Springe nei ynhâld

List fan keningen fan Kastylje

Ut Wikipedy

Dit is de list fan keningen Kastylje. Hjirby binne sawol de hearskers oer it Keninkryk Kastylje (1065-1230) as oer de Kroan fan Kastylje (1230-1715) opnommen. Om't it Keninkryk Kastylje foarôfgeande oan syn ûnôfhinklikheid ta it Keninkryk Leön hearde, giet de telling fan 'e Kastyljaanske keningen fierder dêr't dy fan 'e Leöneeske keningen opholden is. Sa kin it dus dat de earste kening fan it ûnôfhinklike Keninkryk Kastylje Sancho II wie, en net 'Sancho I' neamd waard.

nammeregearperioadeopmerkings:
1037 – 1126Hûs Jiménez
Ferdinand I1037 – 1065(kening fan Leön en Kastylje, yn dy tiid ien feriene steat)
Sancho II de Sterke1065 – 1072(de earste kening fan it ûnôfhinklike Keninkryk Kastylje)
Alfûns VI de Dappere1071 – 1109
Urraka de Dryste1109 – 1126
1126 – 1366Hûs Ivrea
Alfûns VII1126 – 1157
Sancho III1157 – 1158
Alfûns VIII de Nommele1158 – 1214
Hindrik I1214 – 1217
Berengaria1217 – 1217(regearre fan juny oant en mei augustus)
Ferdinand III de Hillige1217 – 1252(feriene yn 1230 de keninkriken Kastylje en Leön, wêrmei't in nij ryk, de Kroan fan Kastylje, ûntstie)
Alfûns X de Wize1252 – 1284
Sancho IV de Dappere1284 – 1295
Ferdinand IV de Untbeane1295 – 1312
Alfûns XI1312 – 1350
Piter1350 – 1366(earste regearperioade)
1366 – 1367Hûs Trastamara
Hindrik II1366 – 1367(earste regearperioade)
1367 – 1369Hûs Ivrea
Piter1367 – 1369(twadde regearperioade)
1369 – 1506Hûs Trastamara
Hindrik II1369 – 1379(twadde regearperioade)
Jehan I1379 – 1390
Hindrik III1390 – 1406
Jehan II1406 – 1454
Hindrik IV de Unmachtige1454 – 1474
Isabella I de Katolike1474 – 1504(regearre fan 1475 ôf tegearre mei har man Ferdinand)
Ferdinand V de Katolike1475 – 1504(regearre tegearre mei syn frou Isabella; ek, as Ferdinand II, kening fan Aragon)
Jehanna de Sljochtsinnige1504 – 1555(nei 1506 ferfallen ta sljochtsinnigens en inkeld noch yn namme keninginne)
1504 – 1516Hûs Habsburch
Filips I de Skiene1506 – 1506(regearre fan july oant septimber)
Ferdinand V de Katolike1506 – 1516(as regint foar syn sljochtsinnige dochter Jehanna en syn minderjierrige pakesizzer Karel)
Karel I1516 – 1556(better bekend as Karel V; fan 1516 ôf wurdt der sprutsen fan it Keninkryk Spanje, en net mear fan Kastylje)
Filips II1556 – 1598
Filips III1598 – 1621
Filips IV1621 – 1665
Karel II de Behekste1665 – 1700
1700 – 1715Hûs Boerbon
Filips V

1700 – 1715

(fierde yn 1715, oan 'e ein fan 'e Spaanske Súksesjeoarloch, in yngeande steatsherfoarming troch wêrby't
de Kroan fan Kastylje ôfskaft waard en formeel opgie yn it Keninkryk Spanje)
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.