Springe nei ynhâld

Lupe Fuentes

Ut Wikipedy
Lupe Fuentes
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Little Lupe, Zuleidy Lapiedra,
Zuleidy
echte namme Zuleydy Vergara
nasjonaliteit Kolombiaansk
Spaansk
berne 27 jannewaris 1987
berteplak Cali (Kolombia)
etnisiteit Kolombiaansk
Spaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise,
regisseur, produsinte
jierren aktyf 20062010
offisjele webside
lupefuentes.com

Lupe Fuentes, echte namme: Zuleydy Vergara (Cali, 27 jannewaris 1987), is in Kolombiaansk-Spaansk rêstend neakenmodel, pornografysk aktrise, pornoregisseur en pornoprodusinte dy't ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Little Lupe, Zuleidy Lapiedra en Zuleidy. Hja stie ûnder har pornokarriêre bekend om har lytse en jongfamme-eftige stal, en makke dêr gebrûk fan troch yn pornofilms faak te dwaan as wie se mar amper mearderjierrich. Tsjintwurdich wennet Fuentes yn 'e Feriene Steaten, en is se wurksum as produsinte en live-discjockey fan housemuzyk.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fuentes waard yn 1987 berne yn 'e Kolombiaanske stêd Cali, as de dochter fan in Spaanske heit en in Kolombiaanske mem. Hja groeide op ûnder tige earmoedige omstannichheden, de earste pear jier yn Cali, mar neitiid yn 'e Spaanske haadstêd Madrid. Har allinnichsteande mem rekke wurk- en dakleas, en sadwaande klaaide Fuentes har yn klean dy't se krige fan in pleatslike tsjerke en sliepte se nachts by freonen fan har mem thús. Se gie fan skoalle ôf sadat se har mem helpe koe om 'e eintsjes oaninoar te knoopjen.

Koart nei't se mearderjierrich wurden wie, begûn Fuentes neaken te posearjen foar manljusblêden, wêrûnder Siete, Primera Linea en FHM España. Yn 2006, doe't se njoggentjin jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile se ûnder har karriêre yn totaal yn 36 films, al wie se nammenste mear aktyf foar pornosites op it ynternet. De earste pear jierren makke se dêrby ûnder de namme Little Lupe skamteleas gebrûk fan har petiterige figuer; neffens har offisjele opjefte is se mar 1.44 m lang, mei in gewicht fan 35 kg en kupmaat 30B. Dêrtroch koe se har foardwaan as amper mearderjierrich (en dus amper legaal).

Yn 2009 late dat yn Porto Riko ta de arrestaasje fan in man dy't yn it besit wie fan ien fan Fuentes har pornofilms, om't de Amerikaanske federale autoriteiten mienden dat it om bernepornografy gie. By de rjochtsaak dy't folge, liet de oanklager in bernedokter tsjûgje dat it net oars koe as Fuentes moast wol minderjierrich wêze. It Iepenbier Ministearje stie der kleure op doe't de abbekaat fan 'e ferklage fia har ûnderwilens ophefte webside ilovelupe.com kontakt mei Fuentes opnaam en harsels as tsjûge oprôp, wêrnei't út har paspoart bliken die dat der fan 'e hiele saak neat oan wie om't se njoggentjin jier wie doe't se yn 'e wraakte film spile hie.

Lupe Fuentes yn 2011.

Nei't Fuentes yn 2008 har boarsten fergrutsje litten hie, feroare se har artystenamme yn Lupe Fuentes, en meat se harsels in mear folwoeksen imago oan. Har measte films regisearre se sels en brocht se út by har eigen produksjestudio Lupe Fuentes Productions. Dêrnjonken wurke se yn Jeropa foar it Sweedske Private-label en yn 'e Feriene Steaten foar de studio's Pure Play Media en Wicked Pictures. Se begûn har karriêre as pornoaktrise yn Spanje, mar nei in pear jier ferfear se nei de Feriene Steaten, dêr't se har nei wenjen sette yn Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje. Behalven as aktrise, regisseur en produsinte wie se ek aktyf as kollumniste op 'e webside Complex.com. Yn 2010 waard Fuentes nominearre foar in AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld). Datselde jiers noch loek se har út 'e pornoyndustry werom.

Nei't se har pornokarriêre beëinige hie, sette Fuentes yn 2010 útein mei in nij wurkpaad yn 'e muzyk. Har styl is sterk beynfloede troch de Latin-muzyk út har etnyske eftergrûn en troch de housemuzyk dy't se yn har jonkheid yn Madrileenske nachtklubs hearde. Yn 2012 waard se de lead-sjongster fan 'e popgroep The Ex-Girlfriends. Dêrmei brocht se twa singles út: We Are the Party, út 2012, en Watcha Looking At?, út 2013. Dy singles waard op agressive wize promoate fia de sosjale media en mei pop-ups op it ynternet.

Yn 2014 sette Fuentes útein mei in solokarriêre as live-discjocky, wêrby't se yn nachtklubs housemuzyk draait. Dêrfoar gie se yn 'e lear by discjockey, muzykprodusint en Grammy-winner Roger Sanchez, muzykprodusint Junior Sanchez en discjockey Todd Terry. Har debút as discjockey hie Fuentes yn febrewaris fan dat jier yn Exchange L.A. Letter dat jiers draaide se yn Drai's Afterhours, yn Las Vegas, en yn Pacha NYC, yn New York. Fuentes hat ferskate house-nûmers útbrocht, en yn desimber 2014 wurke se mei Darryl McDaniels gear oant it nûmer Get Down.

Lupe Fuentes yn 2010.

Fuentes hat yn it ferline troud west mei de Kolombiaanske pornoprodusint Pablo Lapiedra. Sûnt 2011 is se troud mei de eardere pornoakteur Evan Seinfeld, de eks-man fan pornostjer Tera Patrick. Fuentes wennet yn Los Angeles.

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2006 FICEB Ninfa Award nominearre bêste nije Spaanske aktrise Posesió
2009 Hot d'Or nominearre bêste Jeropeeske aktrise 100% Zuleidy
2001 AVN Award nominearre bêste nije ynternetstjer n.f.t.
FAME Award wûn favorite nije stjer n.f.t.
NightMoves Award nominearre bêste nije stjer n.f.t.
XFANZ Award wûn Latino-pornostjer fan it jier n.f.t.
2011 Xbiz Award nominearre artyste fan it jier n.f.t.
XRCO Award nominearre cream dream ("wiete dream") n.f.t.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.