Springe nei ynhâld

Winneburg

Ut Wikipedy
Winneburg
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
plak Cochem
koördinaten 50° 9' N 7° 8' E
Skiednis
boujier 13e iuw
hjoeddeiske steat ruïne
Oars
type hichteboarch
tagonklikens frij tagonklik
Kaart
Winneburg (Rynlân-Palts)
Winneburg

De Winneburg, ek wol Winnenburg, is de ruïne fan in kastiel yn it gebiet fan Cochem yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts.

It kastiel leit yn 'e Eifel op in hichte fan 80 m boppe de Endert, dy't likernôch 2,5 km fierder súdeast fan 'e stêd Cochem yn 'e Mûzel útmûnet. Eigner fan 'e hichteboarch is de gemeente Cochem.

It kastiel (hielendal rjochts) op in tekening út 1646 fan Matthäus Merian.

It kastiel waard yn 'e twadde helte fan 'e 13e iuw boud en wie de stamsit fan 'e hearen fan Winnenberg. Foar it earst wurdt it kastiel yn it jier 1304 neamd yn in ferdrach fan Wirich fan Winnenberg mei de Trierske aartsbiskop. Yn 'e iuwen dêrnei waard it kastiel fierder útwreide sûnder fan eigner te feroarjen. Nei't it skaai yn 1637 útstoar, foel it kastiel healwei de 17e iuw yn hannen fan 'e famylje fan Metternich.

Yn 'e rin fan 'e Njoggenjierrige Kriich waard it kastiel yn 1689 troch Frânske troepen belegere, ynnommen en opblaasd. De Winneburg waard net wer opboud en bleau as ruïne fierder bestean.

De ruïne waard yn 1832 troch Klemens Wenzel Lothar fan Metternich opkocht, mar dy boude it kastiel net wer op. Sûnt 1932 is de stêd Cochem eigner.

Hjoed-de-dei oerhearsket de rûne berchfrede it oansjen fan 'e ruïne, dy't goed 22 m heech is en in trochsnit hat fan 8,5 m. De muorredikte fan 'e berchfrede is 2,40 m. Op 8,5 m hichte is de earste ferdjipping dy't as finzenis tsjinne. Op in hichte fan 15 m is oan 'e hôfskant in wargongsdoar, dêr't in ferwaarme ferbliuwsromte wie.

De ruïne is fanút de Mûzeldelling goed te sjen en stiet steil op in rots boppe de Endert, wêrfan't de hellingen noch oant yn 'e twadde helte fan 'e 19e iuw mei wynstokken begroeid wiene. Hjoed-de-dei wurdt dêr net mear oan wynbou dien en besteane de berchhellingen út tichte bosken. It paad nei de ruïne is steil en net op syn aldermaklikst te gean.

Plattegrûn.

Fanút it noarden jout in brêge oer in foar in part tichtsmiten grêft tagong ta it kastiel. It útwrydske kompleks waard yn 'e lêste tiid wer restaurearre om fierder ferfal tsjin te gean en der binne noch in soad resten fan it 20 by 9 m grutte paleis, de wen- en bedriuwsdielen, de foarboarch en de ringmuorre te sjen.

Yn 'e simmermoannen organisearret in feriening alle jierren midsiuwske eveneminten op 'e Winneburg mei muzyk en iten.

Fan 'e ruïne wurdt gjin kommersjeel gebrûk makke en it kompleks is altiten frij tagonklik.

De ruïne is ien fan 'e kastielen dêr't it spûket. Neffens in sêge hie de boumaster yn ruil foar rom, macht en rykdom en help by de foltôging fan it kastiel in pakt mei de duvel sletten en syn eigen dochter op it kastiel as offer ynmitsele. De duvel hold syn wurd, mar iensume kuierders hearre yn 'e delling ûnder it kastiel nachts somtiden noch altiten it skriemen fan it fanke.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Winneburg, ferzje 27 juny 2024.