Springe nei ynhâld

Bruttig-Treis

Ut Wikipedy
Bûtenkampbarak op de daam fan Bruttig

KZ Bruttig-Treis wie in konsintraasjekamp tusken de plakken Bruttig en Treis yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It kamp funksjonearre as in bûtenkamp fan it konsintraasjekamp Natzweiler-Struthof en bestie tusken 10 maart 1944 oant 14 septimber 1944.

Trochgong spoardaam mei barak

Tusken de plakken Bruttig en Treis leit in 2565 meter lange tunnel as ûnderdiel fan in spoarferbining tusken Bullay en Koblenz. Begjin 1918 waard útein set mei it boaren fan de tunnel en it frijkommende boumateriaal waard brûkt om in daam dwers troch it doarp Bruttig oan te lizzen. Mei it ein fan de Earste Wrâldkriich waard it wurk ynearsten stopset, mar yn 1919 mocht der fan de Frânske besettingsmacht fierder oan de tunnel wurke wurde . Op 20 desimber 1919 wie de tunnel iepen en waard in 195 hege skacht foar de lofttafier foltôge. Ek oan de daam, dy't Bruttig yn twa dielen dielde, waard fierder boud en eltse strjitte dy't de daam krúste krige in trochgong, meiïnoar tolve trochgongen. Troch de ynflaasje, in dekreet fan de Frânske besettingsautoriteiten om it wurk te einigjen en it weromlûken fan it boubedriuw út it projekt, kaam der yn 1924 in ein oan it wurk. Oant dan hie it projekt njoggen miljoen mark koste, mar in spoar soe der nea komme. De tunnel waard dêrnei brûkt foar de bou fan sjampinjons.

Doe't yn de Twadde Wrâldkriich de militêre sitewaasje foar it Tredde Ryk minder waard, seach it nazy-rezjym yn de tunnel in mooglikheid om de tunnel út te bouwen ta in feilich produksjeplak foar wapens. Under de koadenamme WIDU GmbH soe Robert Bosch GmbH in 21.000 m² grutte ûnderierdske fabryk foar de produksje fan saken foar de fleantúchyndustry ûnderbringe.

It wie ynearsten net it doel om de finzenen foar de produksje yn te setten. Dat wurk soe yn hannen komme fan de faklju fan Bosch en bûtenlânske twangarbeiders. De finzenen soenen allinne foar de bou fan it fabryk, de foarsjennings en it kampkompleks ynset wurde. Oan beide kanten fan de tunnel moasten kampen ynrjochte wurde.

De kommandant fan it kamp wie SS-Hauptsturmführer Gerrit Oldeboershuis en SS-Untersturmführer Karl-Heinz Burckhardt ferfong him. De lokale sintrale siet yn Cochem en bestie út 18 SS-ers.

De earste finzenen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 10 maart 1944 waarden de earste 300 finzenen út it konsitraasjekamp Natzweiler-Strutof mei weinen nei Bruttig-Fankel brocht, fral Frânsen, mar ek Belgen, Nederlannners, Lúksemboargers, Noaren, Russen, Poalen, Oekraïners, Griken, Italjanen, Spanjaarden en in pear Dútsers. Neffens ferklearringen stieken de weinen yn in lange kolonne de brêge tusken Cochem en Cond oer, dêr't hast de folsleine befolking fan it stedsje foar . Fasiliteiten om de finzenen yn ûnder te bringen wiene der noch net en yn Treis waard der noch gau in leechsteand pension foardere, dat lykwols fierstente lyts wie en mei stikeltried omfieme waard. Likernôch de helte hie gjin plak en de oare deis waarden dy oer de berch nei de oare kant fan de tunnel nei Bruttig brocht. De finzenen waarden twongen om sawol oan de kant fan Treis as oan de kant fan Bruttig in kamp te bouwen, dat yn de rin fan april foltôge wie. Bruttig-Treis krige op 24 july 1944 mei 1527 finzenen de heechste besetting yn syn bestean. Meiïnoar hawwe der mear as 2000 finzenen sitten.

It plak fan de súdlike tagong fan de tunnel

By de seleksje foar de útwizing fan finzenen nei Treis-Bruttig hiene de SS-ers yn Natzweiler-Struthof in grutte flater makke. Hja hiene saneamde NN-finzenen nei Bruttig stjoerd. 'NN' wie de ôfkoarting foar Nacht und Nebel en ferwiisde der nei dat nimmen eat oer it ferbliuw fan sokken fernimme mocht. Under dy Nacht und Nebel-finzenen hearden bygelyks fersetsstriders. As hja net fuort nei oankomst fermoarde waarden, hiene sokke finzenen slim te lijen ûnder grouwelige pesterijen. Sokken mochten út noch yn net nei in bûtenkamp stjoerd wurde.

Doe't de SS-ers yn Natzweiler-Struthof harren grutte flater yn de rekken krigen, waard der fuort in befel nei it bûtenkamp stjoerd om de hiele groep werom te stjoeren en op 8 april waarden de mannen fanút Treis-Brutig wer ôffierd. It transport fan de fermeagere en tige smoarge, foar in part neakene Frânsen gyng oer it stasjon fan Cochem. Fan de 150 finzenen ferstoaren 40 yn de earste moanne.

Tsjûgen fertelden oer de ekstreme wredens fan de SS yn Treis-Bruttig en hja beskreaune dat nei in mislearre flecht seis Frânsen op Goed Freed eksekutearre waarden. Twa waarden op dy dei sels krusige, werby't de oare finzenen sjen moasten hoe't hja in stadige dea stoaren.

It beamhingjen wie neffens tsjûgen ek in aardich fermaak fan de SS. It slachtoffer waarden dan de hannen op de rêch fêstbûn en dan oan de earms omheech lutsen. Foar it iten fan gers wie it wenst dat de finzene op de bok lein waard. Dêrby moast dit slachtoffer it tal stokslagen sels lûdop telle. By in fersin begûn de straf op 'e nij en it tellen fan stokslagen fan it begjin ôf wer oan. Wat SS-ers ek graach diene wie wynflessen op de grûn stikken slaan, en dan de finzenen mei bleate fuotten oer de skerven rinne te litten.

Yn 'e wykeinen hie de SS grutte sadistyske feesten yn Hotel Wildburg. Foar it fermaak waarden dan finzenen ophongen. Yn de folterbarak fan it Bruttiger kamp waarden finzenen mei de strop twongen harren sels op te hingjen.

Tsjin it ein fan april 1944 kaam it ta in útbraak fan Russyske finzenen. Dy wiene op 6 april 1944 oankommen tegearre mei Poalske finzenen. Oer it krekte tal fan de flechtlingen binne de boarnen net ienriedich. Neffens de sifers fan it kamp gyng it om 21 persoanen, mar yn de prosesprotokollen wurde in oantal fan 60 flechtlingen neamd. Acht finzenen slaggen yn har flecht, mar 13 waarden wer oppakt. Neffens tsjûgen waard ien fan de oppakte flechtlingen troch in SS-er mei in troch in ynwenner oanrikke skeppe yn inoar slein.

De útbraak late ta in wiziging yn de lieding fan it kamp. Rudolf Beer waard troch de SS-Obersturmführer Walter Scheffe ferfongen.

Op 20 juny 1944 waarden de 13 oppakte finzenen troch de hân fan oare kampbewenners ophongen. Foar harren 'help' krigen hja as beleaning in stik bôle.

Betinkingsstien KZ Bruttig-Treis yn Bruttig

It wie de finzenen ferbean om kontakt te hawwen mei de lokale befolking. It kamp yn Bruttig lei fuort by de bebouwing op de daam en guon ynwenners koene fanút it souderrút alles sjen wat der yn it kamp barde. Dochs slaggen ynwenners der somtiden yn om de twangarbeiders fruit of bôle te jaan. Guon ynwenners leine it iten op peallen of muorren, dêr't finzenen alle dagen oan foarby marsjearden as hja nei de tunnel moasten. Dat wie net sûnder gefaar, want ek de ynwenners koene foar help swier straft wurde. Yn in pear gefallen waarden sokke helpers sels ek twangarbeiders.

Betinkingsstien KZ Bruttig-Treis yn Treis

Yn juny 1944 wiene der wer feroarings yn de kamplieding troch de oanstelling fan SS-Untersturmführer Heinrich Wicker (1921-1945). Foar de finzenen waard it der net better op want de doe 23 jier âlde Heinrich Wicker wie noch wreder as Walter Scheffe. Wicker bleau oan oant de evakuaasje fan it kamp yn septimber 1944.

Op 14 septimber waard it befel jûn om it kamp op te heffen. De finzenen waarden nei Cochem deportearre en bleaune dêr mear as in dei yn de tichte wagons, foardat de trein har nei it konsintraasjekamp Nordhausen en fan dêr nei it bûtenkamp Ellrich-Juliushütte deportearre.

Doe't de oarloch foarby wie, tsjinnen de kampgebouwen as tydlik foar de opfang fan twangarbeiders. In pear gebouwen waarden letter as wente, bedriuwgebou of opslachromten brûkt.

Fan it konsintraasjekamp is net in soad werom te finen. De lêste gebouwen fan it kamp yn Treis waarden healwei de jierren 1980 opromme om plak te meitsjen foar in boumerk. Yn Bruttig is noch in barak oerbleaun, oare barakken op it eardere kampterrein binne ferboud ta wente. Op de tsjerkhôven fan Treis en Bruttig binne ta neitins fan de slachtoffers ienfâldige monuminten oprjochte.

De tunnel waard nei de oarloch oan beide kanten troch de Frânske besettingsmacht opblaasd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:KZ Bruttig-Treis