Jan-Dirk van Ravesteijn

Ut Wikipedy

Jan-Dirk van Ravesteijn, (Súdlaren, 15 novimber 1967), is in muzikaal manager, regisseur, produsint en akteur.

Jan-Dirk waard mei troch syn muzikale heit, yn 1972 de jongste tambour-maître fan Nederlân. Twa jier letter spile erde lytse tromme. Yn 1983 waard de fanfare ferruile foar gitaar en nom hy sjonglessen. Hy folge dramalessen by “De Voorziening” yn Grins. Hy rjochte de a-capella-groep “Farrago” op en bewurke de nûmers fan sylger Ede Staal ta a-capella. Dat hie teater- en radio-optredens fan gefolgen. Hy song dêrnei yn de musical “West Side Story” en yn it trio Three of a Kind.
Omdat hy in “fak” leare moast, ferhuze hy nei Fryslân en studearre Leisure Management yn Ljouwert. Under syn stúdzje bleau hy muzikaal en teatraal aktyf. De kombinaasje fan management en teäter blykte letter in útkomst.

Yn 1991 wûn hy de publykspriis op it earste Lietfestival mei a-capella groep “Het Tweede Perron”. Yn Ljouwert krige hy jazz-sjonglessen fan Tet Koffeman.
Yn 1995 die hy audysje foar "Jeans". Hy waard dêrnei frege de rol fan “The Balladeer” yn de musical “Assassins” ûnder regy fan Frank Sanders, te fertolkjen. Nei dit útstapke besleat er werom te gean nei it noarden.
Jan-Dirk starte de teatrale a-acapella groep “De Stembent”. Hy spile yn teaterdiners fan Pepper & Co Theaterproducties en rjochte mei Gea Struiksma yn 1998 Acta Teaterproduksjes op. Mei dat bedriuw wûn hy de tredde priis yn in starterskompetysje.

Aktiviteiten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van Ravesteijn docht Marketing & PR by Rekreaasjepark Bloemketerp en is rekreaasjemeiwurker by Rekreaasjesintra Nederlân. Yn Ljouwert docht er Marketing & PR by Teater Romein en is hy organisator by stichting Frysk Strjitfestival. Sûnt 2010 is hy beëdige as trouamtner foar de gemeente Ljouwert.

Yn 2011 is Van Ravesteijn fierder gien ûnder de namme Van Ravesteijn Entertainment Group. Dy organisaasje wurket fanút de Blokhûspoarte.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: