Springe nei ynhâld

Cochem

Ut Wikipedy
Cochem
Emblemen
Polityk
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Cochem-Zell
Stedsyndieling 4 Ortsteile
Sifers
Ynwennertal 5.288 (31.12.2022)
Oerflak 21,8 km²
Befolkingsticht. 245 ynw./km²
Hichte 85 m
Oar
Postkoade 56812
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 50° 8'N 7° 10'E
Offisjele webside
www.cochem.de
Kaart
Cochem (Rynlân-Palts)
Cochem

Cochem is in stêd oan 'e Mûzel yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts.

It plak is de Kreisstadt fan 'e lânkring Cochem-Zell. Mei likernôch 5.300 ynwenners (2022) is Cochem ien fan 'e lytste kringstêden fan it lân. Sûnt 7 Juny 2009 makket Cochem diel út fan 'e ferbânsgemeente Cochem.

Al yn 'e keltyske en romeinske tiid waard it hjoeddeiske Cochem bewenne. Yn 886 wurdt it plak foar it earst ûnder de namme Villa cuchema dokumintearre. Oare nammen yn 'e skiednis binne Cuhckeme en Chuckeme (893), Cochemo (1051), Chuchumo (1056), Kuchema (1130), Cuchemo (1136), Cocheme (1144), dan Cuchme, en oant yn 'e 18e iuw Cochheim of Cocheim.

Cochem
(Merian, 1646)

It plak wie in keizerlik stee en waard troch kening Adolf fan Nassau yn 1294 oan 'e aartsbiskop fan Trier oerdroegen. Oant de Frânske besetting yn 1794 bleau it in part fan it Karfoarstedom Trier. Cochem krige yn 1332 stedsrjochten en koart neitiid waard der útein set mei de oanlis fan 'e muorren, dy't diels noch jimmeroan besteane. Tusken 1423 en 1425 waard de stêd teheistere troch de Swarte Dea. Yn 'e Tritichjierrige Oarloch waard de stêd belegere, mar it slagge net om de stêd yn te nimmen. Yn 1689 lykwols stieken de troepen fan kening Loadewyk XIV de Winneboarch by Cochem yn 'e brân en feroveren dêrnei ek de stêd Cochem mei it kastiel. De weropbou fan 'e stêd gong stadich en naam in lang skoft yn beslach. Yn 1794 kaam Cochem op 'e nij ûnder Frânske hearskippij. It Kongres fan Wenen wiisde Cochem yn 1815 ta oan it Keninkryk Prusen.

Louis Fréderic Jacques Ravené kocht de ruïne fan it eardere keizerlike kastiel yn 1866 en begûn mei de weropbou der fan om hjir simmerdeis te ferbliuwen.

Ryksboarch Cochem

Earst nei't de brêge oer de Mûzel boud waard yn 1927 foege men yn 1932 de beide fiskersdoarpen Cond en Sehl tegearre mei de stêd. Dy Skagerrak Brücke waard op 23 jannewaris 1927 yn gebrûk nommen. Grutte dielen fan 'e âlde binnenstêd fan Cochem waarden lykas de nije brêge yn 'e Twadde Wrâldkriich ferneatige. Nei de kriich folge de weropbou en op 29 september 1949 wie de brêge wer klear. In twadde brêge oer de Mûzel mei de namme Nordbrücke waard tussen 1990 en 1993 boud en op 3 septimber 1993 yn gebrûk nommen.

Sûnt 1946 is de stêd in part fan de nij stifte dielsteat Rynlân-Palts.

Yn 2011 waarden by it wurkjen oan it spoar trije bommen fan 500 kg. út de Twadde Wrâldoarloch ûntdutsen. Twa fan 'e bommen waarden ûntmantele, ien waard yn beton getten. In grut part fan 'e stêd moast by it ûnskealik meitsjen fan de bommen evakuëarre wurde.

Cochem is te ferdielen yn fouwer Ortsteile:

  • Cochem
  • Cond
  • Sehl
  • Brauheck
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Cochem fan Wikimedia Commons.