Acta Teaterproduksjes
Acta is in profesjoneel teäterselskip út Ljouwert dat sûnt 1997 foarstellings produsearret. It binne ynteraktive foarstellings en teätrale en muzikale acts. Sa as offisjele iepeningshannelingen, ludike parsemominten, yntermezzo's by kongressen, foarumdiskusjes en seminars, muzykteäter en folle mear.
It selskip waard yn 1997 oprjochte troch Gea Struiksma en Jan-Dirk van Ravesteijn. De namme Acta komt út it Latyn en betsjut 'hannelingen'. 'Acta est fabula' wienen de lêste wurden fan keizer Augustus foar't er stoar en betsjut 'it ferhaal is ferteld'.
Hja sykje gearwurking mei ytkafee Spinoza en tegearre jouwe se teäterrestaurant Descartes foarm. Sûnt 2003 is Acta folslein selsstannich en wurket gear mei ferskate restaurants yn Fryslân en om utens.
Sûnt 2009 hâldt Acta kantoar yn de Blokhúspoarte.
Jan-Dirk giet yn 2011 syn eigen gong en Gea is dan noch de iennichste eigener. Har man Guido de Roos spilet en skriuwt hieltyd mear mei yn de produksjes en nei ferrin fan tiid wurdt Guido mei-eigener fan Acta, dat no Acta Theater én Muziek hyt.
Op it program steane hilaryske teäter- en dinerkomeedzjes, komyske kuiers en rûnliedings. It binne ynteraktive teäterfoarmen mei muzyk- en strjitteäter en akteurs op lokaasje. Ofstân mei it publyk is der eins net. Alle foarstellings wurde yn eigen behear makke en ûntwikkele. Der is in útwreide team fan profesjonele akteurs en muzikanten oan Acta ferbûn.
DinerKomeedzjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Captain's Dinner (Gea Struiksma & Jan-Dirk van Ravesteijn)
- JaiBibia (Gea Struiksma & Jan-Dirk van Ravesteijn)
- Koninklijk Banket (Jan-Dirk van Ravesteijn)
- Zand, Soap & Soda (Gea Struiksma & Jan-Dirk van Ravesteijn)
- Marie Ceremonie (Gea Struiksma & Jan-Dirk van Ravesteijn)
- Boerderiederadiel (Jan-Dirk van Ravesteijn)
- Circus Puré (Jan-Dirk van Ravesteijn)
- De Bruiloft (Jan-Dirk van Ravesteijn)
- Water & Brood (Gea Struiksma & Guido de Roos)
- De Nét-Niks Factor (Gea Struiksma & Guido de Roos)
- Bitterzoet (Gea Struiksma & Guido de Roos)
- Autowasseret De Smet (Gea Struiksma & Guido de Roos)
Stedskuier en rûnlieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Humorstorisch Leeuwarden (Gea Struiksma & Jan-Dirk van Ravesteijn)
- In het spoor van Aage M. (Gea Struiksma)
- Het Geheim van Marijke Meu (Gea Struiksma & Guido de Roos)
- Voor de Wind (Gea Struiksma & Guido de Roos)
- Visserslatijn (Gea Struiksma & Guido de Roos)
- De Vloek van de Langsleattemer Man (Gea Struiksma & Guido de Roos)
- Het Venetië van het Noorden (Gea Struiksma & Guido de Roos)
Muzykteäter
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Mick & Sugar: Swingen en Zwijmelen (Gea Struiksma & Guido de Roos)
- The Darles Chicken Singers: Ynteraktyf swingend krystkoarke (Gea Struiksma & Guido de Roos)
- The Sugar Berries: Je bent wat je eet - Kabaret mei muzyk yn de styl fan de swingende jierren 1920-1950 (Gea Struiksma, Guido de Roos en Dirk van Weerden)
Koarte tematyske foarstellings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Trilogie van een reiziger (Gea Struiksma & Jan-Dirk van Ravesteijn)
- Mozes (Jan-Dirk van Ravesteijn)
- Clean Up da Hood (Gea Struiksma & Guido de Roos)
- PolitX (Gea Struiksma)
- Breakfast, lunch & dinner... Brunner!: oer fersteurde relaasjes tusken stêf en personiel (Guido de Roos)
- Trashbusters: yn it tema "Nederland Schoon" (Gea Struiksma & Guido de Roos)
- Persoonsgericht Werken: edukative foarstelling foar personiel yn de soarch (Gea Struiksma & Guido de Roos)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |