Guido de Roos
Guido de Roos | ||
akteur | ||
De Roos by Teater Romein | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
berne | 1957 | |
berteplak | Sint Amandsberg | |
jierren aktyf | 1972 |
Guido de Roos (Sint Amandsberg (Gint, Belgje), 1957), is in muzyk- en teatermakker út Ljouwert.
Guido syn Fryske heit Oepke de Roos wie predikant in Gint, joech dêr pianoles en aktearre by it Gintske toaniel. Guido syn pake wie dûmny Oepke de Roos (1865-1951) út De Geast), dy't tegearre mei de fjildwachter op âldjiersjûn de oarder beskerme yn 't doarp: de fjildwachter mei de blanke sabel en dûmny De Roos mei de kuierstôk, want hy hie de skermrang 'Provoost op de Korte Stok'. Yn 1963 ferhuze Guido nei Ljouwert.
Muzyk en bands
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As tsiener hie Guido gitaarlessen fan de Fryske dichteresse en muzykleraresse Pita Grilk.
Yn 1978 spile hy yn syn earste popbandsje, Livelyhood.
As hy yn 1980 yn petear rekket mei in sekere Simon Gallup (fan The Cure), beslút hy him ek ta te lizzen op 'e bas.
Dêrnei rjochte hy de bands See You (eigen wurk), No Kiddin (eigen wurk) en Bicycle Repairmen (eigen wurk en covers) op, allegear yn Ljouwert. It wiene de tiden fan de 'Friese Bries' en mei de lêste band makke hy namme yn de provînsje.
Nei de tachtiger jierren wenne hy bûten Fryslân en spile yn de bands $29,- (eigen wurk en covers, melodieuze blues út Drinte) en Little Pictures (eigen wurk en covers, akoestyske blues út Grins/Drinte) en rjochtet hy Men Aloud (eigen wurk en covers, rock-ymprovisaasje út Oerisel) en Me Jane (eigen wurk en covers, akoestysk kwartet út Grins) op.
Guido jamme mei ûnder oaren Kaz Lux (Brainbox), E-Bone & Vince Smeenk (Gotcha), Jan van der Meij (Vitesse/Powerplay), Erwin Nyhoff (Prodigal Sons) en Wouter Planteijdt (Sjako).
Op de CD 'Where Eagles Fly' (2007) is hy as gastgitarist te beharkjen, út earbetoan oan syn ferstoarne freon en gitarist Arend Runia fan de Ljouwerter symfoanyske band Go Simon. By de CD-presintaasje spile Guido mei, yn in grôtfol Poppoadium Romein. It is Guido syn muzikale come-back yn syn Fryske heitelân.
Wêrom yn Ljouwert (2008) waard hy benadere om op kontrakt te spyljen by de Fryske Beatles, mar Guido krige rillegau oare ambysjes en rjochte de funky live band Crocodile Smile op.
Under de namme Gitarissimo trede hy ek solo op as gitarist en as "one-man-jam". By keunsteksposysjes liet hy him troch de rûnten ynspirearje en spile ymprovisearjend.
Teater
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Guido spile en aktearre yn foarstellings fan Acta Theater, ûnder oaren yn it ynteraktive muzykteater-duo Mick & Sugar (mei syn frou Gea Struiksma ), Wetter en Brea (DinerKomeedzje), The Darles Chicken Singers (muzykteäter) en Carwash, in jûnfoljende, swingende foarstelling dêr't ek syn band 'Crocodile Smile' in grutte rol yn spilet.
Acta wurke gear mei ferskate restaurants yn Fryslân en om utens. Op it programma stienee hilaryske teater- en dinerkomeedzjes, komyske kuiers en rûnliedings. It wiene ynteraktive teaterfoarmen mei muzyk- en strjitteater en akteurs op lokaasje. Ofstân mei it publyk wie der eins net. Alle foarstellings waarden yn eigen behear makke en ûntwikkele.
Der binne 12 profesjonele akteurs oan Acta ferbûn. Sûnt 2009 hâldt Acta kantoar fanút de Blokhúspoarte, Guido de Roos skriuwt de foarstellings en akts mei en komponearret de muzyk foar Acta.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|