Jerry Stiller

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Jerry Stiller
Filmklapper.png akteur
Jerry Stiller yn 2005
Jerry Stiller yn 2005
persoanlike bysûnderheden
echte namme Gerald Isaac Stiller
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 8 juny 1927
berteplak New York (New York)
stoarn 11 maaie 2020
stjerplak New York (New York)
etnisiteit Flag of Israel.svg Joadsk
reg. identiteit Yiddish flag.png Asjkenazysk
jierren aktyf 19542020
offisjele webside
Jerry Stiller op Twitter

Jerry Stiller (folút: Gerald Isaac Stiller; New York, 8 juny 1927 – dêre, 11 maaie 2020) wie in Amerikaansk komyk en akteur, dy't it earste diel fan syn karriêre wurke as de iene helte fan it duo Stiller en Meara. De oare helte wie syn frou, Anne Meara, mei wa't er mear as sechstich jier troud wie en mei wa't er twa bern krige, ûnder wa de akteur Ben Stiller. Doe't er al op jierren begûn te reitsjen, makke Stiller in comeback dy't yn 1993 begûn mei syn weromkearende rol as Frank, de heit fan George Costanza yn 'e komeedzjesearje Seinfeld. Neitiid krige er ien fan 'e haadrollen as de eksintrike Arthur Spooner yn 'e komeedzjesearje King of Queens.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stiller waard yn 1927 berne yn it Unity Hospital yn 'e New Yorkske borough Brooklyn, as de âldste fan fjouwer bern yn 'e húshâlding fan William Stiller (1896-1999), in bussjauffeur, en dy syn frou Bella Citron (1902-1954). Hy wie fan etnysk Joadsk komôf; syn pake en beppe oan heitekant wiene Joadske ymmigranten út Galysje (doe ûnderdiel fan Eastenryk-Hongarije, no yn 'e westlike Oekraïne), wylst syn mem sels yn Poalen berne wie.

Stiller groeide op yn 'e wiken Williamsburg en East New York, foar't syn âlden har nei wenjen setten yn 'e Lower East Side fan Manhattan, dêr't Stiller fuortset ûnderwiis folge oan 'e Seward Park High School. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch tsjinne Stiller as soldaat yn it Amerikaanske Leger. Nei syn weromkear yn 'e Feriene Steaten studearre er oan 'e Universiteit fan Syracuse yn Syracuse (New York), dêr't er yn 1950 in bachelortitel behelle yn spraak en drama. Yn 1953 kaam Stiller yn 'e kunde mei de aktrise en komediënne Anne Meara, mei wa't er yn 1954 troude.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stiller makke yn 1953 syn debút as akteur yn in opfiering fan it toanielstik Coriolanus fan Shakespeare yn it Phoenix Theater op Broadway. Hy spile yn 'e 1950-er jierren yn ferskate oare foarstellings op Broadway, wêrûnder The Golden Apple ((1954), Diary of a Scoundrel (1956), The Power and the Glory (1958) en twa oare stikken fan Shakespeare: Measure for Measure en The Taming of the Shrew (beide yn 1957). Yn 1956 makke Stiller syn debút op 'e tillefyzje yn 'e searje Studio One in Hollywood, en yn 1970 wied er foar it earst op it wite doek te sjen yn 'e film Lovers and Other Strangers.

Ein jierren '50 stelde Stiller oan syn frou Anne Meara foar om komeedzje te dwaan. Se joegen har earst by it toanielselskip The Compass Players, mar giene al rillegau tegearre fierder as it komysk duo Stiller en Meara. Yn 1961 spilen se yn 'e meast foaroansteande nachtklubs yn New York, en in jier letter waarden se troch The New York Times omskreaun as "in nasjonaal fenomeen". Se hiene de hiele 1960-er jierren troch grut súkses, wêrby't se ek in soad te gast wiene yn tillefyzjeprogramma's, benammen The Ed Sullivan Show.

Yn 1970 holden Stiller en Meara op mei live optredens doe't harren gearwurking sa stroef waard dat harren houlik yn gefaar kaam. Neitiid begûnen se in nije karriêre mei it meitsjen fan reklamespotsjes foar de radio, wêrûnder in kampanje foar wyn fan it merk Blue Nun. Fan 1977 oant 1978 hiene se ek in eigen, yn syndikaasje útstjoerd radioprogramma mei sketchen fan fiif minuten, dat Take Five with Stiller and Meara hiet. Fan 1979 oant 1982 presintearren se ien kear yn 'e moanne op 'e tillefyzje HBO Sneak Previews, wêryn't se nije tillefyzjeprogramma's en films oankundigen. Yn 1986 hiene se fierders in eigen komeedzjesearje, The Stiller and Meara Show, dy't lykwols mar in koart libben beskern wie.

Jerry Stiller mei Anne Meara.

Yn 1993 makke Stiller mei 66 jier in comeback yn 'e útsûnderlik populêre komeedzjesearje Seinfeld, mei in weromkearende rol as de opljeppende driftkikkert Frank Costanza, de heit fan ien fan 'e haadpersoanen, George Costanza (spile troch Jason Alexander). Hy spile dy rol yn 26 ôfleverings, oant de searje yn 1998 úteinlik stopsetten waard. Stiller krige rûnom lof taswaaid foar syn aktearjen, en waard yn 1997 nominearre foar in Emmy Award foar bêste gastrol yn in komeedzjesearje. Hy wûn der yn 1998 in American Comedy Award foar. Itselde jiers dat der in ein kaam oan Seinfeld, waard Stiller troch Kevin James frege foar in fêste rol yn syn nije komeedzjesearje King of Queens. Hy woe dat Stiller, dy't eins oan pinsjonearring tocht, de rol fan Arthur Spooner op him naam, de eksintrike skoanheit fan syn eigen personaazje Doug Heffernan. Stiller biet ta en spile tsien seizoenen lang yn King of Queens, oant de searje yn 2007 einige.

Stiller wurke ek gauris gear mei syn soan Ben, û.m. yn 'e films Zoolander, Hot Pursuit, The Heartbreak Kid en Zoolander 2. Hy hie in cameo yn 'e komeedzjefilm Anchorman: The Legend of Ron Burgundy (2004), en gastrollen yn tillefyzjesearjes as L.A. Law (1993), In the Heat of the Night (1994), The Larry Sanders Show (1998), Sex and the City (2003) en The Good Wife (2011). Fierders wurke Stiller ek as stimakteur, lykas yn The Lion King 1½ (2004) en Planes: Fire and Rescue (2014), en fersoarge er voice-overs. Hy waard yn 2007 nominearre foar in Screen Actors Guild Award foar bêste cast yn 'e film Hairspray.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stiller wie mear as sechstich jier troud mei Anne Meara, dy't er foar it earst mette yn it kantoar fan in casting director. Harren houlik duorre fan 1954 oant it ferstjerren fan Meara op 23 maaie 2015. Mei har krige Stiller twa bern: in dochter, aktrise Amy Stiller (1961) en in soan, akteur Ben Stiller (1965). Yn 2001 skreau Stiller in autobiografy mei de titel Married to Laughter: A Love Story Featuring Anne Meara. Dêrfoar waard er yn 2001 nominearre foar in Grammy Award foar it bêste lústerboek. Hy skreau yn 2005 ek it wurd foarôf fan it boek Festivus: The Holiday for the Rest of Us, fan Allen Salkin, oer de fiktive hjeldei Festivus, dy't syn personaazje Frank Costanza yn Seinfeld betocht hie. Yn 2007 ûntfongen Stiller en Meara tegearre in stjer op 'e Hollywood Walk of Fame.

Ferstjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jerry Stiller kaam op 11 maaie 2020 thús yn 'e Upper West Side fan Manhattan yn 'e âlderdom fan 92 jier te ferstjerren oan natuerlike deadsoarsaken.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.