Springe nei ynhâld

Norman (Oklahoma)

Ut Wikipedy
Norman
De haadstrjitte fan Norman.
De haadstrjitte fan Norman.
Emblemen
            
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Oklahoma
County Cleveland County
Sifers
Ynwennertal 123.471 (2018)
Oerflak 490,57 km² (ynkl. wetter)
463,27 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 266,5 / km²
Stêdekloft Oklahoma City
Hichte 357 m
Oar
Stifting 1889
Tiidsône UTC –6
Simmertiid UTC –5
Koördinaten 35°13′12″N 97°26′24″W
Offisjele webside
www.normanok.gov
Kaart
De haadstrjitte fan Norman.
De lizzing fan Norman yn Cleveland County en
yn 'e steat Oklahoma.

Norman (útspr.: ['nɔɹmən], likernôch: "nor-m'n") is in stêd yn it sintrale diel fan 'e Amerikaanske steat Oklahoma. It is it haadplak fan it omlizzende Cleveland County en makket diel út fan 'e stêdekloft fan Oklahoma City. Norman waard stifte yn 'e tiid fan 'e saneamde Lânrin fan 1889. Sûnt 1890 is it de sit fan 'e Universiteit fan Oklahoma. Op 'e kampus fan 'e universiteit binne twa museä fan namme fêstige, it Fred Jones Jr. Museum of Art en it Sam Noble Oklahoma Musuem of Natural History, en ek it National Weather Center. Neffens in offisjele skatting út 2018 hie Norman doe krapoan 124.000 ynwenners.

Norman leit yn it sintrale diel fan 'e Amerikaanske steat Oklahoma, en makket diel út fan 'e stêdekloft fan 'e steatshaadstêd Oklahoma City, dêr't it 30 km fan ôfleit. Norman wurdt foar it meastepart fan Oklahoma City skaat troch de stêd Moore. Norman sels hat in oerflak fan 490,57 km², wêrfan't 463,27 km² út lân bestiet en 27,3 km² út oerflaktewetter. De stêd leit op in hichte fan 357 m boppe seenivo yn in fierhinne flak gebiet begroeid mei prêrje, dat diel útmakket fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika.

It grutste part fan Oklahoma kaam yn 1803 by de Feriene Steaten te hearren troch de Oankeap fan Louisiana. Foarôfgeande oan 'e Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) deportearre de Amerikaanske oerheid de saneamde Fiif Beskaafde Stammen (Sjeroky, Tsjoktou, Tsjikkesou, Kriik en Seminoalen) út 'e súdeastlike steaten nei Oklahoma, sadat harren heitelân frijkaam foar kolonisaasje troch de blanken. Troch ferdraggen dy't it Amerikaanske regear yn 1832 en 1833 sleat mei de Kriik (Creek) waard de krite fan Norman oan dat folk oerdroegen. Nei ôfrin fan 'e Boargeroarloch waarden de Kriik beskuldige fan stipe oan 'e rebellearjende Konfederearre Steaten fan Amearika (hoewol't se eins like ferdield west hiene as de blanke Amerikanen), en waard harren it lân yn 1866 wer ôfnommen.

De haadstrjitte fan Norman yn 'e iere 1900-er jierren.

Yn 'e iere 1870-er jierren stjoerde it Amerikaanske regear in ploech lânmjitters út om it net tawiisde lân yn Oklahoma op te mjitten. Dat projekt stie ûnder tafersjoch fan in Abner Ernest Norman, in 23-jierrige lânmjitter út Kentucky. De ploech sloech op in stuit syn kamp op by wat no de hoeke fan Classen Street en Lindsey Street is, dêr't se by túltsjes in boerd oan in beam hongen mei dêrop de namme "Norman's Camp". Yn 1887 waard de Atchison, Topeka and Santa Fe Railway troch de krite hinne oanlein. It gebiet waard troch de oerheid frijjûn foar kolonisaasje as ûnderdiel fan 'e saneamde Lânrin fan 1889. Doe waard op 22 april in delsetting stifte, dy't nei 'Norman's Camp' Norman kaam te hjitten.

De earste gebouwen fan it plakje wiene amper oplutsen, of twa foaroansteande sakelju, Delbert Larsh en Thomas Wagonner, begûnen by it regear fan it Territoarium Oklahoma te lobbyen om 'e earste universiteit fan it organisearre territoarium yn Norman te striftsjen. It wie harren bedoeling om Norman sa fluch mooglik safolle mooglik groeie te litten. Wylst oare plakken strieden om wêr't de sit fan it territoriale regear komme soe, besleaten Larsh en Wagonner lykwols dat de fêstiging fan in universiteit foar teminsten likefolle groei en banen soargje soe. Troch harren krewearjen stifte it territoriale parlemint op 19 desimber 1890 de Universiteit fan Oklahoma yn Norman.

Norman plak krige formeel stedsrjochten op 13 maaie 1891. Inkele jierren letter waard it in saneamde sundown town ("sinne-ûndergongsstedsje"), dêr't Afro-Amerikanen net wenje en likemin oernachtsje mochten. Dat bleau sa oant it begjin fan 'e 1960-er jierren. Tsjin 1902 wie Norman al sa fierhinne groeid, dat der twa banken, twa hotels en in mole fêstige wiene. Yn 1913, doe't de stêd 3.700 ynwenners hie, loek de Oklahoma Railway Company syn tramline fan Oklahoma City nei Moore troch nei Norman, wat in wichtige ympuls foar de pleatslike ekonomy betsjutte. Yn 1940 wie de befolking oanwoeksen ta krapoan 11.500 minsken.

It besikerssintrum fan 'e Universiteit fan Oklahoma.

Yn 1941 leine de gemeente Norman en de Universiteit fan Oklahoma it Max Westheimer Fleanfjild oan, dat yn 1942 ferhierd waard oan 'e Amerikaanske Marine as in marineloftstasjon. Nei de Twadde Wrâldoarloch krige de universiteit it fleanfjild werom, dat tsjintwurdich it Max Westheimer Fleanfjild fan de Universiteit fan Oklahoma is, en brûkt wurdt foar de oplieding fan piloaten, ferkearslieders en oare beroppen yn 'e loftfeartsektor. Doe't yn juny 1959 Insterstate 35 folôge waard, dy't in flugge autoferbining mei Oklahoma City foarme, ûntjoech Norman him yn 'e folgjende jierren ta in forinzeplak, dêr't almar mear lju kamen te wenjen. De befolking groeide yn 'e 1960-er jierren fan 33.412 yn 1960 oant 52.117 yn 1970. Yn deselde snuorje wreide Norman syn oerflak mei 450 km² út troch de anneksaasje fan lytsere omlizzende mienskippen.

Norman hjoed de dei

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Norman stiet benammen bekend om't it de sit is fan 'e Universiteit fan Oklahoma (OU). Ta de universiteit heart ek it National Weather Center. Dat is in gearwurkingsferbân op it mêd fan waar, klimaat en meteorology fan 'e Universiteit fan Oklama en de National Oceanic and Atmospheric Administration (NOAA), de Amerikaanske oerheidsynstânsje dy't oer waar en klimaat giet.

Op 'e kampus fan 'e universiteit binne ek twa foaroansteande museä fêstige. It Fred Jones Jr. Museum of Art is in keunstmuseum mei in grut tal Yndiaanske keunstfoarwerpen en ek in wichtige kolleksje op it mêd fan it Frânske ympresjonisme, mei wurk fan û.o. Claude Monet, Vincent van Gogh, Paul Gauguin en Pierre-Auguste Renoir. It Sam Noble Oklahoma Museum of Natural History is in natoerhistoarysk museum dat spesjalisearre is yn 'e skiednis fan Oklahoma, mei wiidweidige kolleksjes op it mêd fan 'e argeology, paleöntology, etnology, herpetology en ornitology.

It Fred Jones Jr. Museum of Art.

De wichtichste eveneminten dy't yn Norman holden wurde, binne de Norman Midieval Fair en it Norman Music Festival. De Midieval Fair, dy't yn it lêste wykein fan maart of it earste fan april holden wurdt, is in merke mei in Midsiuwsk tema dêr't spullen, sport, keunst en kultuer oan bod komme. Hichtepunt is it toernoai, wêrby't ridders inoar mei lânsen fan it hynder besykje te stjitten. It Norman Music Festival is in muzykfestival dat sûnt 2008 alle jierren yn april organisearre wurdt en mear as 25.000 besikers lûkt.

Norman hat fjouwer susterstêden.

It National Weather Center.

Neffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Norman yn 2018 in befolking fan 123.471 minsken. De befolkingstichtens bedroech dêrmei 266,5 minsken de km². Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Norman 10,0% âlder as 65 jier en 25,6% jonger as 18 jier. Fierders bestie 30,7% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 19,2% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe.

Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 78,3% blanken; 6,4% Latino's; 4,7% Yndianen; 4,3% swarten; 3,8% Aziaten; 0,1% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 2,4% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Op religieus mêd wie neffens in enkête út 2000 50,2% fan 'e ynwenners fan Norman lid fan in religieuze organisaasje. Dêrfan wie 43,6% lid fan 'e Súdlike Baptistekonvinsje, 15,0% fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke, 13,0% fan 'e Feriene Metodistyske Tsjerke, 3,3% fan 'e Assimblee fan God, 2,8% fan 'e Tsjerken fan Kristus, en 2,1% fan 'e Tsjerke fan Jezus Kristus fan 'e Hilligen fan 'e Lêste Dagen.

Berne yn Norman

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wjerljocht boppe Norman by swierwaar.

Norman hat in tuskenbeiden subtropysk klimaat, mei wiete, hjitte simmers en drûge koele winters. Yn augustus, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 33,8 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 3,9 °C. Simmers kinne yn Norman ekstreem waarm wêze, lykas yn 'e histoarysk hjitte simmers fan 1980 en 2011, doe't de temperatueren hast alle dagen fan mids juny oant begjin septimber boppe de 38 °C útkamen.

Norman kriget jiers trochinoar 981 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 12 sm snie. De measte delslach falt yn maaie en juny. De stêd leit midden yn Tornado Alley, de krite fan 'e Feriene Steaten dêr't de measte tornado's foarkomme. It 'tornadoseizoen' (mei 80% fan 'e tornado's) duorret fan maart oant july. Op 10 maaie 2010 waard Norman foar it lêst troffen troch in grutte tornado, dy't ferskate huzen en bedriuwen mei de grûn lyk makke.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.