Springe nei ynhâld

Beilstein (Rynlân-Palts)

Ut Wikipedy
Beilstein
Emblemen
Bestjoer
Lânflagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkringCochem-Zell
Sifers
Ynwennertal138 (31.12.2024)[1]
Oerflak1,69 km²
Befolkingsticht.83 ynw./km²
Hichte90 m
Oar
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten50° 06'N 7° 14'E
Offisjele webside
beilstein-mosel.de
Kaart
Beilstein (Rynlân-Palts)
Beilstein

Beilstein is in Ortsgemeinde yn 'e lânkring Cochem-Zell yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. Beilstein heart by de ferbânsgemeente Cochem en leit oan 'e rjochter kant fan 'e Mûzel.

Neffens Frankyske grêffynsten waard Beilstein om 800 n. Kr. hinne al bewenne. Sûnt 1268 wie it plak lienbesit fan 'e hearen Von Braunshorn. Beilstein krige ûnder Johann von Braunshorn (1299–1346) yn it jier 1309 fan keizer Hindrik VII stedsprivileezjes en stedsmuorren en likernôch tagelyk waard in parochytsjerke boud. Sûnt 1309 bestie der yn Beilstein ek in joadske gemeente, werfan't it joadske tsjerkhôf by it kastiel noch altiten tsjûget. De pest besocht yn 'e jierren 1347-1349 ek Beilstein en troch ferfolging kaam der doe ek ynearsten in ein oan 'e bloei fan 'e joadske mienskip yn Beilstein.

Kastiel Metternich.

Nei it útstjerren fan it skaai Von Braunshorn gyng it lien yn 1360 yn hannen fan 'e hearen Von Winneburg oer. Doe't de katolike Philipp I von Winneburg yn 1587 ferstoar en syn protestantske soan Philipp II Beilstein erfde, waarden alle Beilsteiners twongen om op it protestantisme oer te gean. Mei de komst fan 'e Spanjaarden yn 1620 moasten de Beilsteiners wer katolyk wurde. Yn 1634 waard Beilstein troch Sweedske troepen beset en wer feroare it plak fan konfesje. Nei't Kar-Trier Beilstein yn 1637 oan 'e keizerlike greven Von Metternich yn lien joech, feroaren de ynwenners foar it lêst fan leauwe en waard de befolking wer katolyk.

Kleastertsjerke.

Yn 1686 waard de earste stien lein foar it nije kleaster op 'e Rammerberch. Yn 1689 folge de ferneatiging fan it kastiel Metternich troch Frânske troepen. It hjoeddeiske stedsbyld datearret út dy tiid.

Mei't de Frânsen it gebiet yn 1794 besetten, einige ek it bewâld fan 'e ryksgreven Von Metternich. Yn 'e Frânske tiid kaam mei de sekularisaasje ek in ein oan it kleasterlibben.

It besjen wurch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De histoaryske stêd Beilstein;
  • de eardere oan Sint-Joazef wijde kleastertsjerke mei yn 'e tsjerke in 12e-iuwsk genedebyld fan 'e Swarte Madonna;
  • it kastiel Metternich.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur op dizze side.