Springe nei ynhâld

Bogotá (stêd)

Ut Wikipedy
Bogotá
Distrito Capital de Bogotá
Polityk
Lân Kolombia
Departemint Haadstedlik distrikt
Sifers
Ynwennertal 7.858.710 (2013)
Oerflak 1.587 km²
Befolkingsticht. 4952 / km²
Stêdekloft 10.763.453/4321 km²
Hichte 2.640 m
Oar
Stifting 1538
Offisjele webside
www.bogota.gov.co
De Savanne fan Bogotá is in heech plato yn de Andes

Bogotá (offisjeel: Bogotá, Distrito Capital, of ôfkoarte ta Bogotá, D.C.) en eartiids bekend as Santafé/Santa Fe de Bogotá tusken 1991 en 2000 is de haadstêd en grutste stêd fan Kolombia. De stêd leit op 2600 meter hichte op in fan bergen ôffrede plato yn de eastlike berchkeatlings fan de Andes. De stêd foarmet it Haadstedlik Distrikt en falt sadwaande bûten de departeminten fan Kolombia. Dochs is Bogotá wol de haadstêd fan it departemint Cundinamarca, dêr't it benei hielendal yn leit. It is it bestjoers-, ekonomyske, administrative en yndustriële mulpunt fan it lân.

Santa Fe de Bogotá waard yn 1538 stifte troch de Spaanske feroverders Gonzalo Jiménez de Quesada Sebastián de Belalcázar en Nikolaus Federmann as haadstêd fan de Spaanske koloanje Nij-Granada yn harren ekspedysje tsjin de Muiska (of Tsjibtsja). De Muiska wiene de oarspronklike Yndiaanske bewenners fan it gebiet en neamden it plak dêr't Bogotá stifte waard, Bacatá, dat yn 'e taal fan de Muiska "Frou fan de Andes" betsjut. It wurd "Andes" betsjut yn it Aymara "skinende berch", dat sadwaande "Frou oan de skinende berch" betsjut. Nei de Slach by Boyacá op 7 augustus 1819 waard Bogotá de haadstêd fan it nije ûnôfhinklike lân Grut-Kolombia. Sûnt de stifting en dêrnei de ûnôfhinklikens fan it ûnderkeninkryk Nij-Granada fan it Spaanske Ryk en by it foarmjen fan it hjoeddeiske Kolombia is Bogotá altyd de haadstêd fan it gebiet bleaun.

De stêd leit yn it midden fan Kolombia, op in heech plato dat bekend stiet as de Savanne fan Bogotá, dat in part fan de Altiplano Cundiboyacense is, oan de eastlike berchkeatling fan de Andes. It is de tredde heechste haadstêd yn Súd-Amearika en de wrâld nei Quito en La Paz op in hichte fan 2640 meter boppe seenivo.

Bogotá hat in totaal oerflak fan 1587 km² en is ûnderferparte yn 20 buorrens.

Bogotá is it sit fan alle oerheidsynstellings fan Kolombia, sa as dy fan de presidint, parlemint, it heechste rjochthof, ensafuorthinne. It is it kommersjele en finânsjele hert fan Kolombia en it is ferneamd om syn ekonomyske sterkte en oanlûkingskrêft foar ynternasjonale bedriuwen. It libbenskwaliteit fan de stêd is frij heech. De stêd hat de grutste finânsjele mer fan it lân en de Andesstreek en is de foarnaamste bestimming fan nije bûtelânske ynvestearringsprojekten yn Latynsk-Amearika en Kolombia. De stêd befettet 24,7% fan it totale BYP fan it gânse lân.

De lofthaven fan Bogotá, El Dorado Ynternasjonale Lofthaven dat nei it mytyske El Dorado neamd is, hannelet de grutste frachten fan in fleanfjild yn Latynsk-Amearika. Bogotá hat de measte universiteiten en ûndersyksintrums fan it lân en is in wichtich kultureel sintrum mei in soad teäters, biblioteken en museüms.

Hoewol't Bogotá suver op de evener leit is de trochstrings deitemperatuer troch de hege lizzing mar 18 graden ( nachts 9 graden). It hat in subtropysk seeklimaat (Köppen Cfb). Drûge en wiete seizoenen wikselje harren inoar ôf. De drûchste moannen binne desimber, jannewaris, july en augustus. De waarmste moanne is maart, mei in trochsneed temperatuer fan 19,7 °C. De koelste nachten binne yn jannewaris mei in trochsneed temperatuer fan 7,6 °C, dêr't mist ornaris ier yn 'e moarn sa'n 220 dagen yn 't jier foarkomt.

Berne yn Bogotá

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.