Springe nei ynhâld

June Carter

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan June Carter Cash)
June Carter
sjonger en/of muzikant
June Carter yn 1999.
June Carter yn 1999.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Valerie June Carter
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 23 juny 1929
berteplak Maces Spring (Firginia)
stoarn 15 maaie 2003
stjerplak Nashville (Tennessee)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
sjenre country, bluegrass, folksmuzyk,
americana, gospel, rockabilly,
countryfolksmuzyk
sjongtaal Ingelsk
ynstrumint stim, autoharp, gitaar, banjo,
piano, mûlharmoanika
grutste hit(s) Jackson
If I Were a Carpenter
jierren aktyf 19392003
prizen 5 × Grammy Award
offisjele webside
www.junecartercash.com

June Carter, fan 1968 ôf ek bekend as June Carter Cash, (berne as: Valerie June Carter; Maces Spring (Firginia), 23 juny 1929Nashville, 15 maaie 2003) wie in Amerikaansk sjongster, muzikante, lietsjeskriuwster en dûnseresse. Hja song country, folksmuzyk, gospel, americana en rockabilly en kaam út in tige muzikaal laach. Mei tsien jier trede se al op as lid fan 'e Carter Family. Carter krige bredere bekendheid troch har houlik mei countryleginde Johnny Cash. Ferskaten fan har grutste hits, lykas Jackson en If I Were a Carpenter, wiene duëtten mei him. Carter spile autoharp, gitaar, banjo, mûlharmoanika en piano en aktearre yn ferskate films en tillefyzjesearjes. Se wûn fiif Grammy Awards en waard yn 2009 ynhuldige as lid fan 'e Christian Music Hall of Fame.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en iere jierren as sjongster

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

June Carter waard yn 1929 berne yn Maces Spring, yn 'e Amerikaanske steat Firginia, as de dochter fan Ezra Carter, byneamd Eck, en dy syn frou Maybelle Addington. Hja wie de jongste fan trije famkes; de âldste wie Helen en de middelste wie Anita. Ezra en Maybelle wiene country- en folksmuzykartysten, en Carter begûn al yn 1939 mei har beide susters op te treden yn in ûnderstypjende rol by foarstellings fan har mem en har omke en muoike A.P. Carter en Sara Carter, dy't doe it trio de Carter Family foarmen. Yn maart 1943 foel it trio útinoar troch de skieding fan A.P. en Sara. Dêrnei begûn Maybelle, dêrta oanfitere troch Ezra, mei har trije dochters op te treden as Mother Maybelle and the Carter Sisters.

It earste optreden fan 'e nije groep wie yn 'e studio fan it radiostasjon WRNL yn Richmond (Firginia) op 1 juny 1943, doe't Carter fjirtjin jier wie. Ein 1945 krige de groep fersterking fan The Virginia Boys, besteande út Doc Addington en Carl McConnell, Maybelle har broer resp. neef. Tsjin dy tiid presintearre de doe sechtsjinjierrige Carter de optredens yn 'e mande mei Ken Allyn. Op 'e radio fersoarge hja live reklamespotsjes foar û.o. moalprodusint Red Star Flour en warehûs Thalhimers Department Store. De folgjende jierren diene Mother Maybelle and the Carter Sisters, ûnderstipe troch The Virginia Boys, optredens yn Firginia, Marylân, Delaware en Pennsylvania, mar allegearre binnen riidôfstân fan Richmond, wylst Carter en har susters oan 'e John Marshall High School de middelbere skoalle trochrûnen.

De algemiene konsensus wie dat fan 'e trije susters Anita de bêste sjongstim hie. Carter sei letter dat sy folle mear wurk hie fan it sjongen en de muzyk as har susters, mar sy ûntjoech har eigen talint: komeedzje. Yn syn autobiografy skreau Carl McConnell dat June Carter in berne komyk wie. In hichtepunt fan 'e optredens fan Mother Maybelle and the Carter Sisters wie altyd Carter har komeedzjerûtine mei it typke Aunt Polly ("Polly-muoi"). Nei't The Virginia Boys yn 1946 opholden, ferhuzen Maybelle en de susters fan WRNL nei in oar radiostasjon yn Richmond, WRVA, dêr't se in skoft lang fêste dielnimmers wiene oan it radioprogramma Old Dominion Barn Dance fan Sunshine Sue Workman. Noch wer letter joegen se har by it radiostasjon WNOX yn Knoxville (Tennessee). Dêr kamen se yn 'e kunde mei gitarist Chet Atkins, dy't harren wichtichste begelieder waard.

Yn 1949 wennen de Carters yn Springfield (Missoery), dêr't se geregeldwei optreden by it radiostasjon KWTO. Eck Carter, dy't behalven de man fan Maybelle en de heit fan 'e trije susters ek de manager fan 'e band wie, sloech withoefolle kearen in oanbod ôf fan 'e Grand Ole Opry yn Nashville (Tennessee), dat it wrâldsintrum fan 'e countrymuzyk is, om 'e famylje nei Nashville te ferhúzjen. It striidpunt wie de status fan Chet Atkins, dy't de Grand Ole Opry net op it poadium hawwe woe, wylst de Carters wegeren om sûnder him op te treden. Atkins wie nammentlik sa'n goede gitarist dat de eigen muzikanten fan 'e Grand Ole Opry bang wiene om troch him ferfongen te wurden. Uteinlik joech de lieding fan 'e Opry yn 1950 belies en waarden de Carters, Atkins ynbegrepen, diel fan it Grand Ole Opry-selskip. Yn Nashville rekken Carter en har susters befreone mei û.o. countrysjonger Hank Williams en ek mei Elvis Presley, dy't yn 'e fierte noch famylje fan harren wie. Yn 'e kûlissen mette Carter yn 1955 ek foar it earst de doe krekt begjinnende sjonger Johnny Cash. Op him rekke se al rillegau fereale en hy op har, mar om't se allebeide troud wiene, koe it ynearsten tusken harren neat wurde.

June Carter mei har trêde man Johnny Cash yn 1969.

Earste beide houliken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

June Carter troude op 9 july 1952 mei countrysjonger Carl Smith. Mei him krige se in dochter, Rebecca Carlene Smith, berne op 26 septimber 1955, dy't letter as countrysjongster bekendheid krige ûnder de artystenamme Carlene Carter. It houlik mei Smith rûn lykwols al yn 1956 út op in skieding. In foech jier letter, op 11 novimber 1957, wertroude Carter mei Edwin "Rip" Nix, in eardere spiler fan Amerikaansk fuotbal dy't op dat stuit plysjeman en autokoereur wie. Mei him krige se ek in dochter, Rosie Nix, berne op 13 july 1958, dy't letter as countrysjongster bekend waard ûnder har troude namme Rosie Nix Adams. It houlik fan Carter mei Nix einige yn 1966 yn in skieding.

Sjongkarriêre en houlik mei Johnny Cash

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As sjongster hie Carter tagelyk in solokarriêre en in mienskiplike karriêre as sjonggroep mei har susters en mem. As solo-artyst hie se yn 'e twadde helte fan 'e 1950-er jierren in beskate mjitte fan súkses mei fleurige countryferskes lykas Jukebox Blues, en mei de komyske hit No Swallerin’ Place. Mei har susters Helen en Anita, en mei út en troch harren mem Maybelle en muoike Sara as fersterking, begûn se yn 'e 1960-er jierren de namme Carter Family wer te brûken. Yn dyselde snuorje skreau Carter mei Merle Kilgore it liet Ring of Fire, oer har gefoelens yn ferbân mei de drugsferslaving fan har grutte leafde Johnny Cash. Se bea it ferske oan har suster Anita oan, dy't de earste wie dy't it opnaam. Yn 1963 hie Cash der sels ien fan syn grutste hits mei. Cash syn earste frou Vivian skreau letter yn har autobiografy I Walked the Line lykwols dat Cash har yn 1963 ferteld hie dat hy dejinge wie dy't Ring of Fire mei Kilgore skreaun hie. Hy soe it ferske heal op Carter har namme set hawwe om't "sy it jild wol brûke kin. En ik mei har graach lije."

Fan 1961 ôf trede Carter geregeldwei mei Cash op en út en troch die de hiele Carter Family oan syn oprtredens mei. Carter en Cash hiene grut súkses mei ferskate duëtten. It earste dêrfan wie It Ain't Me, Babe, in komposysje fan Bob Dylan, dy't yn 1964 útbrocht waard op Cash syn album Orange Blossom Special. Yn 1967 hiene se in reuseftige hit mei Jackson, wêrnei't se datselde jiers tegearre in album opnamen, Carryin’ On with Johnny Cash and June Carter. Nei't yn 1966 sawol it twadde houlik fan Carter as it earste houlik fan Cash op 'e klippen rûn wie, holpen Carter en har âldelju Maybelle en Eck yn 1967 Cash om fan syn drugsferslaving ôf te kommen. By in optreden yn London, yn 'e Kanadeeske provinsje Ontario, op 22 febrewaris 1968, die Cash op it poadium in houliksoansiik oan Carter. Se joech him tawurd en it pear troude in wike letter, op 1 maart, yn Franklin (Kentucky). Dat wie trettjin jier nei't se foar it earst mei-inoar yn 'e kunde kommen wiene yn 'e Grand Ole Opry. Carter waard troch it houlik styfmem fan Cash syn dochters Rosanne, Kathy, Cindy en Tara. Mei Cash krige se in soan, John Carter Cash, berne op 3 maart 1970.

Carter (2e f. rj.) yn 1970 mei har man Johnny Cash (rj.) en presidint Richard Nixon en dy syn frou Pat Nixon.

Ek nei harren houlik wurke Carter hiel geregeldwei beropsmjittich gear mei Cash. Foar syn tillefyzjeprogramma The Johnny Cash Show, dy't fan 1969 oant 1971 útstjoerd waard op it tillefyzjenetwurk ABC, naam se ferskate duëtten mei him op. Ek los dêrfan wurke oan hast alle ôfleverings fan dat programma mei, en dat wie net oars mei Cash syn krystspecials, dy't er fan 1976 oant en mei 1985 elts jier makke foar it tillefyzjenetwurk CBS. Nei Carryin’ On with Johnny Cash and June Carter namen Carter en Cash yn 1973 noch in album as duo op, dat Johnny Cash and His Woman kaam te hjitten. Mei har dochters wie se ek as gaststjer te hearren op Cash syn album The Junkie and the Juicehead, Minus Me, út 1974.

Hoewol't se meisong op in protte opnamen en twa albums mei Cash útbrocht, ferskynden der allinne fan June Carter mar trije solo-albums. It earste, Appalachian Pride, waard útbrocht yn 1975; it twadde, Press On, yn 1999; en it trêde Wildwood Flower, dat produsearre waard troch har soan John Carter Cash, ferskynde postúm nei har ferstjerren yn 2003. Press On waard bekroane mei in Grammy Award, de wichtichste Amerikaanske priis op it mêd fan muzyk; Wildwood Flower wûn twa Grammys. Appalachian Pride is de iennichste fan 'e trije albums dêr't Johnny Cash hielendal net oan bydroech, wylst Press On opmerklik is om't Carter dêrop har oarspronklike arranzjemint foar Ring of Fire sjongt. In lettere release fan har wurk kaam yn 2014 yn 'e foarm fan eftergrûnsang op it album Out Among the Stars, dat postúm fan Cash útbrocht waard.

Njonken har karriêre as sjongster die June Carter ek oan aktearjen. De ferneamde Hollywood-regisseur Elia Kazan wenne yn 1955 in optreden fan harres by yn 'e Grand Ole Opry yn Nashville, en werkende yn har safolle talint dat er har nei de show oanfitere om in aktearoplieding te folgjen. Sadwaande sette Carter nei New York, dêr't se foar aktrise learde oan 'e Neighborhood Playhouse School of the Theatre fan Lee Strasberg en Sanford Meisner. Se hie yn 'e twadde helte fan 'e 1950-er jierren gastroltsjes yn 'e westernsearjes Gunsmoke en The Adventures of Jim Bowie. Yn 1973 fertolke se de rol fan Marije Magdalena yn 'e bibelske film Gospel Road: A Story of Jesus, dêr't Cash ien fan 'e beide senarioskriuwers fan wie en ek de voice-over foar die.

Carter hie yn 1976 mei har man in gastrol yn in ôflevering fan 'e westernsearje Little House on the Prairie en, ek mei har man, in weromkearende rol yn inkele ôfleverings fan 'e westernsearje Dr. Quinn, Medicine Woman, út 'e 1990-er jierren. Ek yn ferskate tillefyzjefilms wie Carter oan 'e side fan Cash te sjen; sa hie se de rol fan mem James yn 'e biografyske western The Last Days of Frank and Jesse James (1986), wêryn't Cash de rol fan Frank James fertolke. Yn 'e tillefyzjefilm Murder in Coweta County, oer de wier barde moardsaak fan gernier Wilson Turner troch de rike grutgrûnbesitter John Wallace yn Georgia yn april 1948, spile Carter de rol fan froedfrou en sjenneresse Mayhayley Lancaster, wylst Cash te sjen wie as de fêsthâldende sheriff Lamar Potts. Fierders spile Carter yn 1997 de rol fan mem Dewey yn 'e film The Apostle, fan akteur/regisseur Robert Duvall, mei wa't se goed befreone wie.

Johnny Cash (l.) en June Carter yn 1988 mei presidint fan 'e Feriene Steaten Ronald Reagan (rj.).

Oar beuzichheden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Carter skreau yn 1979 in autobiografy, mei as titel Among My Klediments. Hast tsien jier letter ferskynde in twadde autobiografy, dy't From the Heart hiet.

Carter wie in langjierrich stiper fan it goede doel SOS Children's Villages. Sa finansierde hja mei har man yn 1974 troch in skinking fan $12.000 (korrizjearre foar ynflaasje $75.000 yn 2022) de bou fan in "bernedoarp" (eins in weeshûskompleks) foar de opfang fan bern yn 'e neite fan harren fakânsjehûs yn 'e omkriten fan Montego Bay op Jamaika. Neitiid besochten se geregeldwei it bernedoarp, dêr't se foar de bern gitaarspilen en songen.

Carter hie in tige grutte freonerûnte, dêr't oare countrysjongsters as Patsy Cline en Loretta Lynn diel fan útmakken, en countrysjongers as Willie Nelson en Kris Kristofferson, mar ek muzikanten út oare sjenres, lykas Roy Orbison en Elvis Presley. Hja wie fierders goed befreone mei akteur Robert Duvall. Ek de Amerikaanske presidint Jimmy Carter, dy't in fiere efterneef fan har wie, en syn frou Rosalynn, wiene Carter en har man tige goed mei befreone.

Ien fan 'e lêste putsjes fan Carter wie in rol sûnder sang of dialooch yn 'e fideoclip fan it nûmer Hurt, fan har man Johnny Cash, yn 2003. Dy waard mar inkele moannen foar har dea opnommen. Har lêste ferskining yn it iepenbier fûn plak op 7 april 2003, doe't se by de útrikking fan 'e CMT Flameworthy Music Video Awards op it tillefyzjekanaal CMT in priis yn ûntfangst naam foar har man, dy't op dat stuit te siik wie om fan hûs.

June Carter kaam op 15 maaie 2003, yn 'e âlderdom fan 73 jier, te ferstjerren yn in sikehûs yn Nashville, oan komplikaasjes nei in operaasje om ien fan har hertkleppen te ferfangen. By har dea waard hja omjûn troch har famylje. Op har begraffenis sei har styfdochter Rosanne Cash oer har: "As 'it wiif fan'-wêzen in grut bedriuw west hie, dan hie June de algemien direktrise west. It wie wat se it leafst dwaan mocht." Johnny Cash, dy't nei't syn frou him ûntfallen wie, sei dat er no inkeld noch foar syn muzyk libbe, kaam fjouwer moanne letter te ferstjerren, op 12 septimber, oan komplikaasjes by sûkersykte. Carter har jongste dochter, de doe 45-jierrige Rosie Nix Adams, rekke wer in moanne letter, op 24 oktober, dea oan koalmonoksidefergiftiging. Alle trije waarden begroeven yn 'e Hendersonville Memory Gardens, yn 'e neite fan 'e wente fan Carter en Cash yn Hendersonville (Tennessee), in foarstêd fan Nashville.

útbrocht titel prizen en nominaasjes resultaat
1967 Carryin’ On with Johnny Cash and June Carter
(mei Johnny Cash)
n.f.t. n.f.t.
1973 Johnny Cash and His Woman
(mei Johnny Cash)
n.f.t. n.f.t.
1975 Appalachian Pride n.f.t. n.f.t.
1978 Johnny & June
(mei Johnny Cash)
n.f.t. n.f.t.
1999 Press On Grammy Award foar bêste tradisjonele folksmuzykalbum n.f.t.
It's All in the Family
(mei de Carter Family)
n.f.t. n.f.t.
2000 Return to the Promised Land
(mei Johnny Cash)
n.f.t. n.f.t.
2003 Wildwood Flower Grammy Award foar bêste tradisjonele folksmuzykalbum n.f.t.
Louisiana Hayride
(mei Johnny Cash)
n.f.t. n.f.t.
2014 Out Among the Stars
(mei Johnny Cash)
n.f.t. flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân (sulver)
flagge fan Switserlân   (goud)

Kompilaasje-albums

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
útbrocht titel prizen en nominaasjes resultaat
2005 Keep on the Sunny Side: June Carter Cash – Her Life in Music n.f.t. n.f.t.
Church in the Wildwood: A Treasury of Appalachian Gospel n.f.t. n.f.t.
Ring of Fire: The Best of June Carter Cash n.f.t. n.f.t.
2006 Early June n.f.t. n.f.t.
16 Biggest Hits: Johnny Cash & June Carter Cash
(mei Johnny Cash)
n.f.t. n.f.t.
June Carter and Johnny Cash: Duets
(mei Johnny Cash)
n.f.t. n.f.t.
jier titel prizen en nominaasjes resultaat album
1949 Grandma Told Me So n.f.t. n.f.t. net op album útbrocht
1950 Root Hog, or Die n.f.t. n.f.t.
Bashful Rascal n.f.t. n.f.t.
1951 Thing n.f.t. n.f.t.
Mommie's Real Peculiar n.f.t. n.f.t.
1953 No Swallerin’ Place n.f.t. n.f.t.
You Flopped When You Got Me Home n.f.t. n.f.t.
1954 Tennessee Mambo, Left Over Mambo n.f.t. n.f.t.
1955 He Don't Love Me Anymore n.f.t. n.f.t.
1956 Strange, Strange Woman n.f.t. n.f.t.
Baby, I Tried n.f.t. n.f.t.
1961 Heel n.f.t. n.f.t.
1962 Mama Teach Me n.f.t. n.f.t.
Overalls and Dungarees n.f.t. n.f.t.
1963 It Pitched My Tent (On the Old Camping Ground) n.f.t. n.f.t.
1964 Tall Lover Man n.f.t. n.f.t.
Go Away, Stranger n.f.t. n.f.t.
It Ain't Me, Babe
(mei Johnny Cash)
n.f.t. n.f.t. Orange Blossom Special
1965 Everything Ain't Been Said n.f.t. n.f.t. net op album útbrocht
1967 Jackson
(mei Johnny Cash)
Grammy Award foar bêste countrysang (duët, trio of groep) n.f.t. Carryin’ On with Johnny Cash and June Carter
Long-Legged Guitar Pickin’ Man
(mei Johnny Cash)
n.f.t. n.f.t.
1969 If I Were a Carpenter
(mei Johnny Cash)
Grammy Award foar bêste countrysang (duët, trio of groep) n.f.t. Hello, I'm Johnny Cash
1971 A Good Man n.f.t. n.f.t. net op album útbrocht
No Need to Worry
(mei Johnny Cash)
n.f.t. n.f.t. International Superstar
1972 The Loving Gift
(mei Johnny Cash)
n.f.t. n.f.t. Any Old Wind That Blows
If I Had a Hammer
(mei Johnny Cash)
nom. Grammy Award foar bêste countrysang (duët, trio of groep) n.f.t.
1973 Follow Me n.f.t. n.f.t. The Gospel Road
Allegheny
(mei Johnny Cash)
n.f.t. n.f.t. Johnny Cash and His Woman
1975 The Shadow of a Lady n.f.t. n.f.t. Appalachian Pride
1976 Old Time Feeling
(mei Johnny Cash)
n.f.t. n.f.t. Greatest Hits, Vol. 3
2003 Keep on the Sunny Side Grammy Award foar bêste countrysang (frou) n.f.t. Wildwood Flower
jier titel prizen en nominaasjes resultaat album
1949 Baby, It's Cold Outside (mei Homer and Jethro) n.f.t. n.f.t. net útbrocht op album
Filmografy as aktrise
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
1957 Gunsmoke Clarise gastrol; ôfl. The Man Who Would Be Marshal
1957 The Adventures of Jim Bowie Rachel McCullers gastrol; ôfl. The Pearls of Talimeco en Country Girl
1969–1970 The Johnny Cash Show harsels as artyste; fêste meiwurking
1970 NET Playhouse ûnbekend gastrol; ôfl. House of Tears
1976 Little House on the Prairie Mattie Hodgekiss gastrol; ôfl. The Collection
1976 Johnny Cash and Friends harsels gastoptreden
1978 Thaddeus Rose and Eddie Crystal tillefyzjefilm
1983 Murder in Coweta County Mayhayley Lancaster   tillefyzjefilm
1984 The Baron and the Kid Dee Dee Stanley tillefyzjefilm
1986 The Last Days of Frank and Jesse James   mem James tillefyzjefilm
1986 Stagecoach frou Pickett tillefyzjefilm
1993–1997 Dr. Quinn, Medicine Woman suster Ruth weromkearende rol; 3 ôfl.
films
1958 Country Music Holiday Marietta
1973 Gospel Road: A Story of Jesus Marije Magdalena
1997 The Apostle frou Dewey sr.
1998 All My Friends Are Cowboys June

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.