Pecos Bill
Pecos Bill | ||
Pecos Bill fangt in tornado mei syn lasso. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | manlik | |
soarte personaazje | minske | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berop/amt | cowboy | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Slue-Foot Sue Widow-Maker Shake | |
attributen | revolver lasso | |
geastlike heit | Tex O'Reilly | |
ûntstean | 1917 |
- Dizze side giet oer de legindaryske cowboy út 'e Amerikaanske folkloare. Foar oare betsjuttings, sjoch: Pecos Bill (betsjuttingsside).
Pecos Bill (útspr.: [ˈpeːkoʊs ˈbɪl], likernôch "pee-koos bil") is in legindaryske cowboy út 'e folkloare fan 'e súdwestlike Feriene Steaten, dy't libbe hawwe soe yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw, de tiid fan it Wylde Westen. Hy stiet bekend om alderhanne ekstreem oerdreaune aventoeren en absurde eksploaten dy't ferlykber binne mei de ferhalen oer de bekende Dútske baron von Münchhausen yn Jeropa. Sa soe Pecos Bill de Rio Grande groeven hawwe en mei syn lasso in tornado fongen hawwe. Folkloristen binne fan betinken dat de ferhalen oer Pecos Bill gjin "natuerlike" folksferhalen wiene, mar dat de earsten betocht waarden troch Tex O'Reilly, dy't se yn 1917 yn The Century Magazine publisearre as wiene it echte folksferhalen. Neitiid begûnen de ferhalen in eigen libben te lieden en waarden se yndie folkloare.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme Pecos Bill ferwiist nei de rivier de Pecos, dy't troch súdeastlik Nij-Meksiko en westlik Teksas streamt. Yn Teksas foarme de Pecos yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw lange tiid de grins tusken it troch de blanken kolonisearre "beskaafde" gebiet oan 'e eastkant en de desolate en wetteleaze woastenij fan it Wylde Westen oan 'e westkant. De namme fan Pecos Bill liket sadwaande bedoeld om 'e sfear fan dat lêste gebiet op te roppen, dat ek wol de Trans-Pecos neamd wurdt. "Pecos Bill" wie ek de bynamme fan 'e Amerikaanske generaal William Rufus Shafter, dy't yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch en de Amerikaanske Yndiaanske oarloggen focht en yn Teksas in skoft lang as nasjonale held beskôge waard. Der ferskynde sels wat poëzij wêryn't syn taaiheid besongen waard. Dat wie foar't de mytyske Pecos Bill skepen waard, mar mooglik griep de geastlike heit fan it personaazje, Tex O'Reilly, by de kreaasje fan 'e cowboy werom op in bekend foarbyld.
Unststeansskiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ierst bekende ferhalen oer Pecos Bill waarden fan 1917 ôf yn it tydskrift The Century Magazine publisearre troch Edward "Tex" O'Reilly en yn 1923 sammele en werútjûn as de ferhalebondel The Saga of Pecos Bill. O'Reilly hold út dat de ferhalen diel útmakken fan in tradysje fan mûnlinge oerlevering dy't weromgie op 'e cowboys yn Teksas, Nij-Meksiko en Arizona ûnder de kolonisaasje fan it Wylde Westen yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw. Lange tiid waard dat foar sûkerswiet oannommen. Doe't folklorist Richard M. Dorson dy bewearing yn 1977 ûndersocht, ûntdiek er lykwols dat O'Reilly de earste ferhalen oer Pecos Bill sels út 'e tomme sûgd hie, en dat lettere skriuwers oer itselde personaazje út it wurk fan O'Reilly liend of sels nije ferhalen optocht hiene. Geandewei de tweintichste iuw wie de syklus om Pecos Bill hinne dus folkloare wurden, hoewol't it dat fan oarsprong net wie.
O'Reilly wie letter mei-auteur fan in krantestrip mei striptekener Jack A. Warren (ek bekend as Alonzo Vincent Warren), dy't tusken 1929 en 1938 yn ferskate Amerikaanske kranten ferskynde. Doe't O'Reilly yn 1946 ferstoar, sette Warren útein mei in nije strip, dy't er Pecos Pete neamde. Dy gie oer in ferlykber figuer as Pecos Bill, dy't lykwols in klap op 'e plasse krigen hie dêr't er ûnthâldsferlies fan oprûn hie. Yn 1948 wie Pecos Bill foar it earst op it wite doek te sjen, doe't Walt Disney in segmint fan 'e lange tekenfilm Melody Time oan him wijde. Letter waard syn rol yn 1985 fertolke troch Steve Guttenberg yn in ôflevering fan 'e tillefyzjesearje Tall Tales & Legends en yn 1995 troch Patrick Swayze yn 'e film Tall Tale.
Fiktive biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de measte ferhalen soe Pecos Bill yn 'e 1830-er jierren berne wêze yn eastlik Teksas. Guon ferzjes wolle hawwe dat er berne waard yn 1845, it jiers dat Teksas in steat fan 'e Feriene Steaten waard. As poppe reizge er mei syn âldelju en bruorren en susters nei it westen as ûnderdiel fan 'e kolonisaasje fan 'e westlike helte fan Noard-Amearika troch de blanken. Underweis rûgele er yn 'e neite fan 'e rivier de Pecos lykwol ûngemurken út 'e kapwein. Hy waard fûn troch prêrjewolven, dy't him yn harren ridel opnamen en grutbrochten. Jierren letter fûn syn broer him werom en wist mei muoite Pecos Bill derfan te oertsjûgjen dat er gjin prêrjewolf wie.
Bil groeide op en waard cowboy. En net samar ien, mar de bêste cowboy fan it Wylde Westen. As lasso brûkte er in rattelslange dy't Shake ("Skodder") hiet. Syn hynder hiet Widow-Maker ("Widdomakker") om't it de earste en meast beruchte searjemoardner fan Teksas wie, dy't in spoar fan deade beriders troch de hiele steat efter him litten hie foar't er befreone rekke mei Pecos Bill. Neffens guon ferhalen beried Bill ek wol ris in poema ynstee fan in hynder. Syn favorite iten wie dynamyt.
Bill ferrjochte ferskate sterke staaltsjes; sa fong er ris in tornado mei syn lasso. Doe't hy en Widow-Maker ris yn 'e woastyn fersyld rekken en ferlet hiene fan drinkwetter, loste er harren probleem op troch in stôk te pakken en de Rio Grande te graven. In oare kear, doe't hiele Teksas ûnder in freeslik drûchte suchte, ried Bill nei Kalifornje, dêr't er mei syn lasso in tongerwolk fong en mei werom sleepte nei Teksas. Doe begûn it dêr te reinen en wie it dien mei de drûchte. Mar Bill hie him fersjoen op 'e grutte fan 'e wolk, dat it reinde safolle dat in grutte dobbe besuden Teksas folrûn. Sa ûntstie de Golf fan Meksiko. Bill wie ek ferantwurdlik foar it útbrekken fan 'e Kalifornyske Goudkoarts, dy't ûntstie doe't er in binde feedieven in wan bruien joech en harren har gouden follings út 'e mûle sloech, dy't doe oer de heuvels fan Kalifornje fersille rekken.
Pecos Bill hie in faam dy't Slue-Foot Sue hiet. Hy seach har foar it earst doe't er mei de prêrjewolven fan syn âlde ridel oan it fiskjen wie, wylst sy in grutte marfal de Rio Grande del ried. Hy stike om har en die ferskate ûnwierskynlike dingen om yndruk op har te meitsjen. Sa skeat er by nacht ris alle stjerren út 'e loft útsein ien, dy't de Lone Star ("Ienlike Stjer") op 'e flagge fan Teksas waard (dat dêrom ek wol de Lone Star State neamd wurdt). Uteinlik die Bill oan Sue in houliksoansiik, en sy joech him tawurd.
Ofhinklik fan 'e ferzje fan it ferhaal woe Sue foar, ûnder of nei de trouwerij Widow-Maker beride. De hynst, dy't jaloersk wie dat er Bill net mear foar himsels hie, bokte Sue út it seal. Sy kaam del op har cul de Paris*, dy't har wer omheech fearre. Sa begûn se hieltyd heger te stuiterjen, oant se har holle op 't lêst stompte oan 'e moanne. Yn ien ferzje fan it ferhaal fong Bill har op mar waard doe meiskuord. Harren freonen en kunde mienden dat se earne oars hinne stuitere wiene, mar eins wiene se op 'e moanne bedarre, dêr't se noch lang en lokkich libben.
*) In cul de Paris of "falske stút" wie in moadeferskynsel wêrby't it efterwurk fan froulju aksintuëarre waard troch dat mei ekstra stof, suver in soarte fan kjessentsje, omheech te bringen.
Ferskate oare ferzjes fan dat ferhaal geane sa:
- Sue rekke úteinlik útstuitere, mar wie se sa traumatisearre fan 'e hiele ûnderfining, dat se neat mear fan Bill witte woe.
- Bill besocht har te fangen mei syn lasso, mar dat slagge net troch de sabotaazje Widow-Maker. Doe't it stuiterjen dagenlang oanhold, besefte Bill dat Sue úteinlik omkomme soe fan 'e honger, dat mei in uterste ynspanning wist er har mei syn lasso Shake dochs werom te bringen nei de grûn. Widow-Maker, dy't besefte dat er mis west hie, toande berou en krige ferjeffenis.
- Neat koe it stuiterjen fan Sue tsjinkeare, dat úteinlik rêste Bill gjin oare kar as om har út har lijen te ferlossen troch har dea te sjitten. Hoewol't er letter noch withoefolle kearen troude, hold er fan net ien fan syn frouwen safolle as fan Sue.
- Yn 'e ferzje út Merry Melody fan Disney kaam Sue troch har stuiterjen úteinlik allinne op 'e moanne telâne, dêr't se strâne rekke en Bill har net berikke koe. In telider sleine Bill joech him neitiid wer by de prêrjewolven, dy't fan dy tiid ôf nei de moanne gûle út respekt foar Bill syn fertriet om Sue.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |