LTO Nederlân

Ut Wikipedy
LTO Nederlân
LTO Nederland
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
type org. belangeferiening
wurkjouwersferiening
wurkmêd lân- en túnbou
haadkertier De Haach (Súd-Hollân)
oprjochte 1995
fuortk. út CBTB, KNBTB, KNLC
orgaan Nieuwe Oogst
tal leden 50.000
offisjele webside
www.lto.nl

LTO Nederlân (Nederlânsk en offisjeel: LTO Nederland; folút: Land- en Tuinbouw Organisatie Nederland) is in Nederlânske ûndernimmers- en wurkjouwersorganisaasje foar de agraryske sektor en de túnbousektor.[1] It is in koepelorganisaasje foar trije regionale ferienings op it mêd fan 'e lân- en túnbou,[1] dy't mei-inoar yn totaal krapoan 50.000 boeren en túnkers fertsjintwurdigje.[1] Fia LTO Nederlân wurdt nau gearwurke foar de belangebehertiging fan 'e leden op it mêd fan aktuële tema's.[1]

Organisaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

LTO Nederlân is in lanlike koepelorganisaasje fan trije regionale lân- en túnbouferienings.[1] Dat binne:[1]

De leden fan dy organisaasjes wurde troch LTO Nederlân sawol op nasjonaal mêd as yn 'e Jeropeeske Uny fertsjintwurdige.[1] It haadkantoar fan LTO Nederlân is fêstige yn De Haach, mar de koepelorganisaasje ûnderhâldt ek in buro yn Brussel.[1] It orgaan fan 'e LTO hjit Nieuwe Oogst.[1]

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

LTO Nederlân waard yn 1995 nei jierren fan muoisume ûnderhannelings oprjochte troch in fúzje fan trije eardere Nederlânske nasjonale belangeferienings foar boeren en túnkers, dy't stammen út it tiidrek fan 'e Ferpyldering.[2] Dat wiene it roomske Katolyk Nederlânsk Boere en Túnkers Bûn (KNBTB), it liberale Keninklik Nederlânsk Lânbou-Komitee (KNLC) en it protestantske Kristlik Boere en Túnkers Bûn (CBTB).[2] Nei syn ûntstean naam LTO Nederlân stadichoan it foech en de ferantwurdlikheden fan it Lânbouskip oer, dat dêrom yn 2001 opheft waard.[2]

Oarspronklik bestie LTO Nederlân út in stikmannich regionale dielorganisaasjes: de Westlike Lân- en Túnbou Organisaasje (WLTO) yn Noard- en Súd-Hollân en Seelân, de Noardlike Lân- en Túnbou-organisaasje (NLTO) yn Grinslân en Drinte, de Frysk-Flevolânske Lân- en Túnbou-organisaasje (FLTO) yn Fryslân en Flevolân, de Gewestlike Lân- en Túnbou-organsaasje (GLTO) yn Utert, Gelderlân, Oerisel en Noard-Brabân, it Noardbrabânsk Kristlik Boerebûn (NCB) yn Noard-Brabân en Seelân en it Limburchsk Lân- en Túnboubûn (LLTB) yn Limburch.[2]

Yn 1999 folge in algemiene reorganisaasje, wêrby't de FLTO en de NLTO fúzjearren ta in nije NLTO, wylst it NCB mei de Siuwske ôfdielings fan 'e WLTO en de Brabânske en guon Súdgelderske ôfdielings fan 'e GLTO in nije Súdlike Lân- en Túnbou-organisaasje (ZLTO) foarme.[2] Yn 2005 folge in nije reorganisaasje, wêrby't de NLTO, de WLTO en de GLTO fúzjearren ta LTO Noard.[3]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 1,4 1,5 1,6 1,7 1,8 Ynformaasje fan 'e webside fan LTO Nederlân.
  2. 2,0 2,1 2,2 2,3 2,4 Broersma, Daniël, Het Groene Front Voorbij: De Agrarische Belangenbehartiging door LTO Nederland (1995-2005), Grins/Wageningen, 2010 (Agronomisch Historisch Instituut/University of Groningen Press), ISBN 978-9 03 67 46 441, haadstik 2 Fusie of Federatie: Het Ontstaan van LTO Nederland.
  3. Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 1732.