Springe nei ynhâld

Moldaavje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Moldavië)
Republica Moldova
Flagge fan Moldaavje Wapen fan Moldaavje
Flagge Wapen
Lokaasje fan Moldaavje
Offisjele taal Roemeensk
Haadstêd Chisinau
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
33.843 km²
1,4­%
Ynwenners (2009) 4.320.748
Munt Leu (MDL)
Tiidsône UTC +2
Nasjonale feestdei -
Lânkoade MDA
Ynternet .md
Tillefoan 373

Moldaavje is in lân yn East-Jeropa. De haadstêd is Chisinau. It lân is yn 1991 ûnôfhinklik wurden fan de Sowjetuny en wurdt as it earmste lân yn Jeropa sjoen.

Moldaavje hat in oerflak fan 33.843 km². Yn it noarden, easten en suden wurdt Moldaavje begrinze troch de Oekraïne, en is 940 km lang. De grins mei Roemeenje yn it westen is 450 km lang. It leechste punt is 2 m en leit by de langste rivier fan it lân, de Dnjestr. It heechste punt is de Dealul Balanesti 430 m. De temperatuer yn de winter is matich, mei waarme simmers.

Moldaavje hearde yn it ynterbellum by Roemeenje, en nei de Twadde Wrâldkriich by de Sowjetuny. Nettsjinsteande de ûnôfhinklikens fan Moldaavje yn 1991, bleauwen Russyske troepen yn Moldaavje oan de eastkant fan de Djnestr om de Slavyske mearderheid te stypjen. De Slavyske minderheid, foar it grutste part Oekraïners en Russen, ha dêr yn 1990 harren eigen republyk Trânsnystrje útroppen mar is noch troch gjin oare steat erkend. As ien fan de earmste Jeropeeske lannen keas Moldaavje as earste froegere Sowjet steat in kommunistyske presidint.

It tal ynwenners wurdt yn 2009 op 4.320.748 rûsd. De etnyske gearstalling yn 2004 wie as folget: 78,2% Moldovaren/Roemenen, 8,4% Oekraïners, 5,8% Russen, 4,4% Gagauz, 1,9% Bulgaarsk en 1,3% hie in oare etnyske komôf. Wat de religy oangiet is de mearderheid Eastersk-ortodoksk (98%), 1,5% Joadsk en 0,5% hie in oar leauwen. Offisjele taal is it Moldavysk (suver itselde as Roemeensk), dêrneist praat in minderheid Russysk of Gagauz (in Turksk dialekt).

BYP per persoan is $2.300 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 17,8% lânbou, 21,7% yndustry en 60,5% tsjinsten.

Jeropeeske Uny
Lidsteaten:
BelgjeBulgarijeDenemarkDútslânEastenrykEstlânFinlânFrankrykGrikelânHongarijeIerlânItaaljeKroaasjeLetlânLitouwenLúksemboarchMaltaNederlânPoalenPortegalRoemeenjeSyprusSloveenjeSlowakijeSpanjeSwedenTsjechje
Ultraperifeare regio's:
Frankryk: Frânsk-GuyanaGûadelûpMajotMartinykReünionSint-Marten
Portegal: AzoarenMadeara
Spanje: Kanaryske Eilannen
Kandidaat-lidsteaten:
AlbaanjeBosnjeGeorgjeMoldaavjeMontenegroNoard-MasedoanjeOekraïneServjeTurkije
· · Berjocht bewurkje