Midden-Frânsje
Keninkryk Midden-Frânsje Francia media | |
---|---|
0843-855 | |
geografyske lokaasje | |
polityk | |
haadstêd | Aken |
offisjele taal | Frankysk Aldnederlânsk Aldheechdútsk Aldsaksysk Aldfrysk Aldfrânsk Alditaljaansk |
steatsfoarm | keninkryk |
ûntstien út | Frankyske Ryk |
opgien yn | Loataringen Keninkryk fan Arles Keninkryk Itaalje |
no diel fan | • Dútslân • Switserlân • Itaalje • Frankryk • Nederlân • Belgje • Lúksemboarch |
Midden-Frânsje (Latyn: Francia media), Middenryk of Midfrankyske Ryk wie in Frankysk keninkryk dat mar foar in koart skoftke bestien hat. It waard foarme yn 843 nei it Ferdrach fan Verdun. Keizer Loadewyk de Fromme ferdielde it keizerryk ûnder syn soannen. It Middenryk kaam ta de âldste soan Lotarius I, wylst er ek de keizerstitel krige. Yn syn ryk leine Aken, de residinsje fan syn pake Karel de Grutte en Rome, de residinsje fan de paus en earder de Romeinske keizers. It ryk miste in etnyske en skiedkundige ienheid ta tsjinstelling fan West- en East-Frânsje.
Midden-Frânsje lei dus tusken de keninkriken fan West- en East-Frânsje yn en omfieme it Frankyske stamlân tusken de Ryn en Skelde, de gebieten fan de eardere Fryske en Boergondyske keninkriken (mei útsûndering fan it westlike part fan Boergonje, dat letter it Frânske hartochdom Boergonje waard) en Noard-Itaalje. Nei it ferpartsjen yn 855 by it Ferdrach fan Prüm waard Midden-Frânsje ferdield yn trije keninkriken: Loataringen (neamd nei Lotarius syn soan Lotarius II), Provence en Itaalje.
Talen dy't yn Midden-Frânsje sprutsen waarden, wiene: Frankysk, Aldfrysk, Aldsaksysk, Aldnederlânsk, Aldheechdútsk, Aldfrânsk en Alditaljaansk. It leauwe wie it katolike kristendom en Aldgermaanske heidendom.
Ferdieling fan 855
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe't Lotarius I yn 855 oan it ferstjerren wie yn de Abdij fan Prüm, ferdielde er syn ryk tusken syn trije soannen. Itaalje, dat fier besuden Rome en Spoleto rikte gie nei syn âldste soan Loadewyk II, dy't ek de keizerstitel krige. Dat lân waard it Keninkryk Itaalje. De jongste soan, Karel krige it Keninkryk Boergonje (mei Opper- en Nederboergonje) en de Provence. Dat lân waard it Keninkryk Arles, neamd nei Karel syn haadstêd. De rest fan it ryk gie nei de middelste soan, Lotarius II, dêrfan't syn ryk nei him neamd waard: Loataringen.
Lettere ferdielings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Karel ferstoar yn 863 sûnder soannen. Neffens Frankyske gewoante ferdielden syn bruorren Loadewyk II fan Itaalje en Lotarius II syn keninkryk. Lotarius krige it westlike part fan Nederboergonje (bisdommen fan Lyon, Vienne, Vivarais en Uzès) en Opperboergonje, wylst Loadewyk de Provence krige.
Doe't Lotarius yn 869 ferstoar hie er ien bûtenechtlike soan. Syn iennige wetlike erfgenaam wie syn broer Loadewyk II. As Loadewyk II Loataringen urven hie, waard gâns Midden-Frânsje fannijs ferienige. Mar Loadewyk wie op dat stuit yn in strideraasje mei it Emiraat fan Bari. Loataringen waard ferdield tusken syn omkes Karel de Keale fan West-Frânsje en Loadewyk de Dútser fan East-Frânsje by it Ferdrach fan Meersen yn 870. Loadewyk de Dútser naam Opperboergonje, it gebiet benoarden de Jura, wylst de rest nei Karel de Keale gie.
Yn 875 ferstoar Loadewyk II, de lêste soan fan Lotarius I sûnder soannen. Hy wiisde syn neef Karloman fan Beieren (âldste soan fan Loadewyk de Dútser) oan as syn opfolger. Paus Johannes VIII, dy't algeduerigen ûnder driging wie fan it Emiraat fan Sisylje, stipe lykwols Karel de Keale. Nei in snuorje fan betizing en skelen naam Karel Loadewyk syn besit yn Itaalje yn beslach. Karloman waard yn 876 ta kening fan Beieren kroane en foel yn 877 Itaalje oan en easkje it Keninkryk Itaalje op. Doe't er yn 880 ek ferstoar sûnder echtlike soannen, gie syn keninkryk nei syn jongere broer Karel de Grouwe. Karel wie yn 881 troch paus Johannes VIII ta keizer kroane en ferienige it gânse Karolingyske Ryk fannijs yn 884, alteast oant 887 doe't er ôfsetten waard.