Springe nei ynhâld

John Campbell, 9e hartoch fan Argyll

Ut Wikipedy
John Campbell, 9e hartoch fan Argyll
aadlik persoan en/of hearsker
echte namme John George Edward Henry
   Douglas Sutherland Campbell
nasjonaliteit Britsk
bertedatum 6 augustus 1845
berteplak Londen (Ingelân)
stjerdatum 2 maaie 1914
stjerplak Cowes (Ingelân)
etnisiteit Skotsk
Ingelsk
gûverneur-generaal fan Kanada
amtsperioade 18781883
foargonger markys fan Dufferin
opfolger markys fan Lansdowne
hartoch fan Argyll en
haadman fan de Clan Campbell
amtsperioade 19001914
foargonger George Campbell
opfolger Niall Campbell

John Campbell, 9e hartoch fan Argyll (folút: John George Edward Henry Douglas Sutherland Campbell; Londen, 6 augustus 1845Cowes (Ingelân), 2 maaie 1914) wie in Britsk ealman en politikus fan mingd Skotsk-Ingelsk etnysk komôf, dy't ta de adel fan Skotlân hearde. Hy is it bekendst wurden om't er fan 1878 oant 1883 de fjirde Britske gûverneur-generaal fan Kanada wie. Mei't er doe noch net de aadlike titel hartoch fan Argyll fan syn heit urven hie, waard er ûnder syn amtsperioade yn 'e regel oantsjut as de markys fan Lorne, of ek wol Lord Lorne. Syn oantins stiet no fral yn it teken fan 'e plaknammen dêr't er de Kanadeeske geografy mei ferrike ta eare fan syn frou Louise, in dochter fan keninginne Fiktoaria.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Campbell waard yn 1845 berne yn 'e Britske haadstêd Londen as de soan fan George Campbell, 8e hartoch fan Argyll (doe noch de markys fan Lorne) en Elizabeth Sutherland-Leveson-Gower, in dochter fan 'e 2e hartoch fan Sutherland. Hoewol't syn âlden allebeide ta de Skotske adel hearden, wie syn beppe oan memmekant, lady Harriet Howard, in Ingelse.

Fan syn berte ôf waard Campbell oantsjut as de greve fan Argyll, oant syn heit yn 1847 syn pake John Campbell, 7e hartoch fan Argyll, opfolge as hartoch fan Argyll en hysels de titel fan markys fan Lorne urf, dy't er droech oant er yn 1900 mei 54 jier syn heit opfolge as hartoch fan Argyll. Campbell genoat ûnderwiis oan 'e Akademy fan Edinburch en de kostskoalle Eton College, wêrnei't er studearre oan 'e Universiteit fan St. Andrews yn Skotlân en de Universiteit fan Cambridge yn Ingelân.

Prinsesse Louise en Campbell by harren ferloving.

As folwoeksene reizge Campbell wiidweidich om troch sawol Noard- as Súd-Amearika, wêrby't er reisferhalen en poëzij skreau. Yn Grut-Brittanje fertsjintwurdige er fan 1868 oant 1878 it kiesdistrikt Argyllshire yn it Britske Legerhûs as lid fan 'e Liberale Partij. As sadanich makke er lykwols net folle yndruk, net op syn tiidgenoaten en likemin op moderne histoarisy.

Op 21 maart 1871 troude Campbell mei prinsesse Louise fan Saksen-Koburch-Gota, de fjirde dochter fan 'e Britske keninginne Fiktoaria. Dat wie de earste kears dat in Ingelske of Britske prinsesse in houlik oangie mei in Ingelsk of Britsk ûnderdien sûnt 1515, doe't Karel Brandon, 1e hartoch fan Suffolk mei Marije Tudor troude. Campbell en prinsesse Louise hiene in foarleafde foar de skiene keunsten gemien, mar likegoed wie harren houlik ûngelokkich en bleau it sûnder bern. In grut part fan 'e tiid húsmannen se op ferskillende plakken om. Ynstee rekke Campbell goed befreone mei lord Ronald Gower, Morton Fullerton en de Maurice Talvande, greve fan Mauny Talvande, fan wa't bekend wie of geroften giene dat se homoseksueel of biseksueel wiene. Dat brocht yn 'e Londenske beau monde geroften op gong dat ek Campbell nei dy kant ta oerhong. Dêrfan bestiet lykwols gjin trochslachjaand bewiis.

Gûverneur-generaalskip

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnder mis fanwegen syn keninklike famyljekonneksjes waard Campbell yn 1878 oansteld as de fjirde Britske gûverneur-generaal fan 'e Kanadeeske Konfederaasje. Oare kant de Atlantyske Oseaan ûntstie oan 'e iene kant grutte opwining oer it feit dat der foar it earst in lid fan 'e keninklike famylje by it koloniale bestjoer belutsen wurde soe, mar oan 'e oare kant wie benammen de parse benaud foar it oplizzen fan Britske rangen en stannen yn 'e folle egalitêrdere Kanadeeske maatskippij. Dy eangstme waard yn 't earstoan noch oanboaze troch in rige fersinnen en misbegripen, mar úteinlik bliek der neat fan oan te wêzen. Sterker noch, Campbell en de frou wiene minder strang yn 'e omgong as harren foargongers, sa't se merke lieten op 'e reedryd- en slidefeesten, bals, diners en oare steatsgelegenheden wêrby't sy as gasthear en gastfrou fungearren.

Hoewol't Campbell by syn oanstelling noch mar 33 jier wie, koed er de ferplichtings fan syn funksje skoan de baas, mei't it eigentlike bestjoer fan 'e koloanje fierhinne yn 'e hannen lei fan it Kanadeeske regear fan minister-presidint John A. Macdonald. Nettsjinsteande dat droegen hy en prinsesse Louise op duorjende wize by oan 'e ûntjouwing fan 'e Kanadeeske maatskippij, benammen op it mêd fan 'e keunst. Sa fiteren se de oprjochting fan it Keninklik Genoatskip fan Kanada (RSC) oan en wiene se belutsen by de stifting fan 'e Keninklike Kanadeeske Keunstakademy (RCAA) en de Nasjonale Gallery fan Kanada, dêr't se sels de earste skilderijen foar útsochten.

Campbell (op ferheging) moetet Jacques-Pierre Peminuit Paul (3e f.l. mei burd), it grutopperhaad fan 'e Mikmak, yn it Provinsjehûs fan Nij-Skotlân (1879).

Dêrnjonken wie Campbell ek behelle yn 'e foltôging fan 'e oanlis fan it spoar fan 'e Canadian Pacific Railway en oare ynfrastrukturele projekten, lykas de bou fan in sikehûs yn Britsk-Kolumbia. Under syn gûverneur-generaalskip skreau Campbell fierders in grut tal proazaboeken en dichtbondels. Ut syn wurk spriek in djippe bewûndering foar de natoerskientme fan Kanada. Syn hiele termyn as gûverneur-generaal troch lei Campbell grutte belangstelling oan 'en dei foar Kanada en de Kanadezen. Hy reizge it hiele lân troch, wêrby't er mei lju fan alle rangen en stannen yn 'e kunde kaam en eksplisyt ek leden fan Yndianestammen oanhelle. De lytse samling Yndiaanske foarwerpen dy't er yn dy snuorje gearbrocht, waard yn 1887 oankocht troch it Britsk Museum.

Lettere jierren en dea

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Prinsesse Louise kearde yn 1881 werom nei Ingelân, en Campbell folge har twa jier letter yn 1883, doe't syn boek Memories of Canada and Scotland publisearre waard. Fan 1892 ôf wied er gûverneur en konstabel fan it Kastiel Windsor, en fan 1895 oant 1900 hied er boppedat op 'e nij in sit yn it Legerhûs, diskear foar it kiesdistrikt Manchester-Súd. Yn 1900 waard er by it ferstjerren fan syn heit hartoch fan Argyll en haadman fan 'e Clan Campbell, en krige er as sadanich in sit yn it Britske Hegerhûs.

Yn 1907 bewurkmastere it krewearjen fan ferskate Britske oerheidsfunksjonarissen dat Campbell syn namme net neamd waard yn it ramt fan it ûndersyk nei de tsjeafte fan 'e Ierske Kroanjuwiellen. Dat hie dermei te krijen dat syn freon lord Ronald Gower, hoewol ûnskuldich oan 'e misdie, belutsen wie by ferskate leden fan in homoseksueel fermidden dy't àl skuldich wiene. Campbell en prinsesse Louise wennen yn it Paleis fan Kensington oant er yn 1914 yn Cowes, op it eilân Wight, kaam te ferstjerren oan longûntstekking. Hy waard begroeven yn it mausoleum fan syn laach yn 'e Kilmun Parish Church te Kilmun, yn súdwestlik Skotlân. Syn frou oerlibbe him in fearnsiuw.

Nei Campbell (as de markys fan Lorne) is yn Kanada ferneamd: it plak Port Lorne, yn Nij-Skotlân; de gemeente Lorne, yn Manitoba; en it Lorne Building yn Ottawa, dêr't fan 1959 oant 1987 de Nasjonale Gallery fan Kanada húsfêste wie (no stiet it James Flaherty Building fan it Ministearje fan Finânsjes op dat plak). Syn oantins stiet lykwols fral yn it teken syn beriming fan Psalm 121 (Unto the hills around do I lift up) en fan 'e nammen dy't er de Kanadeeske geografy taparte ta eare fan syn frou (Louise Carolina Alberta), nei wa't net inkeld it wintersportplak Lake Louise en de Louisemar yn 'e Rocky Mountains ferneamd binne, mar ek de Kanadeeske provinsje Alberta en de berch de Mount Alberta.

Foarâlden fan John Campbell, 9e hartoch fan Argyll

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
16. John Campbell, 4e hartoch fan Argyll
 
 
 
 
 
 
 
8. John Campbell, 5e hartoch fan Argyll
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
17. Mary Kerr
 
 
 
 
 
 
 
4. John Campbell, 7e hartoch fan Argyll
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
18. John Gunning
 
 
 
 
 
 
 
9. Elizabeth Gunning, 1e baronesse Hamilton fan Hameldon
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
19. Bridget Bourke
 
 
 
 
 
 
 
2. George Campbell, 8e hartoch fan Argyll
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
10. John Glassel
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
5. Joan Glassel
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
22. John Buchan
 
 
 
 
 
 
 
11. Helen Buchan
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
1. John Campbell, 9e hartoch fan Argyll
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
24. Granville Leveson-Gower, 1e markys fan Stafford
 
 
 
 
 
 
 
12. George Leveson-Gower, 1e hartoch fan Sutherland
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
25. Louisa Egerton
 
 
 
 
 
 
 
6. George Sutherland-Leveson-Gower, 2e hartoch fan Sutherland
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
26. William Gordon, 18e greve fan Sutherland
 
 
 
 
 
 
 
13. Elizabeth Gordon, 19e grevinne fan Sutherland
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
27. Mary Maxwell
 
 
 
 
 
 
 
3. Elizabeth Sutherland-Leveson-Gower, hartoginne fan Sutherland
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
28. Frederick Howard, 5e greve fan Carlisle
 
 
 
 
 
 
 
14. George Howard, 6e greve fan Carlisle
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
29. Margaret Leveson-Gower
 
 
 
 
 
 
 
7. Harriet Howard, grevinne fan Carlisle
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
30. William Cavendish, 5e hartoch fan Devonshire
 
 
 
 
 
 
 
15. Georgiana Cavendish, hartoginne fan Devonshire
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
31. Georgiana Spencer
 
 
 
 
 
 

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.