Landkreis Cochem-Zell

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Wapen Landkreis Cochem-Zell

It Landkreis Cochem-Zell is in regionale bestjoersienheid (Landkreis) yn it sintrale diel fan de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It distrikt waard oprjochte yn 1969.

De Kreisstadt is de stêd Cochem.

It gebiet hat in oerflak fan 691,82 km² en bestiet út fjouwer saneamde Verbandsgemeinden:

  • 1. Verbandsgemeinde Cochem
  • 2. Verbandsgemeinde Kaisersesch
  • 3. Verbandsgemeinde Ulmen
  • 4. Verbandsgemeinde Zell (Mosel)

It distrikt bestiet út trije ferskate lânskippen. De Mûzeldelte mei in soad wynbou snijt it gebiet yn twa dielen. It noardwestlike diel makket diel út fan de Eifel en it súdeastlike diel fan de Hunsrück.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]