Springe nei ynhâld

Hindrik VI, Diel 3

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Henry VI, Part 3)
Hindrik VI, Diel 3
Foarside fan 'e 1ste útjefte (ûnder in alternative titel).
Foarside fan 'e 1ste útjefte (ûnder in alternative titel).
algemiene gegevens
oarspr. titel Henry VI, Part 3
auteur William Shakespeare
taal Ingelsk
foarm toanielstik
sjenre trageedzje
skreaun 1591-92
1e publikaasje 1595, Londen
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Kening Hindrik VI (3)
publikaasje 1963, Drachten
útjouwer Fryske Shakespeare Stifting
oersetter Douwe Kalma

Hindrik VI, Diel 3, yn it oarspronklike Ingelsk: Henry VI, Part 3 (folút eins: The Third Part of Henry VI), is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. It is yn prinsipe in trageedzje, hoewol't it yn 'e tradisjonele yndieling fan Shakespeare syn wurk ûnder de Shakespeariaanske histoaryske stikken falt. Sa't de titel al oanjout, is dit stik it trêde diel fan 'e toanieltrilogy dy't basearre is op it tumultueuze libben en bewâld fan kening Hindrik VI fan Ingelân, dy't regearre fan 1422 oant 1461. It wurdt gauris mei Hindrik VI, Diel 1 en Diel 2 en mei Richard III gearfoege ta in tetralogy (rige fan fjouwer stikken) dy't de hiele perioade fan 'e Roaze-oarloggen beslacht, fan 1455 oant 1485. It wie it súkses fan dizze opienfolging fan toanielstikken wêrmei't Shakespeare syn namme as toanielskriuwer fêstige.

Hindrik VI, Diel 3 begjint fuort nei it bloedbad dat de yorkisten ûnder de lankestrianen oanrjochten yn 'e Earste Slach by St. Albans, yn 1455, dat ornaris as it begjin fan 'e Roaze-oarloggen sjoen wurdt, en einiget mei de moard op Hindrik VI, yn 1471. It toanielstik giet benammentlik yn op 'e ferskrikkings dy't de boargeroarloch tusken de beide tûken fan it Ingelske keningshûs oer it lân brocht en de barbarij dêr't de Ingelske adel ta ferfoel. Hoewol't Hindrik VI, Diel 3 basearre is op histoaryske feiten, stie Shakespeare himsels aardich wat frijheden ta mei de stof, dat it stik moat net foar wier oannommen wurde. Dit toanielstik hat de langste monolooch fan al Shakespeare syn stikken (3.2.124-195), en teffens de measte fjildslaggen (fjouwer op it poadium en ien dêr't ferslach fan dien wurdt). Hindrik VI, Diel 3 is nei gedachten yn 1591 of yn begjin 1592 skreaun, en waard foar it earst útjûn yn 1595. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma ferskynde yn 1963.

It stik begjint daliks dêr't Hindrik VI, Diel 2 ophold, as nei it bloedbad dat de yorkisten yn 'e Earste Slach by St. Albans ûnder de lankestrianen oanrjochte hawwe kening Hendrik VI op oantrún fan syn frou, Margareta fan Anzjû, nei Londen ta flechtet, efterfolge troch syn fijannen. De foarnaamste dêrfan binne de hartoch fan York, dy't fynt dat it keningskip him takomt, en de greve fan Warwick. As York yn Londen arrivearret, nimt er plak op 'e troan, mei as gefolch dat der yn it Ingelske parlemint in konfrontaasje plakfynt tusken de yorkisten en de lankestrianen. Under bedriging fan Warwick giet Hindrik mei York in oerienkomst oan dy't ynhâldt dat er sels kening bliuwe sil, mar dat it keningskip nei syn dea oergean sil op York en dy syn neiteam. Hindrik syn oanhingers sjogge dat as ferrie, en litte him dêrop yn 'e steek. Under lieding fan keninginne Margareta en kroanprins Edwert sette sy de striid tsjin 'e yorkisten fuort. Under harren is ek Clifford, dy't syn te St. Albans troch de yorkisten fermoarde heit wreekje wol.

Margareta docht in oanfal op York syn kastiel te Wakefield en ferslacht dêr de yorkisten. Yn dy Slach by Wakefield fermoardet Clifford York syn tolvejierrige soan Edmund. York sels wurdt kriichsfinzen makke. Margareta en Clifford jouwe him in bûsdoek mei it bloed fan syn soan deroan om him de holle mei ôf te feien. Dêrop sette se him in papierrene kroan op 'e plasse en stekke him dea. Nei de slach, wylst York syn soannen, de lettere keningen Edwert IV en Richard III, de dea fan harren heit noch bekleie, komt Warwick mei it berjocht dat syn leger ek troch de lankestrianen ferslein is, yn 'e Twadde Slach by St. Albans. Hindrik VI is weromkeard te Londen, dêr't er, ûnder druk fan Margareta, syn oerienkomst mei York werroppen hat. Oan 'e oare kant hat George, de broer fan Edwert en Richard dy't him oant no ta ôfsidich holden hie, him no by syn bruorren jûn, wylst Warwick fersterking krigen hat fan syn eigen broer Montague.

De yorkisten wergroepearje har, en yn 'e Slach by Towton komt Clifford om en behelje de yorkisten de oerwinning. Nei dy slach wurdt York syn âldste soan ta kening Edwert IV útroppen, wylst fan dy syn beide jongere bruorren George ferheft wurdt ta hartoch fan Clarence en Richard ta hartoch fan Gloucester. Mar as Edwert en George Richard allinnich litte, makket dy it publyk dielgenoat fan syn ambysje om syn âldere broer fan 'e troan te stjitten en sels kening te wurden, al is er op dat stuit noch ûnwis hoe't er dat oanpakke moat.

Nei de Slach by Towton reizget Warwick nei Frankryk ta om foar de nije kening in houlik te bewurkmasterjen mei Bonne fan Savoaye, de skoansuster fan 'e Frânske kening Loadewyk XI. As er oan it Frânske Hof arrivearret, ûntdekt er lykwols dat keninginne Margareta, kroanprins Edwert en de greve fan Oxford dêr ek binne, mei as doel om Loadewyk XI te fersykjen om militêre stipe tsjin 'e yorkisten. Krekt as Loadewyk sokke help tasizze sil, komt Warwick tuskenbeiden en advisearret er de Frânske kening dat it foar him better wêze soe as er ynstee kening Edwert stypje soe troch it útstelde houlik goed te karren. Loadewyk lit him troch Warwick beprate, mar ûnderwilens komt yn Ingelân kening Edwert yn 'e kunde mei de koartby widdo wurden frouwe Grey. Hy rekket op slach alhiel ûnder de tsjoen fan har skientme en trout mei har, dêrby de tsjinrie fan al syn riedslju en syn beide bruorren yn 'e wyn slaand.

De Dea fan de Greve fan Warwick, út The Works of Shakespeare: Imperial Edition (1870).

As Warwick dat te hearren kriget, fynt er dat hy, nettsjinsteande al syn tsjinsten oan it Hûs fan York, folslein foar gek set is. Hy swart Edwert IV en hiel syn famylje ôf en rint oer nei de lankestrianen. Koarte tiid letter wurdt syn foarbyld folge troch Montague en George fan Clarence. Warwick wurdt dêrop oan it haad steld fan in ynfaazje dy't Frânske troepen yn Ingelân útfiere; Edwert IV wurdt finzen nommen, Hindrik VI komt wer op 'e troan en Warwick en George fan Clarence wurde beleanne mei it amt fan beskermhear (Lord Protector) fan Ingelân.

Edwert wurdt lykwols al rillegau rêden troch syn broer Richard en guon oare oanhingers. As it nijs fan 'e ûntsnapping it hof fan kening Hindrik berikt, wurdt dêr besletten om 'e jonge Hindrik Tudor, greve fan Richmond (de lettere kening Hindrik VII), dy't fia de froulike line ôfstammet fan Edwert III, út foarsoarch nei Frankryk ta te stjoeren, sadat der in potinsjele lankestriaanske erfgenamt oerbliuwt, sels yn it slimste gefal, as der wat barre soe mei Hindrik en dy syn soan Edwert. Underwilens wergroepearret Edwert IV syn leger foar de Slach by Barnet. Dêr ferriedt George fan Clarence it lankestriaanske leger ûnder Warwick troch op 'e nij oer te rinnen, diskear nei syn broer Edwert. Sadwaande witte de yorkisten de slach te winnen, en komme sawol Warwick as Montague om.

It befel oer de lankestriaanske striidkrêften falt no ta oan Oxford, dy't syn leger ferienet mei fersterkings dy't krekt, ûnder lieding fan keninginne Margareta en kroanprins Edwert, oerkommen binne út Frankryk. Kening Hindrik beklaget ûnderwilens syn lot, en wurdt dêrby konfrontearre mei in heit dy't syn eigen soan ombrocht hat en in soan dy't syn heit deade hat, figueren dy't symboal steane foar de ferskrikkings fan 'e boargeroarloch. Hindrik wurdt finzen nommen troch de yorkisten en opsletten yn 'e Toer fan Londen. Yn 'e Slach by Tewkesbury liede de lankestrianen in ferpletterjende nederlaach. Margareta, kroanprins Edwert en Oxford wurde kriichsfinzen makke troch Edwert IV. Oxford kriget libbenslang, Margareta wurdt út Ingelân ferballe, en kroanprins Edwert wurdt troch de trije yorkistyske bruorren Edwert, George en Richard deastutsen as er wegeret ta te jaan dat it Hûs fan York de rjochtlike keninklike famylje is. Fuort dêrnei riidt Richard werom nei Londen, dêr't er yn 'e Toer de sel fan Hindrik VI binnengiet en dyselde deadocht. Mei syn lêste sike foarseit de fermoarde kening Richard syn takomstige smjuntestreken en de gaos dy't fan gefolgen oer it lân komme sil. Oan it hof jout Edwert IV befel om feest te fieren, mei't er mient dat de boargeroarloch no foarby is. Hy hat lykwols bûten syn eigen broer rekkene, en de rol fan 'e yn feilichheid brochte lankestriaanske troanpretindent Hindrik Tudor is likemin al útspile. Mar dat sil allegearre blike yn Shakespeare syn Richard III.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Henry VI, Part 3 waard ûnder de titel Kening Hindrik VI (diel III) yn it Frysk oerset troch Douwe Kalma. Yn 1963 waard it publisearre troch de Fryske Shakespeare Stifting te Drachten, as ûnderdiel fan harren omnibusútjefte Shakespeare's Wurk Dl. IV, yn 'e mande mei de fertalings fan in pear Shakespeariaanske komeedzjes en fan guon oare Shakespeariaanske keningsstikken, lykas Hindrik VI, Diel 1, Hindrik VI, Diel 2 en Richard III.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Shakespeare, William, Shakespeare's Wurk Dl. IV: Lette Komeedzjes: It Winterjounsteltsje, De Stoarm; Keningsstikken: Kening Hindrik VI (diel I, II en III), Kening Richard III, Drachten, 1963 (Fryske Shakespeare Stifting), sûnder ISBN.

foar de wiere skiednis fan Hindrik VI, sjoch:

  • Ackroyd, Peter, The History of England, Volume I: Foundation, Londen, 2011 (Pan Macmillan), ISBN 978-0 33 05 44 283.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

wurken fan Shakespeare
Shakespeariaanske trageedzjes
Antonius en Kleopatra | Hamlet | Julius Caesar | Kening Lear | Koriolanus | Macbeth | Otello | Romeo en Julia | Symbelinus | Timon fan Atene | Titus Androanikus | Troilus en Kressida
Shakespeariaanske histoaryske stikken
1 Hindrik IV | 2 Hindrik IV | Hindrik V | 1 Hindrik VI | 2 Hindrik VI | 3 Hindrik VI | Hindrik VIII | Kening Jan | Richard II | Richard III
Shakespeariaanske komeedzjes
Ein Goed, Alles Goed | De Fekke Nuet | De Fleurige Wyfkes | Folle Spul om Neat | Kardenio (ferlern gien) | De Keapman fan Feneesje | In Komeedzje Fol Fersinnen | Leafde's Lêst Al Leanne (ferlern gien) | Leafde's Lêst Net Leanne | Lyk om Lyk | In Midsimmernachtdream | Nei Jim Beleavjen | Perikles, Prins fan Tyrus | Symbelinus | De Stoarm | Trijekeningejûn | De Twa Aadlike Neven | De Twa Eallju fan Verona | It Winterjûnsteltsje
Shakespeariaanske poëzij
De Feniks en de Toartel | Fenus en Adoanis | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | De Klaachsang fan in Minneresse | De Rôf fan Lukresia | Sonnetten (1 • 17 • 18)
Shakespeariaanske apokrifa
gedichtenIn Begraffenistreurdicht | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | Oan de Keninginne | Sil Ik Stjerre | toanielstikkenArden fan Faversham | De Berte fan Merlyn | Edmund Izerkant | Edwert III | De Ferlerne Soan fan Londen | De Fleurige Duvel fan Edmonton | Hear Thomas Cromwell | John Oldcastle | Lokrinus | Musedoarus | Oer-Hamlet (ferlern gien) | De Puriteinske | Thomas More | Tomas fan Woodstock | In Trageedzje yn Yorkshire | Tsjeppe Em, de Moolnersdochter fan Manchester | De Twadde Trageedzje fan de Faam
oare ûnderwerpen oangeande Shakespeare
Mary Arden | Double Falsehood | First Folio | Fryske Shakespeare Stifting | Anne Hathaway | Teatse Eeltsje Holtrop | Douwe Kalma | King's Men | Lord Chamberlain's Men | Hamnet Shakespeare | John Shakespeare | Judith Shakespeare | Susanna Shakespeare | Shakespeare in Love | Shakespeariaansk auteurskipsdebat | Stationers' Register | Stratford-upon-Avon | Tryater