesearjes Taken Down, Moving On en The Magpie Murders. Ek spile se yn 'e tillefyzjefilm Anthony en wurke se mei oan 'e podcastsearje Slayers: A Buffyverse Story.

Op 'e Ierske radio presintearre Oruche ferskate jierren trije kear yn 'e wike it programma Ireland AM, en yn Londen wie se yn 2008 in wike lang as panellid belutsen by it praatprogramma The Wright Stuff, dat moarns útstjoerd waard. Oruche hat fierders noch ferskate oare programma's op 'e radio en de tillefyzje presintearre, en ek die se yn 2006 as kandidate mei oan it realitytillefyzjeprogramma I'm a Celebrity... Get Me Out of Here!

Letter presintearre en produsearre Oruche yn har bertestêd Liverpool op 'e sneontejûnen it radioprogramma Upfront, op 'e regionale radiostjoerder BBC Radio Merseyside. Teffens skreau se in skoft lang in kollumn yn 'e krante de Liverpool Echo. Fierders is se de eigneresse fan in eigen filmstudio, Ibo Girl Films, wêrfoar't se koarte films en fideoclips regissearret, montearret en produsearret.

Yn april 2012 publisearre Oruche har autobiografy, mei as titel Liberating Character. Mei har ienmansshow Identity Crisis, basearre op har eigen libbensferhaal, debutearre se yn 2016 yn it teäter op 'e Edinburgh Festival Fringe. Yn 2017 stie se mei deselde foarstelling op 'e planken yn it Ynternasjonaal Slavernijmuseum yn Liverpool en letter ek yn it Ovalhouse yn Londen. Neitiid stiek se mei Identity Crisis de Atlantyske Oseaan oer om it yn it Soho Playhouse yn New York te spyljen.

Under de koroanapandemy skreau Oruche twa berneboeken, Jacopo Jacopo Football Star en Jacopo Jacopo on Lockdown, dy't allebeide yn 2020 ferskynden by Amazon Publishing. Se geane oer in tsienjierrich jonkje fan mingd etnysk komôf út Liverpool en syn krewearjen om troch te brekken as fuotballer.

Phina Oruche troude yn augustus 2007, en hat út dat houlik ien bern, in soan. Yn 2006 en 2007 draafde se de Maraton fan Londen, wêrmei't se £35.000 ophelle foar it goede doel. Oruche wennet tsjintwurdich wer yn har berteplak Liverpool.

  • 2012 – Liberating Character (autobiografy)
  • 2020 – Jacopo Jacopo Football Star (berneboek)
  • 2020 – Jacopo Jacopo on Lockdown (berneboek)
Filmografy as aktrise
jiertitelrol of funksjeopmerkings
tillefyzje
1995Saved by the Bell: The New Class  Ashleygastrol; ôfl. No Smoking
1996If Looks Could KillBritske stewardesstillefyzjefilm
1997Homeboys in Outer Spacetsjeppe frougastrol; ôfl. Tales from the Dark Side, or: Ty Takes the Redeye
1997PlayersVictoriagastrol; ôfl. In Concert
1997Nash BridgesDaysha Longgastrol; ôfl. Dirty Tricks
1998Diagnosis: MurderElena Martingastrol; ôfl. Rain of Terror
1999–2000Buffy the Vampire SlayerOliviaweromkearende rol; 3 ôfl. (The Freshman, Hush en Restless)
2000V.I.P.Mercygastrol; ôfl. Val Point Blank
2000The Pretenderdoktergastrol; ôfl. The Inner Sense, Part 1
2000FreakyLinksde folwoeksen Virginiagastrol; ôfl. Subject: Fearsum
2000Diagnosis: MurderAsiagastrol; ôfl. Sleight-of-Hand
2003CharmedJadagastrol; ôfl. Lucky Charmed
2003Nip/TuckMiagastrol; ôfl. Cliff Mantegna
2003She Spiesbefeiligingsmeiwurkster  gastrol; ôfl. Crossed Out
2006The BillHeather Leesweromkearende rol; ôfl. Where We Belong, Part 2 en A Day to Remember
2006Footballers' WivesLiberty Bakerfêste rol; minysearje fan 8 ôfl.
2007The Unithaadfrougastrol; ôfl. The Outsiders
2008Little Miss Jocelynharselscameo; ôfl. S2E3
2010HollyoaksGabby Sharpetydlike fêste rol yn in soapsearje; 36 ôfl.
2012DoctorsJane Williamsgastrol; ôfl. Beautiful Girl
2018Taken DownMarvellousweromkearende rol; 5 ôfl.
2020Anthonymuoike Ventillefyzjefilm
2021Moving OnSherylgastrol; ôfl. Hungry to Learn
2022The Magpie MurdersBryonygastrol; ôfl. S1E3
films
1995Sabrinamodel
1998How Stella Got Her Groove BackLeslie James
1998High Freakquencyseksy frou
1999Out in FiftyLowanda
1999The Sky is FallingAmanda
2000Punkssupermodel
2001Note Come DueMarykoarte film
2001The ForsakenCym
2004Who's Kyle?Scouser fankekoarte film
2009Happy Ever AftersEmily
podcasts
2023Slayers: A Buffyverse StoryOliviagastrol; ôfl. S1E3 en S1E4

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.