Fegebart
Fegebart | ||
band | ||
Byldmateriaal ûntbrekt | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
sjongtaal | Frysk | |
sjenre | Country | |
bestean | sûnt 2020 | |
prizen | Liet 2024 | |
leden | ||
elektryske gitaar, sjongen | Piter Reitsma | |
akoestyske gitaar | Johannes Reitsma, sjongen | |
slachwurk | Anne Martin Koree | |
bassist | Inge de Vries | |
âld-leden | ||
Watze Houtstra |
Fegebart is in Fryske indie pop rockband mei in folkeftige oanpak út Damwâld. Fegebart, fegebeart of fegebeurt betsjut yn it Frysk: ’fekke’, in 'hellefeech' dus.
Fegebart bestiet út de bruorren Piter en Jehannes Reitsma. Piter sjongt en spilet elektryske gitaar, Jehannes sjongt en spilet akoestyske gitaar. Fierders bestiet de band op it stuit út muzykdosint en drummer Anne Martin Koree en bassist Inge de Vries. Fegebart hie oarspronklik in oare bassist, Watze Houtstra. Mar doe ’t dy nei Súd-Afrika emigrearre waard hy ferfongen troch Inge de Vries.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fegebart ûntstie doe't Watze Houtstra en Jehannes Reitsma as 'Friezen foar utens' inoar yn koroanatiden wer fûnen. Hja koene elkoar eins al hiel lang, mar se songen altyd yn it Ingelsk. De bandleden wennen doe allegear op ferskillende plakken, mar se kamen byinoar om ferskes yn harren memmetaal te skriuwen. Se kamen allegear út de rockmuzyk en woene mear nei de folkkant op.
Muzyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De muzyk bestiet neffens de leden út indiepoprock mei in folkeftige oanpak en hjir en dêr in twist.[1] De lieten fertelle ferhalen lykas minsken yn 'e kroech se fertelle kinne. De teksten geane oer fertroude saken: in moeting yn 'e kroech, in keardel út it doarp, it wetter yn 'e feart. [2] De band hellet ynspiraasje út in protte ferskillende bands en sjongers, fan Bruce Springsteen oant Radiohead. Yn 2020 helle Fegebart mei it nûmer Tseard Deadogger de finale fan Liet.[3] Troch de koronakrisis waard de finale fersetten nei 2021 en Fegebart waarden doe sânde.
Mei it nûmer 'Heitelân' stie de band meardere kearen yn de Fryske Top 100.
- Bingojûn
Foar it skriuwen fan in nij nûmer socht Reitsma nei in moai en komysk nûmer, dêr ‘t ek spanning yn sitte moast. Sa kaam er op it konsept fan in bingojûn yn in âldereinhûs. Ynspiraasje wie it nûmer 'De begraffenis fan omke Wopke' fan Doede Veeman. De senioaren soene inoar grif net it ljocht yn 'e eagen gunne at der in all-inclusive wrâldreis op it spul stean soe. De eskalaasje dy't dan ûntstean soe waard de setting foar it ferske. It humoristyske ferhaal stiet fol one-liners en jout in wat absurdistysk sicht op it doarpslibben.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2024 wûn Fegebart yn Ljouwerter poppoadium Neushoorn mei Bingojûn it Fryske sjongfestival Liet.
Neist de haadpriis wûn Fegebart ek de Gryt van Duinen tekstpriis foar de bêste Fryske tekst.[4] Mei de tekstpriis wol de organisaasje it skriuwen fan Frysktalige muzyk stimulearje.
De band sil Fryslân op 9 novimber 2024 Fryslân ferstjintwurdigje op it Regio Songfestival yn Maastricht.[5]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|