Corinne Staal

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Corinne Staal (Snits, 11 septimber 1964) is in pianiste en komponiste. Se groeide op yn Snits as dochter fan in sjirurch út Wageningen. Nettsjinsteande har eachproblemen slagge se foar har oplieding oan it konservatoarium yn Ljouwert (1983-1989). Se waard hjirby stimulearre troch musikus en jazzleafhawwer John Bok. Har hert giet út nei de lichte muzyk en de jazz. Se spilet solo, mar ek yn meardere ensembles, ûnder oaren mei bassist Oeds Bouwsma. Se wurke mei Roerend Goed en de solosjongsters Monique Bakker, Ellen Bakker, Elly May en Frederike Kleefstra. Mei de lêste makke se twa cd's en treedt se noch geregeld op. Corinne makket meast de komposysjes en arranzjeminten fan de ferskes, de teksten dogge se beide wol, of brûke teksten fan oaren. Yn it teaterseizoen 2005/2006 hienen se in eigen teaterfoarsttelling: ‘Oeremis’.

Mei Bennie Huisman spile se meardere teaterprogramma's, dêr't se ek teksten foar op muzyk sette. Optredens wienen der fierders mei Jaap Louwes, Piter Wilkens, Monique Bakker en Gurbe Douwstra. Fierder jout se les oan de Ljouwerter pop-akademy. Op it stuit (2009) wurket Corinne Staal oan in nije Fryske muzykteaterproduksje. Boppedat wurket se mei sjonger/gitarist Sake Hijlkema oan de (twatalige) skoallefoarstelling 'De Jierdei' foar de ûnderbou fan de basisskoalle.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Hûndert kear dyn namme mei Frederike Kleefstra (2003)
  • Hoe fyn ik wurden mei Frederike Kleefstra

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]