Springe nei ynhâld

Moving Target (roman fan Elizabeth Moon)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Marque and Reprisal)
Moving Target
algemiene gegevens
oarspr. titel Marque and Reprisal
auteur Elizabeth Moon
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre science fiction
1e publikaasje 2004, New York/Londen
oarspr. útjwr. Del Rey / Orbit Books
rige
rige Vatta's War
● foarich diel Trading in Danger
● folgjend diel Engaging the Enemy
kodearring
ISBN 978-1 84 14 91 691

Moving Target is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster Elizabeth Moon. De titel betsjut: "Bewegend Doelwyt". It boek is yn 'e hiele wrâld as Moving Target útbrocht, behalven yn 'e Feriene Steaten, dêr't it Marque and Reprisal hjit. It spilet yn 'e fiere takomst, as de minskheid him nei de stjerren ta ferspraat hat, en fertelt it ferhaal fan Ky Vatta, in telch út in foaroansteande famylje fan keapfarders yn 'e romte, en har aventoeren as har famylje it doelwyt wurdt fan ûnmeilydsume oanfallen troch ûnbekenden. Moving Target is it twadde diel fan 'e Vatta's War-searje (dy't út fiif dielen bestiet), en is as sadanich it ferfolch op Trading in Danger. Moving Target waard yn 2004 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Del Rey Books en it Londenske Orbit Books.

Wat foarôf gie

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ky Vatta is de dochter fan 'e finansjeel direkteur fan Vatta Enterprises, in grutte ynterstellêre ferfiersûndernimming dy't fêstige is op 'e planeet Slotter Key. As aparteling binnen de famylje hie se in militêre oplieding folge oan 'e militêre akademy fan Slotter Key, mar nei't se bûten har eigen skuld om behelle rekke yn in skandaal, waard se fan skoalle stjoerd. Om har út it sicht fan 'e media te hâlden, stelden har heit en har omke Stavros, de algemien direkteur fan Vatta Enterprises, har oan as kaptein fan 'e Glennys Jones, in tachtich jier âld keapfardijskip dat se nei de sloper op Lastway bringe moast. Ky rekke al gau wisberet om it skip fan 'e sloop te rêden en gie in kontrakt oan om foar de koloanje op 'e planeet Belinta in lading swier lânbou-ark te heljen op 'e planeet Sabine. Oankommen by Sabine rekke se lykwols fersyld yn in oanboazjende oarlochssitewaasje, wêrby't se úteinlik troch omstannichheden (sjoch: Trading in Danger) har skip omneame moast ta de Gary Tobai. Pas nei alderlei aventoeren slagge it Ky om werom te kearen nei Belinta, dêr't se it lânbou-ark yn goede oarder ôflevere.

Moving Target giet fierder op it punt dêr't Trading in Danger opholden is. Ky Vatta sjocht op Belinta om har hinne nei in nije lading, as der yn 'e lobby fan har hotel in moardoanslach op har dien wurdt dêr't ferskate omstanners by omkomme. Har militêre trening stelt Ky by steat om ien fan 'e oanslachdoggers te deadzjen. De pleatslike plysje wol har earst finzen sette, mar as in stikmannich resjersjeurs yn it sikehûs bedarje troch de gefolgen fan in kontaktgif dat de oanslachdoggers yn Ky har hotelkeamer oer al har besittings sproeid hawwe, beslút men dat it net sa slim is dat se ien fan 'e dieders út 'e ljochten holpen hat.

Underwilens wurde sûnder dat Ky it wit om dyselde tiid hinne ek op har thúsplaneet Slotter Key ferskate oanslaggen op Vatta Enterprises dien, wêrby't har mem, har beide bruorren, har omke Stavros en in grut tal oare famyljeleden en Vatta-wurknimmers omkomme. Har heit Gerard Vatta oerlibbet de oanslaggen, mar stjert letter oan 'e ferwûnings dy't er oprûn hat doe't er syn frou út 'e brokstikken fan harren troch in drone bombardearre hûs besocht te rêden. Dêrmei komt de lieding fan Vatta Enterprises yn 'e hannen fan Grace Lane Vatta, in âldmuoike fan Ky, in âldminske dat troch de fijân net as bedriging sjoen wurdt. Dat is lykwols in flater, mei't muoike Grace yn har (no troch eltsenien fergetten) jonkheid in kommando wie dy't yn 'e boargeroarloch fan Slotter Key as spionne efter de linys fan 'e fijân operearre. Ien fan har earste beslissings is om Ky har nicht Stella, de dochter fan Stavros, út te stjoeren om Ky te finen, om har de deatynge fan har âlden en bruorren te bringen en it krúnymplantaat fan har heit, dat alle koades en geheime ynformaasje fan Vatta Enterprises befettet.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Underweis docht Stella it romtestasjon oan dat yn in baan om 'e planeet Allray draait. Dêr is ien fan 'e skippen fan Vatta, de Ellis Fabery, mei hast alle bemanningsleden oan board opblaasd. De iennichste oerlibbene is de opslûpen jonge Toby Vatta, dy't sûnt troch de pleatslike plysje yn befeilige bewarring holden wurdt. Sadree't Stella op it stasjon arrivearret, wurdt de traumatisearre jonge lykwols oan har soargen oerdroegen. Dat hat noch mar kwealk syn beslach krigen, of der wurdt al in oanslach op harren dien. By harren flecht troch it romtestasjon rinne Stella en Toby Rafe Dunbarger tsjin 't liif, in âlde flam fan Stella. Rafe is de soan fan Garston Dunbarger, de algemien direkteur fan InterStellar Communications (ISC), it bedriuw dat it monopoalje op 'e ynterstellêre kommunikaasje hat fia de ansible-apparaten dy't se yn alle bewenne (en guon ûnbewenne) planetestelsels boud hawwe. Hoewol't Rafe it swarte skiep fan 'e Dunbarger-famylje is en al jierren gjin normaal kontakt mear mei syn âlden ûnderhâldt, fertsjinnet er noch wol altyd de kost as klandestyn agint foar ISC. Hy hat op Allray Station genôch kontakten yn 'e ûnderwrâld om Stella en Toby te helpen it stasjon te ûntflechtsjen. Om't de mysterieuze fijannen fan Vatta it ek foarsjoen lykje te hawwen op ISC beslút er mei harren te gean.

Underwilens is Ky mei de Gary Tobai fan Belinta nei de planeet Lastway gien, dy't bekend stiet om syn wapenhannel. Se hopet dêr wat befeiligingsapparatuer en miskien wat wapens ynslaan te kinnen. Oankommen op Lastway docht bliken dat de ansibles it net mear dogge, wat de ynterstellêre hannel frijwol stilleit. Op it romtestasjon fan Lastway jouwe Stella, Toby en Rafe har by de Gary Tobai. Ek wit Ky it op in akkoartsje te goaien mei de pleatslike ôfdieling fan 'e Mackensee Military Assistance Corporation (MMAC), in bedriuw dat de tsjinsten fan hierlingen ferkeapet. Se stalt in konfoai fan keapfarders gear dat ûnder beskerming fan 'e MMAC ôfset.

Underweis komt it konfoai yn in ûnbewenne planeteselsel in oar Vatta-skip tsjin, de Fair Kaleen. It docht bliken dat dat it skip is fan Osman Vatta, in tige ûnoangenaam hearskip dat jierren lyn troch har Ky har heit en omke út 'e famylje set is fanwegen fraude en seksueel wangedrach. Dêrop stiel er de Fair Kaleen mei, dy't er sûnt bewapene hat. Osman libbet al desennialang fan 'e piraterij en úteinlik komt oan it ljocht dat hy de reden is fan 'e oanslaggen op Vatta Enterprises. Hy is nammentlik belutsen by in grutte gearspanning fan piraten en oare ûnderwrâldfigueren om it monopoalje op ynterstellêre kommunikaasje fan ISC te trochbrekken (en te ferfangen troch in monopoalje fan harsels). Dêrfoar wie it nedich dat de keapfardij yntimidearre rekke, en om dat te berikken, besleat men om by wize fan it stellen fan in ôfskrikwekjend foarbyld ien keapfardijbedriuw folslein te ferneatigjen. It wie Osman, dy't Ky har heit en omke noch altyd hate, dy't derop oankrong dat it slachtoffer Vatta Enterprises wêze soe.

Ear't Ky dat allegear wit, rekket se yn gefjocht mei Osman en syn trewanten as de Gary Tobai sûnder aan de Fair Kaleen benei komt wylst de rest fan it konfoai trochfart. Troch har eigen fernimstigens en mei de help fan Rafe en har bemanning wit Ky twaris in besykjen fan 'e fijân om 'e Gary Tobai te interjen ôf te slaan. Dêrby lansearret se ûnder mear in myn troch de konneksjebuis tusken de luchtslûzen fan 'e beide skippen, dy't de Fair Kaleen swier skansearret en bûten gefjocht steld. Teffens wit se yn in man-tsjin-mangefjocht Osman sels te deadzjen. Neitiid interje de weromkearde hierlingen fan 'e MMAC de Fair Kaleen en nimme de oerlibbenen fan Osman syn bemanning finzen. Ky beslút om 'e Fair Kaleen te reparearjen en te hâlden, mei't it skip folle flugger en better bewapene is as de trage âlde Gary Tobai.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Vatta's War
Trading in Danger • Moving Target • Engaging the Enemy • Command Decision • Victory Conditions
Vatta's Peace
Cold Welcome • Into the Fire