Springe nei ynhâld

Senheim

Ut Wikipedy
Senheim
Sicht op Senheim
Sicht op Senheim
Emblemen
Polityk
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Cochem-Zell
ferbânsgemeente Cochem
Sifers
Ynwennertal 562 (2021)
Oerflak 12,51 km²
Befolkingsticht. 45 ynw./km²
Hichte 95 m
Oar
Postkoade 56820
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 50° 05'N 7° 12'E
Offisjele webside
www.senheim.de
Kaart
Senheim (Rynlân-Palts)
Senheim

It plak Senheim is in Ortsgemeinde, dy't diel útmakket fan de Verbandsgemeinde Cochem, yn de lânkring Cochem-Zell yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts.

Senheim leit tusken wyngerds oan de Mûzel en foarmet mei it oan de oare kant fan de Mûzel lizzende Senhals ien gemeente. De beide dielen wurde sûnt 1967 troch in brêge ferbûn.

Yn 'e midsiuwen lei hjir in wichtige oergong yn de rivier foar de hannel út de Lege Lannen nei Frankfurt am Main en Augsburg. Wynbou wie ek yn dy tiid al in wichtige foarm fan bestean.

Romaanske wentoer (Senheim)

Op 13 augustus 1839 waard Senheim troffen troch in grutte brân. It âlde, midsiuwske oansjen fan it plak mei ferdigeningsmuorren, tuorren en poarten gyng doe hast folslein ferlern. De tsjerke mei in pronkfol barok alter fan Januarius Zick, de pastorij en de romaanske wentoer wisten de ramp te trochstean. Senheim waard wer opboud mei in grutskalich strjittenplan. Tritich famyljes koene troch in tekoart oan romte net mear te plak yn harren âlde wenstee en moasten ferhûzje nei in nij stifte delsetting heger op de Hunsrück. Dit plak krige, nei de inisjatyfnimmer Friedrich Alexander Moritz, de namme Moritzheim.

Sûnt 1946 makket Senheim part út fan de nij stifte dielsteat Rynlân-palts. Op 7 novimber 1970 waard it plak by de ferbânsgemeente Cochem foege.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Senheim en Senhals binne katolike plakken. Benammen de mei fresko's fersierde Maria Magadalenakapel yn Senhals is it besjen wurdich. Ek de barokke Katharinatsjerke fan Senheim mei de letromaanske toer foarmet in wichtich monumint. De wentoer út de earste helte fan de 13e iuw wie ea in diel fan in fersterke fâdij en waard yn 1307 mei de fâdij ûnderdiel fan de ferdigeningswurken.