Springe nei ynhâld

Kroan fan Kastylje

Ut Wikipedy
Kroan fan Kastylje
Corona de Castilla (Kastyljaansk)
Corona Castellae (Latyn)
1230 – 1516 (de facto)
1230 – 1715 (de jure)
flagge wapen
geografyske lokaasje
polityk
haadstêd Burgos, Toledo,
Valladolid, Madrid
offisjele taal Kastyljaansk, Latyn
steatsfoarm monargy
ûntstien út Keninkryk Galysje
Keninkryk Kastylje
Keninkryk Leön
opgien yn Keninkryk Spanje
no diel fan Spanje
Gibraltar
sifers
ynwennertal 4,5 miljoen (1516)
befolkingstichtens 11,8 / km² (1516)
oerflak 380.000 km² (1516)
bykommende ynformaasje
muntienheid maravedí
Spaanske real

De Kroan fan Kastylje (Kastyljaansk: Corona de Castilla; Leöneesk: Cornoa de Castiella; Galisysk: Coroa de Castela; Astuerysk: Cornoa de Castiella; Baskysk: Gaztelako Koroa; Latyn: Corona Castellae) wie in machtige Midsiuwske steat op it Ibearysk Skiereilân, dy't yn 1230 foarme waard út 'e fúzje fan ferskate lytsere keninkriken. Yn 1516 gie dit ryk in personele uny oan mei ferskate oare keninkriken, en sûnt dy tiid waard der ornaris sprutsen fan it Keninkryk Spanje. It duorre lykwols noch oant 1715 ear't der in steatsherfoarming trochfierd waard wêrby't de Kroan fan Kastylje ek wier yn Spanje opgie. Yn 'e regel wurdt de Kroan fan Kastylje koartwei oantsjut as 'Kastylje', wat lykwols betizing opsmyt mei it eardere Keninkryk Kastylje, dêr't de Kroan fan Kastylje syn namme oan ûntliende. Tsjin 1516 besloech de Kroan fan Kastylje in oerflak fan likernôch 380.000 km² op it Ibearysk Skiereilân, en hie it in befolking fan sa'n 4,5 miljoen minsken.

Op it Ibearysk Skiereilân omfieme de Kroan fan Kastylje sûnt 1516 de hjoeddeistige autonome mienskippen Andalúsje, Astuerje, Baskelân, Ekstremadoera, Galysje, Kantaabrje, Kastylje-La Mansja, Kastylje-Leön, Madrid, Navarra en Moersia. Dat gebiet besloech yn totaal sa'n 380.000 km². Fierders omfieme it ryk doe ek de Kanaryske Eilannen en makke it oanspraak op 'e Filipinen en de ûnbidich grutte koloanjes yn 'e Nije Wrâld, dy't hiel Midden-Amearika en it Karibysk Gebiet besloegen, mear as de helte fan Súd-Amearika mei dêropta Floarida en it Amerikaanske Súdwesten.

De Kroan fan Kastylje yn 1516.

De Kroan fan Kastylje kaam ûnder de Reconquista, de iuwenlang duorjende werovering fan it Ibearysk Skiereilân troch de kristenen op 'e moslims, fuort út eardere riken. It earste dêrfan wie it keninkryk Astuerje, dat as iennichste diel fan it Ibearysk Skiereilân nea troch de Arabieren ferovere wie. Doe't dy steat him hieltyd fierder nei it suden ta útwreide, ûntjoech er him meitiid ta it keninkryk Leön, dêr't it keninkryk Kastylje him yn 1065 fan ôfskate. Tusken 1072 en 1157 bestie der in personele uny tusken Kastylje en Leön, dy't neitiid lykwols wer útinoar foel.

Mar yn 1217 urf Ferdinand  III de troan fan Kastylje fan syn mem Berengaria fan Kasylje, en doe't er yn 1230 ek de troan fan Leön urf fan syn heit, Alfûns IX fan Leön, foege er de hofhâldings en parleminten (de Cortes) fan 'e beide keninkriken gear. Dat wurdt beskôge as it begjin fan in nije steat, dy't de Kroan fan Kastylje kaam te hjitten. Behalven de beide keninkriken Kastylje en Leön hearde dêr ek it keninkryk Galysje ta. Neitiid ferovere Ferdinand III de Delling fan 'e Guadalquivir op 'e Moaren, en syn soan Alfûns X ferovere it hiele Moarske keninkryk Moersia.

Opkomst fan it Hûs fan Trastamara

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't Alfûns XI fan Kastylje yn 1350 stoar, waard er opfolge troch syn soan Piter. Alfûns hie lykwols ek bern mei syn mêtresse Eleönoara fan Guzman, wêrûnder in soan, Hindrik, greve fan Trastamara, dy't syn healbroer Piter it rjocht op 'e troan bekreaude en himsels ta kening útroppe liet ûnder de namme Hindrik II. Dat late ta in boargeroarloch dy't fertize rekke yn 'e Hûndertjierrige Oarloch tusken it Keninkryk Frankryk en it Keninkryk Ingelân doe't Piter in ferbûn sleat mei Edwert de Swarte Prins, de kroanprins fan Ingelân. Yn 1367 fersloech Edwert it leger fan Hindrik II yn 'e Slach by Nájera, mar doe't dúdlik waard dat kening Piter him de kosten dy't er dêrta makke hie, net fergoedzje soe, kearde er Kastylje de rêch ta. Dat bea foar Hindrik II, dy't de wyk nommen hie nei Frankryk, de kâns om in nije goai nei de troan te dwaan, en yn 1369 fersloech er Piter en dy syn bûnsgenoaten yn 'e Slach by Montiel, wêrby't Piter omkaam. Dêrmei kaam it Hûs Trastamara op 'e Kastyljaanske troan.

Utwreiding fan 'e Kroan fan Kastylje.

Yn 1371 troude Jan fan Gint, in jongere broer fan 'e Swarte Prins, mei Konstânse fan Kastylje, de dochter fan Piter. Neitiid makke er yn 1386 út namme fan syn frou oanspraak op 'e troan fan 'e Kroan fan Kastylje. Dêrta lâne er yn Galysje en naam dêr ferskate stêden yn. Jehan I fan Kastylje, de soan fan Hindrik II, stelde lykwols foar om syn soan, de lettere Hindrik III, trouwe te litten mei Katerine fan Lancaster, de dochter fan Jan fan Gint. Dat útstel waard akseptearre, en trochdat op dy wize it âlde keningshûs fan Kastylje yn it Hûs Trastamara yntroude, waard de legitimiteit fan it keningskip fan 'e Trastamara's yn hege mjitte fuortsterke. Boppedat makke dit houlik in ein oan 'e deilisskip tusken Ingelân en Kastylje.

Under it regear fan Hindrik III waard it gesach fan it keningshûs oer de machtige Kastyljaanske adel wer yn eare werombrocht, mar dat gie nei Hindrik syn ferstjerren, yn 1406, allegear wer ferlern, doe't syn jonge soan Jehan II, in bern noch, kening waard. Katerine fan Lancaster en Ferdinand fan Antequera, de jongere broer fan Hindrik III, waarden reginten, mar nei it Kompromis fan Caspe, fan 1412, sette Ferdinand ôf nei Aragon, om dêr ûnder de namme Ferdinand I kening te wurden. Doe't syn mem yn 1418 stoar, naam de fjirtjinjierrige Jehan II út eigen namme it regear op en troude mei syn nicht Marije fan Aragon. De wiere machthawwer yn Kastylje wie yn dy snuorje lykwols Álvaro de Luna, dy't it deistich bestjoer fan it ryk yn 'e hannen hie. Aragoneeske ynminging late yn 1429-1430 ta oarloch tusken de beide keninkriken, wêrnei't de relaasjes frijwat bekuollen.

De ferovering fan Granada, yn 1492.

Om't de hege adel fan Kastylje de Aragonezen stipe hie, wie ek de relaasje tusken de adel en Kroan flink yn it neigean rekke, en Hindrik IV, de soan fan Jehan II, besocht om 'e nocht om dat te ferhelpen. Doe't syn twadde frou, Jehanna fan Portegal, it libben skonk oan in dochterke, Jehanna, bewearden kweatongen dat it bern fuortkaam út oerhoer fan 'e keninginne mei Beltrán de la Cueva, ien fan Hindrik syn fertroulingen. It famke waard dêrom Jehanna la Beltraneja neamd. Under swiere druk fan 'e adel waard de kening doe twongen om in ferdrach te ûndertekenjen dat syn dochter útsleat fan 'e erfopfolging en wêrby't er syn jongere healbroer Alfûns as syn opfolger oanwiisde. Doe't dyselde yn 1468 omkaam by in ûngemak, tekene Hindrik IV it Ferdrach fan de Bollen fan Guisando mei syn healsuster Isabella. Dêryn waard ôfsprutsen dat sy syn erfgenamte wêze soe, mar dat hja yn ruil dêrfoar trouwe soe mei in houlikskandidaat fan syn kar.

De Katolike Monargen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn oktober 1469 briek Isabella lykwols har ferdrach mei Hindrik IV troch temûk mei de Aragoneeske kroanprins Ferdinand te trouwen. Hindrik wie dêr poerrazen oer, om't er Kastylje mei Portegal of Frankryk ferbine wollen hie ynstee fan mei Aragon. Om't hy him no ek net mear oan it Ferdrach fan de Bollen fan Guisando hoegde te hâlden, beneamde er syn dochter Jehanna ta syn erfgenamte, wat nei syn dea yn 1474 oanlieding joech ta de Kastyljaanske Súksesjeoarloch. Dy duorre fiif jier, oant Isabella en har oanhingers yn 1479 de oerwinning behellen. Datselde jiers folge har man syn heit Jehan II op as kening Ferdinand II fan Aragon. Hoewol't Ferdinand ek kening fan Kastylje waard, wie dat in personele uny en de beide keninkriken bleaune fierhinne selsstannich, elts mei har eigen wetten, parlemint en regear. Om't Kastylje grutter wie, in sintralere posysje ynnaam op it Ibearysk Skiereilân en in folle gruttere befolking hie (4,3 miljoen tsjin 1 miljoen yn Aragon), waard Kastylje de dominante partner yn it ferbûn.

De Kroan fan Kastylje omtrint 1480.

Under it bewâld fan Ferdinand en Isabella waard yn 1492 de Reconquista fan it Ibearysk Skiereilân einlings en te'n lêsten foltôge mei de ferovering fan it Emiraat Granada. Dêrfoar krigen se fan paus Aleksander VI de titel 'de Katolike Monargen' taparte. Datselde jiers fûnen der noch twa tige wichtige foarfallen plak: de Joaden waarden út Spanje ferballe en Kristoffel Kolumbus, dy't yn opdracht fan Isabella op ûntdekkingsreis nei it westen fearn wie, ûntdiek Amearika. Dat foarfal late ta de stifting fan 'e ûnbidich grutte en ûnbidich rike koloanjes yn Midden- en Súd-Amearika, dy't Spanje ta in grutmacht fan wrâldformaat meitsje soe en de oandriuw jaan soe ta de Spaanske Gouden Iuw. Oare wichtige ûntwikkelings út 'e regearperioade fan Isabella en Ferdinand wiene de Ferovering fan de Kanaryske Eilannen (tusken 1478 en 1493), de beheining fan 'e macht fan 'e adel (tusken 1480 en 1495), en de bekearing ûnder twang fan 'e moslimbefolking yn 'e súdlike gebietsdielen ta it kristendom (fan 1502 ôf).

Nei't Isabella yn 1504 stoarn wie, waard har man Ferdinand regint foar harren dochter Jehanna de Sljochtsinnige yn 't plak. Fia it houlik fan dyselde kaam de Kroan fan Kastylje yn 1506 yn 'e hannen fan Filips de Skiene, de Habsburchske hartoch fan Boergonje, dy't lykwols al yn 1507 stoar, wêrnei't syn frou Jehanna, sa't har bynamme al seit, ta sljochtsinnigens ferfoel. Sadwaande waard Ferdinand doe fannijs regint, diskear foar syn pakesizzer Karel V. Yn 1512 foel er mei in Kastyljaansk-Aragoneesk leger it lytse keninkryk Navarra binnen, wêrfan't er it diel besuden de Pyreneeën, Opper-Navarra, ferovere en by Kastylje foege. Doe't Ferdinand yn 1516 stoar, waard er as kening fan Kastylje èn as kening fan Aragon opfolge troch Karel V; dat waard sawol doedestiden as troch lettere histoarisy beskôge as de ein fan 'e Kroan fan Kastylje en de Kroan fan Aragon en it begjin fan it feriene Spanje. Lykwols soe it noch oant de ein fan 'e Spaanske Súksesjeoarloch, yn 1715, duorje ear't alle regearingsynstânsjes fan 'e beide keninkriken ek wier feriene waarden. En op papier is 'kening fan Kastylje' noch altyd in titel dfan 'e Spaanske kening.

Kristoffel Kolumbus by Ferdinand en Isabella.

De Kroan fan Kastylje wie in feodale monargy ûnder it bewâld fan in fierhinne autokratysk kening. Der wie gjin fêste haadstêd, mar it Keninklik Hof residearre om bar yn Burgos, Toledo, Valladolid en Madrid. Dy sitewaasje bleau bestean oant Filips II Madrid yn 1561 as fêste residinsje útkeas. De Kroan fan Kastylje hie gjin offisjele taal dy't as sadanich by wet fêstlein wie, mar yn 't earstoan ferfolle it Latyn de funksje fan skriuwtaal foar offisjele dokuminten. By de tiid lâns begûn lykwols it Kastyljaansk (in taal dy't letter Spaansk neamd wurde soe) in hieltyd wichtiger posysje yn te nimmen, oant dat tsjin it begjin fan 'e sechstjinde iuw it Latyn fierhinne ferfongen hie as skriuwtaal.

Filips II, de bekendste kening fan Kastylje.

De keningen fan 'e Kroan fan Kastylje wiene:

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.