Springe nei ynhâld

Miss Sloane

Ut Wikipedy
Miss Sloane
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur John Madden
produsint Ariel Zeitoun
Ben Browning
Kris Thykier
senario Jonathan Perera
kamerarezjy Sebastian Blenkov
muzyk Max Richter
filmstudio FilmNation Entertainment
Archery Pictures
France 2 Cinema
Studio Canal+
Ciné+
France Télévisions
distribúsje EuropaCorp (wrâld)
Relativity Media (Feriene Steaten)
spilers
haadrollen Jessica Chastain
Gugu Mbatha-Raw
byrollen Mark Strong
Michael Stuhlbarg
John Lithgow
Sam Waterston
Alison Pill
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Frankryk
premiêre 25 novimber 2016
foarm langspylfilm
sjenre politike skriller
taal Ingelsk
spyltiid 127 minuten
budget en resultaten
budget $13–18 miljoen
opbringst $9,1 miljoen

Miss Sloane is in Amerikaansk-Frânske politike skrillerfilm út 2016 ûnder rezjy fan John Madden, mei yn 'e haadrollen Jessica Chastain en Gugu Mbatha-Raw. De titel betsjut "Frou Sloane". It ferhaal giet oer Elizabeth Sloane, ien fan 'e meast yn 'e wol ferve politike lobbyisten yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C., dy't op in stuit beslút om har yn te setten foar it oannimmen fan in wet dy't it wapenbesit yn 'e Feriene Steaten oan bannen leit. Dêrmei giet se rjocht yn tsjin har eardere kollega's en wurkjouwers. Dy spylje it spultsje op falske wize troch te besykjen om Sloane te treffen troch dingen út har privee-libben út te bringen. Miss Sloane krige oer it algemien positive resinsjes, en Chastain waard foar har titelrol nominearre foar de Golden Globe foar bêste aktrise yn in dramafilm. Lykwols flopte de film yn 'e bioskopen.

Elizabeth Sloane is in lobbyiste dy't pokke en mûzele is yn 'e polityk yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C., dêr't de konkurrinsje moardzjend is. Hja wurdt oproppen om te tsjûgjen foar in kommisje fan it Amerikaanske Kongres, dy't ûnder foarsitterskip stiet fan senator Ron M. Sperling, om fragen te beäntwurdzjen oer har mooglike oertrêdings fan 'e etyske regels fan 'e Senaat yn 'e tiid dat se foar de lobbyfirma Cole, Kravitz & Waterman wurke.

It ferhaal springt dan trije moannen en ien wike werom yn 'e tiid. Cole, Kravitz & Waterman wurdt yn 'e earm nommen troch wapenfabrikant Bill Sanford om 'e leden fan it Kongres te bewegen tsjin 'e saneamde Heaton-Harris Bill te stimmen. Dat is in wetsfoarstel dat de universele eftergrûncheck útwreidzje wol foar lju dy't in fjoerwapen oanskaffe wolle (om te sjen oft se geastlik wol ynoarder binne of in strafblêd hawwe). Soks wurdt dien troch de efterban fan 'e kongresleden yn te palmjen, sadat dy dan wer druk op 'e kongresleden útoefenet. De lobbykampanje moat him yn it bysûnder rjochtsje op it froulike diel fan it elektoraat.

Sloane beslacht it idee fan Sanford lykwols mei de gek. Letter nimt in Rodolfo Schmidt kontakt mei har op, de direkteur fan 'e rivalisearjende lobbyfirma Peterson Wyatt. Dyselde freget har om ynstee de kampanje te lieden dy't derfoar soargje moat dat de Heaton-Harris Bill àl oannommen wurdt. Sloane stimt mei dat foarstel yn en hast har hiele stêf by Cole, Kravitz & Waterman makket mei har de oerstap nei Peterson Wyatt. Inkeld har neiste meiwurkster Jane Molloy wegeret fan wurkjouwer te feroarjen en bliuwt trou oan Cole, Kravitz & Waterman.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn har nije baan kiest Sloane de jonge, swarte frou Esmé Manucharian út as it gesicht fan 'e lobbykampanje yn 'e media. Al rillegau begjinne se oansjenlike foarútgong te boeken by in gearfandeljen fan stimmen yn it Kongres foar de Heaton-Harris Bill. Sloane makket Esmé dúdlik dat sy ôfwit fan har ferline, mei't Esmé in oerlibbene is fan in sjitpartij op in skoalle. Esmé freget har mei klam om dat geheim foar har te bewarjen, mei't se it ferline efter har litten hat en der net mear mei konfrontearre wurde wol. Sloane stimt dêr mei yn.

In stikmannich wiken letter, by in debat dat live op 'e tillefyzje útstjoerd wurdt, brekt Sloane lykwols har wurd en fertelt se dochs wat Esmé oerkommen is. Dêrmei set se Esmé foar it blok, want de media rûke in soppich ferhaal en litte har net gewurde. Letter wurdt Esmé troch in oerfaller mei in pistoal op 'e strjitte bedrige mei de dea, om't er net leaut dat se net mear fan wearde by har hat as wat se him al jûn hat. Foar't de man har wat oandwaan kin, wurdt er lykwols deasketten troch in foarbygonger dy't legaal in fjoerwapen by him draacht. De wapenlobby grypt dat foarfal oan om der foardiel fan te beheljen, en de stipe foar de Heaton-Harris Bill yn 'e Senaat sakket yn.

Esmé, dy't no alhiel oerstjoer is, konfrontearret Sloane mei har ferrie fan har ferline, en Sloane jout ta dat se fan it begjin ôf oan al fan doel wie om dat op it juste momint yn 'e kampanje út te bringen. Desyllúzjonearre nimt Esmé ûntslach en lûkt har werom út Washington, D.C. Underwilens besiket de wapenlobby de kampanje fan Sloane sadanich te ûndermynjen dat der neat mear fan oerbliuwt, en dat dogge se troch yn har priveelibben te graven. Se krije oanwizings boppe wetter dat Sloane út en troch gebrûk makket fan 'e tsjinsten fan in gigolo, Rob Forde. Tanksij Jane Molloy fine se ek bewiis dat Sloane it by har lobbypraktiken yn it ferline net altyd like nau nommen hat mei de etyske regels fan 'e Senaat.

Sloane wurdt foar in harksitting fan 'e kommisje oangeande etyk fan 'e Senaat dage. As dat bekend wurdt, sakket de stipe foar de Heaton-Harris Bill alhiel yn, ta wanhoop fan Schmidt en de anty-wapenlobby. Op 'e harksitting wurdt earst besocht en bring Sloane yn diskredyt troch Rob Forde tsjûgje te litten oer de betelle seks dy't se hân hawwe. As it derop oankomt, wegeret Forde lykwols ferrassend genôch om it smoarge spultsje fan Sperling en de wapenlobby mei te spyljen en docht er meineed om Sloane te beskermjen.

Dêrop komt Sperling oan mei it dokumint dat Jane Molloy foar de wapenlobby opdûkele hat: in formulier dêr't in reis nei it bûtenlân foar in senator mei oanfrege wurdt. It wie oanfrege troch in non-profitynstelling, mar ynfolle yn Sloane har hânskrift. Om't har lobbyfirma dúdlik gjin non-profitynstelling is, hat se dêrmei de etyske regels oertrêde dêr't lobbyisten har oan hawwe te hâlden. Koartsein wiist it op omkeaping fan 'e senator yn kwestje troch in lobbyist: in plezierreiske yn ruil foar in stim. Op in oare fraach antwurdet Sloane ûnder de eed dat se nea yllegale ôflústerpraktiken útfiere litten hat.

Oan 'e ein fan 'e harksitting kriget Sloane de gelegenheid om in ferklearring ôf te lizzen. As se dat docht, fertelt se dat se yn 't foar wol oankommen seach dat de wapenlobby har persoanlik oanfalle soe as Peterson Wyatt tefolle foarútgong boekte mei de stipe foar de Heaton-Harris Bill. Se dosearret dat lobbyen inkeld súksesfol wêze kin as men de setten fan 'e tsjinpartij ferwachtet en dêrop antisipearret. Dan bringt se oan it ljocht dat se dêrom in mol efterlitten hie by Cole, Kravitz & Waterman, om har op 'e hichte te hâlden fan 'e stân fan saken mei de kampanje fan 'e wapenlobby. Dy mol blykt Jane Molloy te wêzen, dy't op datseldichste stuit yn 'e seal oerein komt, har baas yn it ear flústeret dat se ûntslach nimt en fuort giet.

Sloane bychtet ek op dat se wol deeglik lju ôflústerje litten hat, mei ynteressante útkomsten. Se jout de gearkommen media in webside troch dêr't se de opnamen sels besjen en beharkje kinne. De sjoernalisten litte dêr gjin gers oer groeie en sjogge en hearre hoe't George Dupont, de baas fan Cole, Kravitz & Waterman, yn in tsjustere parkearkelder in moeting hat mei senator Sperling, dy't er omkeapet om Sloane foar de etykkommisje te daagjen.

Tsien moannen letter wurdt Sloane yn 'e finzenis, dêr't se in selstraf útsit foar meineed, fraude en oare yllegale praktiken, opsocht troch har abbekaat. Dyselde bringt har it nijs dat de Heaton-Harris Bill troch de Senaat oannommen is. Hy freget har oft de priis dêrfoar, har reputaasje, karriêre en frijheid, net te heech west hat. Sloane antwurdet dat men yn 'e lobbywrâld altyd ree wêze moat om tsjin eltse priis te winnen, oars moatte je oar wurk sykje. De film einiget as Sloane nei it útsitten fan har straf frijlitten wurdt en oan in folslein nij bestean begjinne moat.

Jessica Chastain.
Gugu Mbatha-Raw.
Mark Strong.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Elizabeth Sloane Jessica Chastain
Esmé Manucharian Gugu Mbatha-Raw


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Rodolfo Schmidt Mark Strong
Pat Connors Michael Stuhlbarg
senator Ron M. Sperling John Lithgow
George Dupont Sam Waterston
Jane Molloy Alison Pill
Rob Forde Jake Lacy
R.M. Dutton Raoul Bhaneja
Bill Sanford Chuck Sharnata
Alex Douglas Smith
Clara Thomson Meghann Fahy
Lauren Grace Lynn Kung
Ross Al Mukadam
Franklin Walsh Noah Robbins
Cynthia Green Lucy Owen
Big Sam Sergio Di Zio
Little Sam Joe Pingue
Frank McGill Michael Cram
presintator Dylan Baker
Ramirez Zach Smadu
Travis Austin Strugnell
Pru West Alexandra Castillo
"Buzzcut" Jack Murray
Evelyn Sumner Christine Baranski
Junior Spencer Aaron Hale
Greta Greta Onieogou

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Miss Sloane waard regissearre troch John Madden, dy't earder grut súkses hân hie mei films as Mrs Brown (1997), Shakespeare in Love (1998), Captain Corelli's Mandolin (2001) en The Best Exotic Marigold Hotel (2011). Hy wurke op basis fan in senario fan Jonathan Perera, dy't nei't it skynt syn eigen mem brûkt hie om 'e haadpersoan Elizabeth Sloane op te basearjen. Haadrolspylster Jessica Chastain rette har op 'e rol ta troch de boeken fan Jack Abramoff te lêzen en petearen te hâlden mei echte froulike lobbyisten yn Washington, D.C.

As produsinten wiene Ariel Zeitoun, Ben Browning en Kris Thykier by it projekt belutsen foar de filmstudio's FilmNation Entertainment, Archery Pictures, France 2 Cinema, Studio Canal+, Ciné+ en France Télévisions. De produksje waard foar it meastepart finansierd troch EuropaCorp fan Luc Besson. De film wie dêrmei in Amerikaansk-Frânske ko-produksje. Foar Miss Sloane wie in budget beskikber fan $13 oant 18 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Sebastian Blenkov, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Max Richter.

De opnamen foar Miss Sloane setten op 12 febrewaris 2016 útein en duorren oant en mei 6 april fan dat jier. De film waard fierhinne opnommen yn it Kanadeeske Toronto, en hoewol't der ek filme waard yn Washington, D.C., gie it dêrby benammen om bylden fan 'e skyline en fan bekende gebouwen dy't oanjaan moatte wêr't de foarfallen plakfine.

De distribúsje fan Miss Sloane waard yn 'e Feriene Steaten fersoarge troch Relativity Media en yn Frankryk en de rest fan 'e wrâld troch EuropaCorp. De film waard op 11 novimber 2016 foar it earst fertoand op it AFI Fest fan it Amerikaansk Filmynstitút. Miss Sloane iepene dêrnei op 25 novimber yn 'e Amerikaanske bioskopen, mar kaam pas op 8 maart 2017 yn Frankryk yn 'e bioskoop.

Fan 'e filmkritisy krige Miss Sloane oer it algemien positive resinsjes. Fral haadrolspylster Jessica Chastain krige in protte lof foar wat beskôge waard as in glânsrol. Yn The Hollywood Reporter skreau Todd McCarthy: "Sa yntrigearjend binne de dreaune, fernimstige en kompromitearre personaazjes, en sa ûneinich de dramatyske mooglikheden op dit krúspunt fan it grutte jild en de polityk, dat in ûnbidich útwreide tillefyzjesearje om dizze [of soartgelikense] personaazjes hinne […], tige wolkom wêze soe." Peter Debruge fan Variety skreau: "Miss Sloane is in praterige, spannende politike skriller, dy't fol sit mei ferbale gefjochten en fjurrige monologen, mar syn Waterloo fynt yn in tige stomme ein. Mar dat betsjut net dat [de film] foar it meastepart fan syn spyldoer net fernimstich is."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Miss Sloane in goedkarringspersintaazje fan 76%, basearre op 191 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Miss Sloane rêst folslein op 'e aktearprestaasje fan Jessica Chastain – en sy beäntwurdet dy ferantwurdlikheid mei Oscar-wurdich wurk dêr't se de film eigenhandich mei úttilt boppe soartgelikense rolprinten." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Miss Sloane in goedkarringspersintaazje fan 64%, basearre op 41 resinsjes.

Miss Sloane brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $3,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $5,6 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $9,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $13 oant 18 miljoen betsjut dat in ferlies fan $3,9 oant 8,9 miljoen, dêr de marketingkosten noch by opteld wurde moatte.

Jessica Chastain waard yn 2017 foar har titelrol yn Miss Sloane nominearre foar de Golden Globe foar bêste aktrise yn in dramafilm. Hja sleepte ek nominaasjes yn 'e wacht foar ferskate mindere prizen.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.