Bruttig-Fankel
Bruttig-Fankel | ||
Sicht op Bruttig | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Cochem-Zell | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.085 (2021) | |
Oerflak | 14,37 km² | |
Befolkingsticht. | 76 ynw./km² | |
Hichte | 85 m | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 50° 7' N 7° 13' E | |
Offisjele webside | ||
www.bruttig-fankel.de | ||
Kaart | ||
Bruttig-Fankel is in Ortsgemeinde yn de lânkring Cochem-Zell yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. Bruttig-Fankel is in twillingdoarp dat leit yn de ferbânsgemeente Cochem.
It plak leit oan de Mûzel en bestiet út de dielen Bruttig, Fankel en de buorskip Birkenhof.
De twa doarpen binne tige âld. Bruttig wurdt al yn in oarkonde fan 898 neamd, wylst Fankel foar it earst yn 1100 neamd wurd. Beide doarpen hawwe in grut tal monuminten.
By it ortsteil Fankel leit in slús yn de Mûzel mei in ferfal fan 7 meter.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De twa doarpen binne ryk oan monumintaal erfgoed. Yn Fankel steane de measte monuminten konsintrearre oan de Brunnenstraße. De Marije-Himelfearttsjerke is 13e-iuwsk en hat in barokke ynrjochting. De Sint-Margarethatsjerke fan Bruttig is neoromaansk, mar de toer is let-midsiuwsk en datearret fan 1507.
Yn Bruttig is de synagoge bewarre bleaun. Noch krekt foar de Kristallnacht waard de synagoge ferkocht oan in wynboer, om't de joadske mienskip al yn 1925 sa lyts woarn wie, dat der sûnt dy tiid gjin earetsjinsten mear holden wurde koene. De synagoge is restaurearre en funskjonearret tsjintwurdich as 'Haus der Kultur und Begegnung'. It doarp hat ta neitins fan syn eardere joadske ynwenners stroffelstiennen lein.
KZ-Bruttig-Treis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Bruttig-Treis.
Yn de Twadde Wrâldkriich lei tusken 10 maart 1944 en 14 septimber 1944 yn it Ortsteil Bruttig in bûtenkamp fan it KZ Natzweiler-Struthof, it KZ Bruttig-Treis. Finzenen fan it kamp waarden ynset foar twangarbeid yn in 2565 meter lange tunnel tusken Treis en Bruttig, dy't yn de Earste Wrâldkriich oanlein wie as ûnderdiel fan in spoarferbining op de rjochter kant fan de Mûzel tusken Koblenz nei Bullay.
Dwers troch it doarp rint in somtiden wol 10 meter hege spoardaam, mar in trein hat der nea oer riden want it wurk waard yn 1924 stopset. Yn 1946 waard de tunnel yn opdracht fan de Frânske besettingsmacht oan beide kanten opblaasd, sadat de tunnel net mear tagonklik is. Fan it kamp is hast neat mear oerbleaun, guon barakken binne ferboud ta wente en bestean dêrom noch. It eardere konsintraasjekamp wurdt mei in ienfâldich monumint op it tsjerkhôf fan Bruttig betocht.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Fankel, Marije-Himelfearttsjerke
-
Fankel, Fakwurkhûs Brunnenstrasse
-
Fankel, goatysk hûs
-
Bruttig, Sint-Margarethatsjerke
-
Bruttig, Schunksches Haus
-
Bruttig, synagoge
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.
|