Keninkryk Astuerje

Ut Wikipedy

It Keninkryk Astuerje wie de earste kristlike steat op it Ibearyske skiereilân nei de islamityske ynvaazje fan Spanje dêr't it Fisigoatyske keninkryk by te fal kaam troch de nederlaach fan kening Roderik yn de Slach by Guadalete.

Oprjochting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Astuerje waard nei de ynfal fan de Moaren yn 711 it plak dêr't de Fisigoaten nei útwike en in nij keninkryk stifte, de widze fan it takomstige Keninkryk Kastylje. Sûnt de 10e iuw, ûnder bewâld fan de Astueryske foarsten, feriene mei Léon, is sprake fan in Keninkryk Léon. Sûnt 1388 wie Prins fan Astuerje de titel fan de Kastyljaanske, letter Spaanske, kroanprinsen.