Springe nei ynhâld

Mole Lake Yndianereservaat

Ut Wikipedy
Mole Lake Yndianereservaat
Mole Lake Indian Reservation
polityk
haadplak Mole Lake (Wiskonsin)
stamme Sokaogon Tsjippewa Mienskip
lân Feriene Steaten
steat Wiskonsin
sifers
ynwenners 500 (2015)
oerflak 19,85 km²
bef.tichth. 25,2 / km²
oar
stifting 1937
tiidsône UTC –6
simmertiid UTC –5
webside www.sokaogonchippewa.com
kaart
Yndianereservaten yn 'e steat Wiskonsin. Mole Lake is werjûn yn read.

It Mole Lake Yndianereservaat (Ingelsk: Mole Lake Indian Reservation) is it reservaat fan 'e federaal erkende Sokaogon Tsjippewa Mienskip (Sokaogon Chippewa Community). It leit yn it noardeasten fan 'e Amerikaanske steat Wiskonsin, en bestiet út in stikmannich net opinoar oanslutende perselen. Yn it reservaat stiet û.m. it monumintale Dinesen Log House en teffens it eigen kasino fan 'e Sokaogon Tsjippewa Mienskip, it Mole Lake Casino and Bingo.

Yn wat no it Mole Lake Yndianereservaat is, fûn yn 1806 de Slach by Mole Lake plak tusken de Odjibwe en de Dakota, wêrby't mear as fiifhûndert krigers it libben lieten. Hjoed de dei stiet op it plak fan dy fjildslach, deunby it doarp Mole Lake, in tinkteken yn 'e berm fan 'e snelwei Highway 55.

De Mole Lake-Tsjippewa binne in histoarysk folksdiel fan 'e Odjibwe. Hja hearden ta de ûndertekeners fan it earste Ferdrach fan La Pointe, dat yn 1842 troch guon Odjibwe-troepen mei fertsjintwurdigers fan it regear fan 'e Feriene Steaten sletten waard. Yn 1854 ferlearen de Mole Lake-troep en de St. Croix-troep lykwols harren rjocht op federale erkenning om't se by it twadde Ferdrach fan La Pointe net fertsjintwurdige west hiene. Boppedat gie de akte fan besit fan it eardere Yndianereservaat fan 'e Mole Lake-troep ferlern by in skipbrek op 'e Boppemar.

Pas ûnder de Wet op de Yndiaanske Reorganisaasje, fan 1934, wisten de Mole Lake-troep en de eastlike helte fan 'e St. Croix-troep harren te reorganisearjen. Yn 1937 slagge it de Mole Lake Troep fan Boppemarder Tsjippewa, sa't de stamme doe hiet, lang om let en win ûnder lieding fan it opperhaad Willard Ackley syn federale status en reservaat werom.

Oan 'e ein fan 'e 1960-er jierren waard der deunby it Mole Lake Yndianereservaat sink- en kopererts yn 'e grûn oantroffen. Neitiid waard fêststeld dat it dêrby om ien fan 'e rykste fynsten op dat mêd yn 'e skiednis fan Noard-Amearika gie. It plan om der in myn te fêstigjen (de saneamde Crandon-myn) om 'e erts te eksploitearjen, mette lykwols fûleindige wjerstân fan miljeu-aktivisten, de Sokaogon Tsjippewa Mienskip en de oanbuorjende Forest County Potawatomy Naasje. Dêrtroch ûntstie in kontroversjele ympasse dy't goed tritich jier oanhold, oant de beide stammen yn 2002 in rjochtsaak foar it Amerikaansk Heechgerjochtshôf wûnen dy't eksploitaasje fan 'e Crandon-myn ekonomysk ûnoantreklik makke. Dêrnei koene se de myn yn 2003 opkeapje foar $16,5 miljoen oan jild dat se fertsjinne hiene mei harren respektivelike kasino's, sadat plannen foar eksploitaasje fan 'e myn foargoed tsjinholden waarden.

It Mole Lake Yndianereservaat leit op 45°29′52″ noarderbreedte by 88°59′20″ westerlingte yn it noardeastlike part fan 'e Amerikaanske steat Wiskonsin. It bestiet út in stikmannich net opinoar oanslutende lytse perselen grûn yn Forest County, oan 'e iggen fan 'e Mole-mar, de Rice-mar en de Bishop-mar. Yn totaal hat it reservaat in oerflak fan 19,9 km² (of 1.984,7 ha). It haadkertier fan 'e Sokaogon Tsjippewa Mienskip is fêstige yn it doarp Mole Lake, dat ta de gemeente Nashville heart en foar in diel yn it reservaat leit.

It histoaryske Dinesen Log House.

It Mole Lake Reservaat is it Yndianereservaat fan 'e federaal erkende Sokaogon Tsjippewa Mienskip. Dat is ien fan 'e 22 ûnderskate stamme-organisaasjes dy't yn 'e Feriene Steaten de Odjibwe (Ojibwe), ek wol Tsjippewa (Chippewa) neamd, fertsjintwurdigje, in Algonkwynsk folk dat yn it gebiet fan 'e Grutte Marren sawol yn 'e Feriene Steaten as yn Kanada libbet. Neffens gegevens út 2015 wennen der doe likernôch 500 minsken yn it Mole Lake Reservaat. De befolkingstichtens bedroech yn 25,2 minsken de km².

Ekonomy en foarsjennings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it Mole Lake Reservaat stiet ien fan 'e âldste blokhutten fan Wiskonsin, it Dinesen Log House, dat yn 2005 opnommen is yn it Amerikaanske Nasjonaal Register fan Histoaryske Plakken en nei in yngeande renovaasje yn 2010 wer foar it publyk te besichtigjen waard. De blokhutte waard yn 'e 1870-er jierren boud troch de Deenske aventoersman Wilhelm Dinesen, de heit fan 'e ferneamde skriuwster Karen Blixen.

It Mole Lake Casino and Bingo.

Dyselde neamde de hutte Frydenlund ("Freugdebosk") en hold der 14 moannen ta ear't er nei Denemark weromkearde. Yn 'e tiid dat er mank de Odjibwe tahold, sloech Dinesen om mei in pleatslike frou dy't foar him itensea en de húshâlding berêde, en nei syn ôfreis skonk dy it libben oan in dochter, Emma, wa har neiteam oft noch altyd mank de Sokaogon Tsjippewa Mienskip libbet. It Dinesen Log House is tsjintwurdich in wichtige toeristyske attraksje dy't elts jier yn augustus it sintrum is fan in feestlik evenenmint wêrby't skiednis, taal, folksmuzyk en de tradisjonele gerjochten, keunsten en ambachten fan 'e pleatslike Odjibwe beljochte wurde.

In oare wichtige attraksje yn it Mole Lake Reservaat is it Mole Lake Casino and Bingo, it kasino fan 'e Sokaogon Tsjippewa Mienskip, dy't op reservaatlân net bûn is oan it steatsferbod op gokken dat yn Wiskonsin fan krêft is. Dit kasino stiet 11 km besuden de stêd Crandon en 48 km eastlik fan Rhinelander oan 'e snelwei Highway 55. It omfettet in restaurant, in kafee, in jildautomaat, tafels foar it spyljen fan ienentweintigjen en mear as fjouwerhûndert fruitautomaten. It kasino is alle dagen iepen. Deunby is ek in tankstasjon fêstige mei in lytse supermerk dêr't libbensmiddels, sigaretten, wylde rys en Yndiaanske ambachtlike produkten te keap binne.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.