Marijke Jongbloed

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Marijke Jongbloed
OldCamera icon.svg regisseur en/of produsint
Marijke Jongbloed def2-3 - 0579 6.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Marijke Jongbloed
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
berne 19 oktober 1956
berteplak Ljouwert (Fryslân)
stoarn 18 augustus 2016
stjerplak Amsterdam (Noard-Hollân)
etnisiteit Frisian flag.svg Frysk
wurkpaad
wurksum as dokumintêremakster
bekenste
  produksje(s)
Stap voor Stap
Alle Dagen Snein
jierren aktyf 19782016
offisjele webside
www.marijkejongbloed.com

Marijke Jongbloed (Ljouwert, 19 oktober 1956Amsterdam, 18 augustus 2016)[1] wie in Nederlânsk dokumintêremakster fan Frysk komôf. Har measte films hiene op 'e iene of oare manear te krijen mei keunst en dûns. Se waarden útbrocht foar de bioskoop, ear't de almeast ferkoarte ferzje op 'e tillefyzje útstjoerd waard. Jongbloed waard benammen bekend troch har dokumintêres Alle Dagen Snein, oer de Fryske keunstskilder Ruurd Wiersma, en Stap voor Stap, oer eksessen yn 'e balletwrâld, dy't yn 1980 de Nederlânske ynstjoering foar de Oscars wie.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Marijke Jongboed waard yn 1956 berne yn Ljouwert, as neikommerke yn in húshâlding mei fiif bern. It gesin ferhuze nei Hallum doe’t har heit dêr haad fan de kristlike legere skoalle waard. Op har trettjinde begûn se mei fotografy te pielen, en nei har eineksamen oan it Lienward College gie se nei Grinslân ta, dêr't se twa jier by in yndustrieel fotograaf wurke yn Hoogezand.

Har heit wie der poer op tsjin doe’t se yn 1976 in talittingseksamen die by de Nederlânske Film en Telefyzje-akademy yn Amsterdam. Mei tastimming en finansjele stipe fan har mem sette se lykwols troch. By de fertoaning fan har ekssamenfilm Stap voor Stap, yn 1980 yn teäter Kriterion yn Amsterdam, krige se in steande ovaasje, mar har heit bleau sitten. Nei felisitaasjes fan direkteur Anton Koolhaas wie syn iennichste kommentaar: "Dit wie blykber wat se woe." Hy ferskynde ek net op 'e diploma-útrikking letter dy middei.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stap foar Stap, wêryn't fiif jonge balletdûnsers folge waarden, joech in soad opskuor. It wie foar de earste kear dat der dwers troch de balletspegel hinne filme waard, sadat de skaadkanten fan 'e balletwrâld toand waarden. Dat kaam hurd oan om't de oant doe beskerme balletwrâld himsels graach sjen mocht as lichtfuottich, estetysk en high culture, wêrby't alles tastien wie om ta it hegere doel te kommen. Stap voor Stap waard de Nederlânske dokumintêre-ynstjoering foar de Oscars yn Los Angeles.

Nei't se yn 'e jierren tachtich noch ferskate oare dokumintêres makke hie, lykas Vriendinnen (1985), Drempelvrees (1988) en Hoe Praag in Beweging Kwam (1989), folge Jongbloed yn 1989 in tal workshops yn 'e Feriene Steaten. Yn 1989 wûn se de senariopriis op it Ynternasjonale Dokumintêrefestival fan Amsterdam (IDFA) mei de dokumintêre Art Merry-go-round, oer de keunstwrâld yn New York. Oare bekende films fan Jongbloed wiene û.o.: de rige Fatal Reaction en de dûnstrilogy Beyond Reason, Smile & Wave en Dans voor het Leven (Living the Dance), dy't basearre wie op har twa eardere films Stap voor Stap en De Volgende Stap.

Films fan Jongbloed waarden útbrocht foar de bioskoop, ear't de almeast ferkoarte ferzje op 'e tillefyzje útstjoerd waard. Yn 1996 wie de premiêre fan it fjouwerlûk 'Fatal Reaction' op it Nederlânsk Filmfestival yn Utert te sjen. Dêrnei joech Jongbloed noch les oan 'e Filmakademy. Teffens wie se yn 2002 en 2003 ferbûn oan it Binger Ynstitút yn Amsterdam, dêr't se skriptûntwikkeling ûnderwiisde.

Neist har wurk oan eigen dokumintêreprojekten wurke Jongbloed ek in soad foar de Nederlânsk tillefyzje. Sa wie se yn 't spier foar it programma Diogenes, fan 'e VPRO, en makke se foar de Humanistische Omroepstichting (HOS) koarte reportaazjes oer in ferskaat fan ûnderwerpen, fan strjitbindes oant de lêste revolúsjes foarôfgeande oan de fal fan it Izeren Gerdyn. Ek makke Jongbloed yn 1978 foar Omrop Fryslân de dokumintêre Alle Dagen Snein oer keunstskilderRuurd Wiersma, twa jier foar syn ferstjerren. Ek de IKON stjoerde dy film yn 1979 út.

As ûnôfhinklik filmmakster wie Jongbloed fierders ferantwurdlik foar ôleverings fan Het Uur van de Wolf en Hartfilm. Het Uur van de Wolf wie in searje fan 'e NTR wêryn't û.m. har film Dans voor het Leven útstjoerd waard. Hartfilm wie in rige fan 'e AVRO dêr't in fiiftal filmmakkers oan meiwurken (lykas John Appel en Michiel van Erp). Yn it ramt dêrfan waard yn 2004 Jongbloed har dokumintêre Harticonen útstjoerd.

Ferstjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jongbloed kaam op 18 augustus 2016 yn 'e âlderdom fan 60 jier yn Amsterdam te ferstjerren.[2]

Wurkwize[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jongbloed keas ideeën, ûntwikkele in konsept, regissearre en die de ôfwikkeling oant it sykjen fan in distribúsjekanaal. Dêrby koe it gean om in ferkeapagint, om it oanleverjen fan in bioskoopferzje fia in distributeur, of it produsearjen fan in dvd-ferzje.

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Marijke Jongbloed
  • 1978 – Alle Dagen Snein
  • 1979 – Ze Zien Liever Mijn Handen Dan Mijn Gezicht
  • 1980 – Stap voor Stap / Step by Step
  • 1984 – Ik Ben een Document / I'm a Document
  • 1985 – Vriendinnen
  • 1986 – Niets Is Wat Het Lijkt
  • 1987 – Museumland
  • 1988 – Drempelvrees
  • 1988 – Op Zoek naar Miles Davis
  • 1989 – Hoe Praag in Beweging Kwam
  • 1991 – Het Kunstcircus / Art Merry-go-round
  • 1992 – De Volgende Stap
  • 1994 – Op Eigen Vleugels
  • 1996 – Fatal Reaction Singapore
  • 1996 – Fatal Reaction New York
  • 1997 – Fatal Reaction Bombay
  • 1998 – Moddergat
  • 2000 – Enclosed
  • 2000 – Beyond Reason
  • 2000 – Fatal Reaction Moskou
  • 2001 – Taxi Ted
  • 2002 – Slapeloze Nachten
  • 2003 – Smile and Wave
  • 2007 – Scenes uit een Kindertijd
  • 2008 – Jill
  • 2009 – The Greatest Show on Earth
  • 2010 – Dans voor het Leven / Living the Dance
  • 2011 – Dûns op 'e Kop (premiêre yn De Harmony)
  • 2012 – Keatsers yn 'e Oarloch (2 dielen; premiêre yn De Koornbeurs)

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. List resinte ferstjerrensberjochten út 'e Folkskrante
  2. Friese documentairemaker Marijke Jongbloed overleden, yn: de Ljouwerter Krante, 23 augustus 2016