Springe nei ynhâld

Helmut Berger

Ut Wikipedy
Helmut Berger
akteur
Helmut Berger yn 1973
Helmut Berger yn 1973
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Eastenryksk
berne 29 maaie 1944
berteplak Bad Ischl (Alpen- en Donauryksgoaen, Grutdútske Ryk)
stoarn 18 maaie 2023
stjerplak Salzburg (Eastenryk)
etnisiteit Eastenryksk
jierren aktyf 19642019
prizen Golden Globe 1973
David di Donatllo 1973
Teddy Award 2007
Prix Lumières 2010
Kristián Award 2011
offisjele webside
www.tribecafilm.com

Helmut Berger ([ˈhɛlmuːt ˈbɛʁɡɐ] Bad Ischl, 29 maaie 1944 - Salzburg, 18 maaie 2023), berne as Helmut Steinberger wie in Eastenryksk akteur, it bêst bekend foar de narsissistyske en seksueel dûbelsinnige personaazjes dy't er spile. Hy wie ien fan de meast ferneamde Jeropeeske akteurs yn de lette 1960-er en yn de 1970-er jierren en wurdt sjoen as in sekssymboal yn dy snuorje.

Hy is it meast ferneamd fan syn oparbeidzjen mei de Italjaanske regisseur Luchino Visconti, benammen om syn rol as kening Loadewyk II fan Beieren yn Ludwig, dêr't er in spesjale David di Donatello-priis foar krige en yn The Damned, dêr't er foar de Golden Globe Award nominearre waard.

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Helmut Berger waard berne yn Bad Ischl yn Eastenryk, yn in famylje fan hoteleigners. Nei't er syn matura krige, wurke er ynearsten yn dat fak, alhoewol't er dêr gjin ynteresse foar hie. Doe't er 18 jier wie ferhuze er nei Londen yn Ingelân, dêr't er ferskate banen hie wylst er aktearlessen naam. Nei't er talen studearre hie oan de Università per Stranieri di Perugia yn Itaalje en dêrnei ferhuze er nei Rome.

Helmut Berger, thús yn Rome, 1972
Helmut Berger yn Rome yn 1974

Hy learde regisseur Luchino Visconti yn 1964 foar it earst kennen. Visconti joech him de earste spilersrol yn de film Le streghe (De heksen) yn 1967, mar hy waard ynternasjonaal ferneamd troch syn rol as Martin von Essenbeck yn The Damned (1969) fan Visconti. Yn dy film, dêr't er faaks syn bêste sêne yn hie, die er nei as er Marlene Dietrich wie yn de film The Blue Angel (1930). Dêrnei krige er in rol yn Dorian Gray (1970) nei it ferhaal fan Oscar Wilde. Dêrnei hie er de haadrol yn de Italjaanske film Il giardino dei Finzi Contini (De tún fan de Finzi-Contini's) yn 1970, dy't in Oscar krige. Yn Ludwig fan Viconti (1972) spile er kening Loadewyk II fan Beieren fan syn jonkheid oant syn lossinnige lêste jierren. Romy Schneider spile mei him mei yn dy film. Foar syn prestaasje yn dy fil krige er in David di Donatello-priis. Yn 1974 spile Berger, mei Burt Lancaster yn Conversation Piece fan Visconti. Berger hat ferskate kearen oanjûn dat dy film syn favoriten wie.

Dêrnei spile er haadrollen yn ynternasjonale produksjes lykas As Wednesday (1973) mei Elizabeth Taylor en Henry Fonda en The Romantic Englishwoman (1975) mei Micael Caine en Glenda Jackson. Hy ferskynde ek yn de kontroversjele film fan Tinto Brass, Salon Kitty mei Ingrid Thulin yn 1976. Ferneamde fotografen lykas Helmut Newton, Mary Ellen Mark en David Bailey dy't in stikmannich foto's fam him útbrochten. Andy Warhol makke polaroids fan him en brocht seefdrukken út. Berger wie ek, yn 1970, mei syn doetiidske freondinne Marisa Berenson, as de earste man op de foarside fan it blêd Vogue.

Troch it ferstjerren fan syn partner Luchino Visconti yn 1976 rekke Berger yn in persoanlik delslach. Krekt in jier letter besocht er himsels tekoart te dwaan, mar waard krekt op tiid fûn en koe rêden wurde. It brûken fan drugs en alkohol begûn in ynfloed op syn aktearjen te hawwen. Yn 1980 krige er de rol fan Fantômas fan Claude Chabrol en dêrnei ferfear er nei de Feriene Steaten. Hy krige dêr de rol fan Peter De Vilbis yn njoggen ôfleverings (1983/84) fan de soapsearje Dynasty. Dêrnei bleau er yn de Feriene Steaten wurkjen oan ferskate projekten, lykas yn 1985 yn Code name: Emerald. Yn Jeropa spile er yn 1989 yn de minisearje I promessi sposi (De ferloofden).

Yn 1990 ferskynde er yn The Godfather III as de korrupte bankier Frederick Keinszig. Letter wie er te sjen yn de videoclip fan it liet Erotica fan Madonna yn 1992 en yn it boek Sex fan Madonna. Yn 1993 hie er fannijs de rol fan kening Loadewyk II yn de oeral priizge film Ludwig 1881. Yn de twadde helte fan de 1990-er jierren lei er him benammen ta op Jeropeeske produksjes, lykas yn films te spyljen regisearre troch Christoph Schlingensief, Yves Boisset en oaren.

Berger (rjochts) mei Alexander Tuschinski by it opnimmen fan Timeless (2015)

Fan 2000 oant 2009 luts Berger him foar in grut part werom fan it aktearjen. Hy ferhuze nei Salzburg om foar syn mem te soargjen dy't yn 2009 ferstoar. Dêrnei spile er yn gruttere produksjefilmen.

Yn 2012 brocht de Dútske útjouwer Schwarzkopf & Schwarzkopf Verlag it boek Helmut Berger - A Life in Pictures (Helmut Berger - in libben yn ôfbyldings) út oer syn libben en dêr't in soad ôfbyldings fan syn libben en films yn steane dy't earder noch net útbrocht wiene mei essays yn Dútsk, Ingelsk, Italjaansk en Frânsk. It boek die it goed neffens de parse.

Yn de skrillerfilm Iron Cross (2009) spile er Shrager, in âlder wurdende personaazje dêr't fan fertocht waard dat er in SS-kommandant wie dy't ferantwurdlik wie op de moard op Joaden yn de Twadde Wrâldkriich. Yn de iere 2010-er jierren spile er yn twa films dy't troch Peter Kern regisearre waarden; Blutsfreundschaft (spile op 'e 60e Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn (2010) en Mörderschwestern (2011). Yn 2014 ferskynde Berger yn Saiint Laurent as de âldere Yves Saint Laurent dêr't er by it Filmfestival fan Cannes yn it ljocht set waard. De koarte film Art! dêr't Berger in rol yn hie, gie yn premiêre op it Unôfhinklike Filmfestival fan Parys yn 2015. Hy spile Perfester Martin yn de film Timeless fan 2016 regisearre troch Alexander Tuschinski.

Yn 2015 brocht de Eastenrykske filmmakker Andreas Horvath in dokumintêrefilm út oer Berger, neamd Helmut Berger - Actor. De film gie yn premiêre op it Filmfestival fan Feneesje. Yn it tiidskrift Artforum keas Amerikaanske regisseur John Waters dy film as de bêste film fan it jier 2015. Berger spande letter in rjochtssaak oan tsin Horvath.

Op 22 febrewaris 2018] gie it spul Liberté fan Albert Serra, mei Berger en Ingrid Caven yn premiêre yn it teäter Volksbühne yn Berlyn. It wie de earste toanielrol fan Berger. Yn 2019 waard in oare dokumintêre oer Berger, Helmut Berger, meine Mutter und ich (Helmut Berger, myn mem en ik) útbrocht dêr't syn persoanlikheid en in mooglik weromkommen yn behannele waarden.

Nei't er ferskate oanfallen fan longûntstekking krige, makek Berger yn novimber 2019 buorkundich dat er ophâlde soe mei aktearjen en dat er syn jierren út it publike each libje woe.

Berger wie biseksueel. Hy hie relaasjes mei syn regisseur en master Luchino Visconti en aktrise Marisa Berenson. Berger boaske op 19 novimber 1994 de Italjaanske skriuwster en model Francesca Guidato. Nei 2010 wennen hj skaat faninoar. Berger wenne jierrenlang yn Rome, mar kaam werom nei Salzburg yn de 2000-er jierren om syn âlder wurdende mem te fersoargjen.

Yn de lette 1960-er en de 1970-er jierren waard Berger sjoen as de "it-boy fan de Jeropeeske jetset. Neffens syn autobiografy fan 1998 Ich. Die Autobiographie hie er ferhâldings mei Rudolf Nurejev, Britt Ekland, Ursula Andress, Nathalie Delon, Tab Hunter, Florinda Bolkan, Linda Blair, Marisa Mell, Anita Pallenberg, Marilù Tolo, Jerry Hall, en beide Bianca en Mick Jagger. Miguel Bosé skreau oer syn affêre mei Berger yn syn autobiografy.

Fan de 1980-er jierren ôf wie it priveelibben fan Berger yn it nijs oangeande syn wrakslejen mei it brûken fan alkohol en drugs, dêr't it ta late dat er guon tiden dronken op telefyzje ferskynde. Yn 2013 ferkynde er yn in Dútske realiteitsprogramma dêr't er nei twa ôfleverings ôfheakje moast omreden syn sûnens.

Helmut Berger ferstoar op 18 maaie 2023 yn de âldens fan krapoan 79 jier.

Yn 1969 waard Berger nominearre foar in Golden Globe foar syn rol yn The Damned en yn 1973 wûn er in David di Donatello-priis foar syn rol yn Ludwig.

Yn 2007 wûn er in spesjale Teddy Award op de 57e Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn foar syn prestaasje yn syn gânse libben.

Yn 2010 krige er twa Prix Lumiéres op de Filmfestival fan Lumiére yn Lyon en ek de "gouden kaai" fan de stêd.

Yn 2011 krige er in Kristián Award op de Tsjechyske filmfestival Febiofest "foar bydragen oan de filmwrâld".

Filmografy (karút)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 2005 - Damals warst du still (tv, 2006)
  • 2003 - Honey Baby
  • 1999 - Unter den Palmen
  • 1997 - Fantomas (tv)
  • 1997 - 120 Tage von Bottrop
  • 1993 - Ludwig 1881
  • 1990 - The Godfather Part III
  • 1985 - Code Name: Emerald
  • 1983 - Dynasty (tv)
  • 1977 - Der Tollwütige (La Belva col mitra)
  • 1976 - Salon Kitty
  • 1975 - The Romantic Englishwoman
  • 1974 - Conversation Piece
  • 1972 - Ludwig, oer it libben fan Loadewyk II
  • 1970 - Il giardino dei Finzi-Contini
  • 1970 - It portret fan Dorian Gray (Dorian Gray)
  • 1969 - The Damned
  • 1968 - I Giovani Tigri
  • 1967 - Die Hexen von Heute
  • 1967 - Le Streghe
  • 1964 - La Ronde

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

=

  • Dizze side is alhiel as far in part oerset fan de Ingelsktalige wikipediaside; foar boarnen sjoch op en:Helmut Berger
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Helmut Berger fan Wikimedia Commons.