Melissa Pander
Melissa Pander | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Melissa Pander (2023) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 8 juny 2001 | |
berteplak | Himmelum | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
sjongtaal | Frysk, Nederlânsk | |
ynstrumint | Gitaar, piano | |
grutste hit(s) | Foarby | |
jierren aktyf | 2022-no | |
prizen | Liet 2023 |
Melissa Pander (Himmelum, 8 juny 2001) is in Fryske sjongeres út Aldemardum.
Melissa Pander die by D’Drive yn Ljouwert in oplieding foar artyst, útfierend muzikant en die de MUZT musicaloplieding yn Snits. Neist sjongen spilet hja ek piano en gitaar. Se spile har eineksamenkonsert mei har ûndersteunende band ‘De Panders’. De band bestiet neist har as leadsjongeres (+akoestyske gitaar) út Jesper Huitema op toetsen, Danny van der Mei op drums, Boaz van der Brink op bas, Hylco Kootstra op elektryske gitaar en mei Rimke Span en Carinda Pander as eftergrûnstimmen.
Har repertoire bestiet út Nederlânsktalige, eigen skreaune muzyk fan akûstyske nûmers. Dat hja faker yn it Frysk skriuwe sil, stiet ek wol hast fêst.[1] Teffens spilet Pander yn musicals.[2]
Liet 2023
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2023 wûn Melissa Pander yn it Ljouwerter poppoadium Neushoorn Liet 2023 mei it nûmer 'Foarby'. Fan de acht finalisten krige de band fan Melissa de measte punten fan de fak- en de publyksjuery. [3] Sadwaande mocht hja Fryslân fertsjintwurdigje by de earste edysje fan it Regio Songfestival. It Regio Songfestival wie in inisjatyf fan de trettjin regionale omroppen yn Nederlân. Se woene mei in eigen songfestival de rykdom oan (streek)talen en dialecten yn Nederlân fiere en it sjongen yn de eigen taal stypje. It Regio Songfestival waard op 4 novimber holden yn de Stedsskouboarch yn Utert. Alle trettjin regionale omroppen furdigen elk ien kanddaat ôf. Pander einige dêr as fyfte. [4] Yn maaie fan dat jier trede se op by it Befrijingsfestival yn Ljouwert.
It winnen fan Liet 2023 betsjutte dat se meidwaan mocht oan Liet International, it sjongfestival foar minderheidstalen. Dat festival stiet foar 2024 op it program.
'Foarby' is in leafdesferske. ’It giet oer it gefoel datst wolst dat dat momint noait mear foarby giet’, sei se hjir sels oer.
Yn de Fryske Top 100 fan 2023 wie 'Foarby’ mei in njoggende plak de heechste nije binnenkommer.
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Foarby (2023)
- Sta ik stil (2022)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|