Doede Veeman

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Doede Veeman
Ic queue music 48px.svg sjonger en/of muzikant
Doede Veeman 5.jpg
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 1943
berteplak Franjumbuorren
wurkpaad
sjongtaal Nederlânsk
ynstrumint gitaar, akkordeon
grutste hit(s) De begraffenis fan Omke Wopke
jierren aktyf 1967 - no
Doede Veeman
Doede Veeman

Doede Veeman (de útbuorren Franjumbuorren by Marsum, 1943) is in Frysk sjonger.

Neidat er al jong op akkordeon learde te spyljen stapt hy op syn fjirtjinde oer op gitaar. Hy studearre fan 1960 ôf yn Grins en waard learaar biology en natuerwittenskippen. Veeman wenne earst in tiid yn Eastermar en letter yn Sumar.

Doede Veeman spile yn in dûnsband en yn ferskate studinte-kabaret-groepkes. Ek skreau er doe al ferskes. Yn 1967 die hy mei Oene Spoelstra mei oan in kabaretwedstryd foar de RONO. De priis bestie út tweintich minuten radio-optreden betsjutte it begjin fan syn optreden foar publyk. Hy sjongt Fryske, faak humoristyske ferskes en begeliedt himsels meast mei gitaar of akkordeon mar ek wol mei oare ynstruminten. Hy learde himsels boppedat ek wat te spyljen op tinwhistles, dwersfluit, klarinet, piano, banjo, balalaika en lillepipen.

Syn nûmer De begraffenis fan Omke Wopke stie tusken 2001 en 2007 alle jierren yn de top tsien fan de Fryske Top 100 fan Omrop Fryslân.

Yn de santiger jierren wenne hy yn Eastermar en spile in bult mei Jappie van der Leest op festivals en oare optredens. Yn 1978 naam hy de LP Frustraasjebloes, yn 1987 folge troch de LP Húske. Yn 1992 ferskynden in tal nûmers fan him út op de sammel-CD’s fan Aaipop en fan Tsjoch.

Doede makket net allinnich ferskes, mar is ek aktyf yn kabaret en by revuen. Sa die hy fan 1994 oant 1997 mei oan twa programma's fan de kabaretploech Ratatette. Earste De Skeane Ein & co en letter In heale maraton op platfuotten, dêr 't hy neit it skriuwen fan lietsjes froal de muzikale begelieding die.

Mei Piter Wilkens tegearre joech Veeman in tsiental lietskriuwkursussen foar it FLMD (letter Tresoar). Mei dyselde Piter Wilkens, Gurbe Douwstra en Jaap Louwes die hy in tal programma’s fan Trûbadoersjûnen. Yn 2004 ferskynde dêrfan de cd Der tuskenút. It meiïnoar lieten skriuwe en meiïnoar elkoars lieten spylje befoel sa goed dat sy dêr oant ein 2009 noch mei trochgiene. Yn 2007 ferskynde de life yn Arum opnommen De âlde púndyk bydel.

Yn maaie 2016 gie it program Wâldfrysk yn premiêre. Dit program makke Veeman mei Herman Peenstra, Carel van Leeuwen en Marcel Prins fan de groep RemoliNo. It bestie út in kombinaasje fan Fryske lieten en ynstrumentale wrâldmuzyk. Mei de muzikanten fan RemoliNo makke er yn 2009 de cd It is in spul. Op dy cd stiene santjin lieten. Mei RemoliNo die er mei oan it projekt De Misa Criolla en Navidad Nuestra op syn Frysk. De muzyk fan dy mis en dy krystkantate wie fan Ariel Ramírez en waard útfierd troch Anneke Douma as soliste mei it koar Con Amore Musica, ûnder lieding fan Gerben van der Veen. Veeman soarge mei Marleen Engelenburg foar de oersetting fan de teksten yn it Frysk. Yn 2013 begûn er mei syn nije programma WrâldWiis, besteande út wrâldmuzyk mei Fryske teksten.

Nei in lange karriêre yn'e musiek hat Veeman op 13 oktober 2018 syn lêste optreden jûn yn Balk. Hy moast stopje my it optreden om't er, nei eigen sizzen, hieltyd minder fertrouwe koe op syn unthâld. [1]

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In kar:

  • It is in spul (2009)
  • De Alde Púndyk by del (2007)
  • Der Tuskenút (2004)
  • Húske (1987)
  • Frustraesjebloes (1978)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: