Springe nei ynhâld

Minderjierrige

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Minderjierrigens)

In minderjierrige is in persoan (wetlik betitele as in bern) dy't jonger is as in beskate âldens, en dêrom (noch) net deselde rjochten en plichten ûnder de wet hat as in folwoeksene (of mearderjierrige). Sokke bern wurde wetlik as wilsûnbekwaam beskôge en kinne dêrom net frij oer har eigen persoan en eigendommen beskikke. Hja steane ûnder it âlderlik gesach (dat útoefene wurdt troch harren âlden) of ûnder in oare foarm fan fâdij oant se mearderjierich wurde. De bedoeling hjirfan is om bern te beskermjen tsjin harren eigen brekme oan ûnderfining en dryst hâlden en dragen, en teffens tsjin útrûpeling troch kweawollende folwoeksenen. De steat fan it minderjierrich wêzen wurdt oantsjut as minderjierrigens of minderjierrichheid. Oant hokker âldens oft bern minderjierrich bliuwe, kin fan lân oant lân ferskille, mar is yn 'e Westerske wrâld oer it algemien 18 jier.

De âlden of fersoargers regelje foar minderjierrigen (hoewol mooglik wol mei ynspraak fan dyselde minderjierrigen) û.m. it wetlike wen- of ferbliuwplak, de sûnenssoarch (oant 14 jier) en finansjele saken. Op dat lêste mêd hawwe de âlden of fersoargers it behear oer goed en guod as minderjierrigen bgl. in hûs, grûnbesit of jild fan harsels hawwe, hoewol't se dy besittings net ferkeapje kinne sûnder tastimming fan 'e rjochtbank. Minderjierrigen kinne fierders gjin beërf oanfurdzje (dat dogge de âlden of fersoargers foar harren) of skinkings dwaan. Wol kinne se (yn Nederlân) fan 16 jier ôf yn in testamint oer de helte fan harren goed en guod beskikke. Om't minderjierrigen wilsûnbekwaam achte wurde te wêzen, binne de âlden of fersoargers oanspraaklik foar de skea dy't se oanrjochtsje by ûngemakken (bygelyks as se by it fuotbaljen earne in bal troch it rút traapje).

Wichtige kontrakten kinne minderjierrigen net ôfslute; dogge se dat dochs, dan kinne de âlden of fersoargers sa'n kontrakt neatich ferklearje litte. By oankeapen yn winkels hinget it fan 'e priis ôf oft in minderjierrige soks dwaan mei: in blikje frisdrinken of in pûde snobbersguod kin sûnder beswier kocht wurde, mar bgl. djoere merkklean of in auto kin net oanskaft wurde sûnder dúdlike tastimming fan 'e âlden of fersoargers. Wol kinne minderjierrigen by in bank op eigen namme in sparrekken iepenje, en kinne se dêr fan harren sechstjinde jier ôf eltse moanne maksimaal 125 fan opnimme, salang't harren âlden of fersoargers har dêr net tsjin oankantsje.

Minderjierrigen dy't fan hûs fuortrinne, kinne op fersyk fan 'e âlden of fersoargers troch de plysje opspoard wurde. As der it fermoeden bestiet dat der in earnstige reden is foar it útnaaien (lykas bernemishanneling, bernemisbrûk of ynsest), wurde se lykwols net twongen om by de âlden of fersoargers werom te kearen. Ynstee dêrfan sille se (yn Nederlân) yn sokke gefallen oerdroegen wurde oan 'e jongereinsoarch, dy't mei de âlden of fersoargers bemiddelje sil of de rjochter freegje sil om maatregels te nimmen. De rjochter kin de âlden dan út 'e âlderlike macht sette of de fersoargers de fâdij ûntnimme. De minderjierrigen sille yn sokke gefallen yn in opfangtehûs of in pleechgesin telâne komme. As lykwols bliken docht dat minderjierrigen sûnder earnstige problemen yn 'e thússitewaasje fan hûs fuortlokke binne troch bûtensteanders, kinne dy lêsten, lykfol hokker reden oft se ek foar harren dieden hiene, ferfolge wurde foar ûntlûking oan it âlderlik gesach, wat yn Nederlân in strafber misdriuw is.

Oare rjochten en plichten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Minderjierrigen binne yn 'e measte (Westerske) lannen fan likernôch 6 oant 18 jier learplichtich, en moatte dêrta ûnderwiis folgje troch nei skoalle te gean. It rjocht fan minderjierrigen op in eigen priveelibben is foar harren âlden of fersoargers oer tige beheind, en hinget ôf fan 'e romte dy't de âlden of fersoargers harren datoangeande biede. Dy kinne nammentlik, as se dat wolle, it near lizze op beskate aktiviteiten, lektuer of de omgong mei freonen. Teffens kinne se relaasjes en korrespondinsje fan minderjierrigen ûnder harren fâdij kontrolearje en regulearje. It iennichste wat de âlden op dat mêd wetlik net dwaan meie, is de omgong mei de pakes en beppes ferbiede. Op it mêd fan it strafrjocht binne der spesjale regels foar minderjierrigen, dy't datoangeande yn West-Jeropa ûnder it jeugdstrafrjocht falle ynstee fan ûnder it reguliere strafrjocht.

As minderjierrigen (yn Nederlân) in houlik slute wolle foar't se 18 jier binne, hawwe se dêrfoar ferlet fan 'e ynstimming fan harren âlden of fersoargers. Boppedat moat der sprake wêze fan swierwêzen of fan in eigen bern dat al berne is. (Dit is in wetlik oerbliuwsel fan 'e tiid dat it in grutte skande wie as in bern bûten it houlik berne waard.) As de âlden of fersoargers yn sa'n sitewaasje gjin tastimming jouwe, kin de rjochter harren yn it ûngelyk stelle en it houlik dochs noch trochgean litte. As minderjierrigen trouwe, wurde se foar de wet automatysk mearderjierrich, ek al binne se dan noch gjin 18 jier. Ek in allinnichsteande mem fan tusken de 16 en 18 jier kin yn Nederlân mearderjierrich ferklearre wurde, om't foar dat foar de opfieding fan har bern foar guon saken nedich is of fan pas komt.

Minimumleeftydsgrinzen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar in protte aktiviteiten dy't rûnom as skealik beskôge wurde (drinken fan alkohol, smoken) of wêrfoar't in beskate mjitte fan folwoeksen ynsjoch nedich is (autoriden, stimmen) besteane yn 'e measte lannen minimumleeftydsgrinzen. Faak falle dy gear mei de oergong fan minderjierrigens nei folwoeksenens, mar soms ek net.

Yn Nederlân leit de grins tusken minder- en mearderjierrigens op 18 jier, al wie dat oant 1986 noch 21 jier. Yn 'e measte oare lannen leit dy grins ek by 18 jier, lykas yn Belgje, Dútslân, Itaalje, Kroaasje, Ingelân, Wales, Noard-Ierlân, de Feriene Steaten, Austraalje, Brazylje, Kolombia, Meksiko, Yndia, de Filipinen en de Kanadeeske provinsjes Alberta, Kebek, Manitoba, Ontario, Prins Edwardeilân en Saskatchewan. Yn Skotlân is men mei 16 jier al mearderjierrich, yn 'e Kanadeeske provinsjes en territoaria Britsk-Kolumbia, Yukon, Nijfûnlân en Labrador, Nij-Breunswyk, Nij-Skotlân, Nûnavût en de Noardwestlike Territoaria mei 19 jier, en yn Japan, Nij-Seelân, Tailân en Taiwan pas mei 20 jier.

Yn 'e measte lannen (wêrûnder Nederlân) is 18 jier de minimumleeftyd om te stimmen, en kriget men dan it stimrjocht, wêrnei't men dielnimme kin oan ferkiezings. Der wurdt al jierrenlang oer diskusjearre om dy leeftydsgrins omleech te bringen nei 16 jier, mar dat is oant no (2017) ta noch net bard. Yn 'e measte lannen (wêrûnder Nederlân) is 18 jier ek de minimumleeftyd om te autoriden, en mei men dan pas selsstannich in auto bestjoere op 'e iepenbiere wei (as men teminsten yn it besit is fan in rydbewiis). Yn 'e Feriene Steaten mei dat lykwols al mei 16 jier. De minimumleeftyd om te trouwen is yn Nederlân fêststeld op 18 jier, mar leit yn guon ûntwikkelingslannen in stik leger en is dêr faak ferskillend per geslacht (yn sokke gefallen foar famkes leger as foar jonges, en net selden mar 15 jier).

Ek is yn Nederlân 18 jier de minimumleeftyd om alkohol te drinken en de minimumleeftyd om te smoken, en mei men dan dus pas alkoholyske dranken keapje en drinke en smokersguod keapje en opsmoke. Dy leeftydsgrins is per 1 jannewaris 2014 omheechhelle fan 16 jier om komasûpen tsjin te gean, mei desastreuze gefolgen, om't minderjierrigen no temûk en sûnder lykfol hokker tafersjoch drinke (en smoke). Yn 'e Feriene Steaten leit de leeftydsgrins foar it drinken fan alkohol frjemd genôch op 21 jier (eat dêr't trouwens nimmen him dêr oan hâldt).

Fierders kenne in protte lannen in minimumleeftyd foar seksueel kontakt. Yn Nederlân leit dy leeftydsgrins op 16 jier. In folwoeksene dy't seksueel kontakt hat mei in minderjierrige fan ûnder de sechstjin hat, is strafber om't in bern fan dy âldens noch net achte wurdt dêr op eigen manneboet tastimming foar jaan te kinnen. As de seksuële partner lykwols fan deselde âldens is (bgl. de iene 14 jier en de oare 15 jier), dan lit men soks wol faak gewurde. Yn 'e Feriene Steaten sprekt men fan statutory rape (in foarm fan ferkrêfting) by seksueel kontakt tusken in folwoeksene en in minderjierrige, ek al giet it dêrby om in jonge fan achttjin en in famke fan santjin dy't ferkearing hawwe. Yn Angoala en in grut tal dielsteaten fan Meksiko is minimumleeftyd foar seksueel kontakt 12 jier. Yn Jeropa is it sa regele:

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.