Mick & Sugar

Ut Wikipedy
Mick & Sugar

Mick & Sugar út Ljouwert binne de alter-ego's fan Guido de Roos en Gea Struiksma út it Acta Theater beropsselskip yn Ljouwert, dat sûnt 1997 yn en bûten Fryslân spilet.

It ynteraktieve duo hat in ferskaat oan romantyske en fleurige leafdeslietsjes. Mei begelieding fan akoestyske gitaar en ukulele fleurje M&S feestlikheden op.

Mick & Sugar makken in komysk ferske en filmke: "En krije sil ik dy!" [1] It is in oersetting fan You're the one that I want út de musical Grease, tegearre mei it folkloristyske Hup, sûpengrottenbrij en ik sil dy wol krije.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Mick&Sugar op YouTube