Springe nei ynhâld

Liet (festival)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Liet (talintejacht))
Van Wieren (2009)

Liet is de namme fan in searje muzikale talintejachten dy't sûnt 1991 hast alle jierren hâlden wurde. Der binne in Fryske en in Jeropeeske ferzje fan Liet. De lêste hjit Liet Ynternasjonaal.

Liet yn Fryslân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryske edysje fan Liet is sûnt 1991 alle kearen hâlden yn Ljouwert. Alle jierren hat in sjuery in winner oanwiisd. By ferskate edysjes wiisde dêrneist ek it publyk in winner oan. Fan 2005 oant en mei 2008 wiisde in aparte sjuery ek noch de winner oan fan de Steven Sterkpriis foar de bêste liettekst. De bekendste Liet-winner is de twamansformaasje Twarres, dy't yn 1999 de publykspriis wûn mei de lettere Nederlânske en Belgyske nûmer 1-hit 'Wêr bisto?'. Oare yn en bûten Fryslân bekend wurden winners binne Nynke Laverman, Sebeare en Adri de Boer.

Oant en mei 2006 waarden de dielnimmers oan Liet fan te foaren troch de sjuery selektearre oan de hân fan ynstjoerde lûdsopnames. It tal dêrfan skommele altyd tusken de 55 en de 75. By de finale bestie de sjuery út fertsjintwurdigers fan fiif Fryske regio's. Yn 2007 is Liet net trochgien. Mei yngong fan 2008 hâldt Liet fiif regionale foarrondes. Ut de winners dêrfan selektearret de sjuery dan de dielnimmers oan de finale yn Ljouwert. Omrop Fryslân stjoert dizze finale alle jierren yntegraal út. Liet wurdt iepene troch de winner fan de Karin de Jong-priis (Sjongfestival foar Bern) of troch de winners fan SjONG, it sjongfestival foar it fuortset ûnderwiis.

De publykspriis fan it Fryske sjongfestival Liet hjit sûnt 2010 de Ivan Pel-publykspriis. Pel ferstoar maitiid 2009 hommels. Hy wie fan 1991 oant 2009 produsint en saaklik lieder fan Liet en Liet Ynternasjonaal. Yn 1991 rjochte er Liet mei op en tsien jier letter Liet Ynternasjonaal.

Liet waard fan 1991 oant en mei 2009 organisearre troch Stichting Liet yn gearwurking mei de Ljouwerter stêdsskouboarch De Harmonie. Stichting Liet '91 docht dat tsjintwurdich selsstannich.

Liet Ynternasjonaal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt 2002 bestiet der ûnder de namme Liet Ynternasjonaal of Liet-Lavlut (yn 2006 en 2008) in ynternasjonale fariant op Liet, dêr't artysten út hiel Jeropa oan meidogge. Sy sjonge yn in regionale taal of sjongtradysje of fertsjintwurdigje in Jeropeeske regio. De winner fan de sjuerypriis by Liet fertsjintwurdiget op Liet ynternasjonaal de regio Westerlauwersk Fryslân. Liet ynternasjonaal waard yn it begjin om de twa jier yn ferskate Jeropeeske regio's hâlden, mar is tsjintwurdich elts jier yn de hjerst en ek elts jier yn in oare stêd en regio. Liet is dan ek ta it útgroeien oant in festivalmerk troch hiel Europa en ien fan de gruttere manifestaasjes foar de promoasje fan minderheidstalen foar in grutter publyk. It festival lûkt meastentiids in soad media. Omroppen as BBC en CNN makken al ferskate kearen reportaazjes op en oer dit festival.

Yn ferskate Europeeske regio's wurde ûnder feskillende nammen foarrondes hâlden, wêrfan de winners meidwaan meie oan Liet Ynternasjonaal. Dizze foarrondes binne:

Winners fan Liet en Liet Ynternasjonaal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
2024
2023
2021
2020
  • Mosken mei Lieve, Lieve
2019
  • Sequens mei Do bist frij [1]
    • VOLK - Rinskje (tekstpriis)
    • Sequens (muzikantepriis), foar J.A.N. en Tigers fan Greonterp
2018
  • Stonecrobs mei Yn Frijheid Kinsto Libje
2017
  • Luko Reinders mei Kom Rin Mei My[2]
2016
  • Aafke Zuidersma mei Minsk fan wearde (en waard letter twadde op it poadium fan Liet Ynternasjonaal yn Kautokeino (Noarwegen).
2015
  • duo Marit & Nigel mei it liet Libbenstier[3]
2014
2013
  • Plattèl wûn Liet 2013 mei 'Hjir bin ik'
  • Grytz en Grize wûn de Ivan Pel publykspriis mei it liet 'Bliuw by my'.
  • Liet Ynternasjonaal waard dit jier net holden, mar hie oars yn Korsika west.
2012
  • Yldau mei Fjoer (sjuerypriis)
  • Sjaak Weiland fan Minnertsgea mei Earste leafde (Ivan Pel publykspriis)
  • Waard hâlden op it Befrijingsfestival yn de Ljouwerter Prinsetún

2011

  • Janna Eijer mei Yn 1 klap (sjuerypriis)
  • FromUs mei Net Genôch (Ivan Pel publykspriis)
  • tweintichjierrich bestean op yn de iepen loft: Kenniscampus yn Ljouwert.
  • Winners Liet Ynternasjonaal (yn Udine): Janna Eijer mei 'Ien Klap' ((sjuerypriis) en Coffeeshock Company ((publykspriis)

2010

  • Equal Souls mei Do swalkest (sjuerypriis)
  • Louiza Saitova mei Rêden troch muzyk (Ivan Pel publykspriis)
  • Winners Liet Ynternasjonaal (yn Lorient): ORKA (sjuerypriis) en R. Esistance in Dub (publykspriis)

2009

  • It Langstme en de Dea mei Wikel (sjuerypriis)
  • Rob du Jardin mei Dit is myn heitelân (publykspriis)
  • Gjin Steven Sterkpriis mear
  • Winners Liet Ynternasjonaal (yn Ljouwert): SomBy
  • Winners publykspriis Liet Ynternasjonaal: Dr. Drer & crc Posse fan Sardynje

2008

  • Jelte Posthumus & Pilatus Pas mei De wiete wyn hellet oan (sjuerypriis en publykspriis)
  • Steven Sterkpriis foar de tekst Skreau fan Ljoubjr
  • Winner Liet Ynternasjonaal (yn Lulea): Jacques Culioli

2007

  • (In dit jier wie der gjin edysje fan Liet.)

2006

  • The Secret mei Nim my mei (sjuerypriis}
  • Ree mei In libben sûnder dy (publykspriis)
  • Steven Sterkpriis foar de tekst Simmernacht fan Rûs
  • Winner Liet Ynternasjonaal (yn Östersund): Johan Kitti en Ellen Sara Bähr mei it Samyske nûmer Ludiin Muitalan
  • Publykspriis Liet Ynternasjonaal: Liza mei it Oksitaanske liet Soleu Rouge

2005

  • Van Wieren mei Nim dyn tiid
  • Steven Sterkprijs foar Arjan Hut mei de tekst Mata Hari' fan Donna Wouda en de Harelama-show.

2004

  • Meindert Talma & the Negroes mei Dûnsje, wyldekat, dûnsje
  • Winnaar Liet Ynternasjonaal (yn Ljouwert): Niko Valkeapää mei Samyske nûmer Rabas Mielain

2003

  • Bacon & Bones mei It alderheechste guod (sjuerypriis)
  • Meander mei Libbensstream (publykspriis)
  • Winner Liet Ynternasjonaal (yn Ljouwert): Transjoik mei it Samyske nûmer Mijajaa
  • Winner publykspriis Liet Ynternasjonaal: Gwenno út Kornwall mei it nûmer Vodya

2002

  • Flat out mei Fûgelfrij
  • Winner Liet Ynternasjonaal (yn Ljouwert): Pomada mei it Katalaanske nûmer En Pere Gallen

2001

2000

  • Skarl mei Jan fan de strjitte (sjuerypriis)
  • Femke Hoeksema en Rhody Matthijs mei Fjouwer wjukken fan hope (publykspriis)

1999

1998

  • Adri de Boer mei Soan (sjuerypriis)
  • Reinout en Freddy Weima mei Dizze stêd (publykspriis)

1997

1996

  • Some like it Not mei Te deun (sjuerypriis)
  • Nynke Laverman mei Kom werom (publykspriis)

1995

  • yn earste ynstânsje útrikt oan French Connection foar it nûmer Iselmar, letter ynlutsen nei in beskuldiging fan plagiaat. De publykspriis wie foar 't Kratsje mei Har eagen.

1994

  • Egbert Beers mei Sûnder thús (sjuerypriis)
  • De Rayonhaden mei Moekes koek- en sopiekream (publykspriis)

1993

  • Anne Oosterhaven e.o. mei Wêr wat allinne (sjuerypriis)
  • Marjan v.d. Mei e.o. mei Sis mem werom (publykspriis)

1992

  • Mingde noaten mei Jitze

1991

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Omrop Fryslân, 15 novimber 2019
  2. Libbebstier op YouTube
  3. Libbebstier op YouTube