Herman Peenstra

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Herman Peenstra (Doaium?, 1954?) is in muzyklearaar en sjonger fan Fryske ferskes.

Hy folge de konservatoariumoplieding yn Ljouwert. Dêrnei wie hy belutsen by ferkillende folksmuzykensembles. Mei ‘Kopácka’ lei er him ta op East-Europeeske muzyk en mei it klezmerorkest Di Gojim spile hy Jiddyske meldijen. Hy spilet akkordeon en sjongt. Herman Peenstra wie ek belutsen by projekten mei ûnder oare Bennie Huisman, Amnesty International en Pas d'Accord. Sa die er mei oan it koarprojekt fan Hoite Pruiksma om de seemansmuzyk fan Percy Grainger, op lokaasje yn it fiskershaventsje fan Laaksum. Hy luts troch it lân mei in poppeteater en wie de muzikale motor fan de kabaretgroep Ratatette. Yn 2009 die er mei oan it programma fan Frederike Kleefstra en Corinne Staal.

Peenstra sette achttjin gedichten fan Edgar Allen Poe oer yn it Frysk, wêrûnder Hymne, In Dream yn in Dream en Eldorado. Hy sjongt dy sels wylst syn akkordeon en Herman Prins (fioele) him dêrby begeliede. Sûnt 2004 spilet Peenstra yn it trio RemoliNo.

Hy ferskynt en ferskynde yn ferskate formaasjes, ûnder oare Ré m'oly, Remolino en Wrâldfrysk. Yn 2007 fersoarge hy de myzyk fan it iepenloftspul Om it lêste plak yn Dronryp. Dêrmei fertsjinne hy in Gouden Gurbe.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]