Cali
Santiago de Cali Ciudad de Cali | ||
Polityk | ||
Lân | Kolombia | |
Departemint | Valle del Cauca | |
Boargemaster | Norman Maurice Armitage | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.471.474 (2018) | |
Oerflak | 564 km² | |
Befolkingsticht. | 4382,05 km² | |
Stêdekloft | 2,9 miljoen | |
Hichte | 1018 m. | |
Oar | ||
Stifting | 1536 | |
Tiidsône | UTC-5 (UTC-5) | |
Simmertiid | UTC-5(UTC-5) | |
Koördinaten | 3°27′ NB 76°32′ WL | |
Offisjele webside | ||
Webstee fan Cali |
Cali, of Santiago de Cali, is de haadstêd fan it departemint Valle del Cauca yn it suden fan Kolombia. It is it yndustriële en kommersjele sintrum fan de Cauca-delling. Cali hat goed twa miljoen ynwenners en is de twads grutste stêd fan it lân, nei de haadstêd Bogotá en de twadde stêd Medellín. It is de grutste stêd fan it súdwesten fan Kolombia. Yn Cali wurde kofje, katoen, sûkerreid, fleisguod en sojabeanen ferhannele. Teffens wurde dêr bannen, tabaksprodukten, tekstyl, papier, gemyske produkten en boumaterialen makke.
De stêd hat seis universiteiten en it haadkertier fan it Cauca-dellingsûntwikkelingsprojekt is dêr festige. De wichtichste toeristyske trekplasters fan Cali binne in akwadukt en in katedraal. Ek is dêr in bysûndere bistetún yn Cali festige: de Zoológico de Cali.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Cali waard yn 1536 stifte troch de Spaanske feroverder Sebastián de Belalcázar, mar wie it grutste part fan syn skiednis net folle fan betsjuttenis. Yn 1811 rôp de stêd syn ûnôfhinklikens út fan Spanje, tegearre mei fiif oare stêden yn de Cauca-delling.
Yn de tweintichste iuw woeks de stêd tige hurd. Yn de fyftiger jierren ferdûbele de befolking fan de stêd.
Op 7 augustus 1956 ûntploften sân Kolombiaanske legerfiertugen mei 42 ton dynamyt by it treinstasjon. Acht strjitblokken fan de stêd rekke swier skansearre. 1000 minsken kamen dêrby om it libben.
Yn de tachtiger jierren wie de stêd negatyf yn 't nijs, om't der in beruchte drugsbinde yn Cali fêstige wie, de saneamde Kartel fan Cali. Neitiids kaam Cali yn better deiljocht te stean.
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It klimaat yn Cali is dat it der almeast waarm is mei in trochsneed temperatuer fan 26.8 °C, en bytiden aardich hjit. De luchtfochtigens is heech en benammen nachts is der in kuoljende wyn, troch de oanwêzigens fan bergen dy't de stêd omkringe. De stêd sels leit op sa'n 1000 meter hichte, dêrtroch't der gjin malaria foarkomt. Der is hast gjin ferskil yn seizoenen, om't Cali tichte by de evener leit.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Sintrum fan Cali
-
Tsjerke La Ermita
-
Tsjerke La Merced
-
Teäter Enrique Beneventura
-
Stânbyld fan Sebastián de Belalcázar
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Cali fan Wikimedia Commons. |