Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Filmfestival fan Feneesje)
Ynternasjonale Utstalling fan Filmkeunst fan de Biënnale fan Feneesje
Mostra Internazionale d'Arte Cinematografica della Biennale di Venezia
De Liuw fan Feneesje, it symboal fan it filmfestival.
De Liuw fan Feneesje, it symboal fan it filmfestival.
plak en tiid
lân Itaalje
aut. regio Feneto
metrop. stêd Feneesje
plak Feneesje
holden yn Palazzo del Cinema
tiid fan it jier ein augustus, begjin
   septimber
bysûnderheden
oare namme Ynternasjonaal Filmfestival
   fan Feneesje
soarte evenemint filmfestival
bestean 1932 – no
oprjochter Giuseppe Volpi
Luciano de Feo
Antonio Maraini
offisjele webside
labiennale.org/en/cinema

It Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje, dat offisjeel eins de Ynternasjonale Utstalling fan Filmkeunst fan de Biënnale fan Feneesje (Italjaansk: Mostra Internazionale d'Arte Cinematografica della Biennale di Venezia) hjit, is in filmfestival dat elts jier yn 'e Italjaanske stêd Feneesje holden wurdt. It waard yn 1932 oprjochte en is dêrmei it âldste filmfestival fan 'e wrâld. Yn 'e mande mei it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes, yn Frankryk, en it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn, yn Dútslân, heart it ta de 'Grutte Trije' fan 'e filmfestivals. It Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje falt elts jier yn ein augustus en/of begjin septimber en wurdt holden yn it Palazzo del Cinema yn it Lido yn 'e Golf fan Feneesje. It makket ûnderdiel út fan in grutter evenemint, de Biënnale fan Feneesje, dy't yn 1893 oprjochte waard en behalven oan filmkeunst ek omtinken jout oan keunst, arsjitektuer, dûns, muzyk en teäter. De wichtichste priis fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje is de Gouden Liuw.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e 1930-er jierren groeide it besykjen fan 'e bioskoop yn Itaalje út ta ien fan 'e favorite tiidferdriuwen fan in grut part fan 'e befolking. Fierwei it meastepart fan 'e films dy't dêr fertoand waarden, kaam lykwols út 'e Feriene Steaten. Ut sjauvinisme, mar ek om't bûtenlânske films gauris tinkbylden ferspraten dy't it faksistyske rezjym fan Benito Mussolini leaver bûtendoar hold, waard troch de Italjaanske oerheid ynset op 'e ûntwikkeling fan in eigen Italjaanske filmyndustry. Om soks oan te fiterjen rjochte Giuseppe Volpi yn 1932 yn 'e mande mei Luciano de Feo en Antonio Maraini it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje op. Volpi wie in politikus, sakeman en in fûleindich faksist dy't earder as Mussolini syn minister fan Finânsjes tsjinne hie. Hy waard noch datselde jiers oansteld as foarsitter fan 'e Biënnale fan Feneesje, dêr't it nije evenemint ûnder kaam te fallen.

It Palazzo del Cinema op it Lido, dêr't it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje holden wurdt.

De earste edysje fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje waard op 'e jûn fan 6 augustus 1932 iepene mei in fertoaning fan 'e Amerikaanske film Dr. Jekyll and Mr. Hyde op it terras fan it Excelsior Palace Hotel. Der diene njoggen lannen oan it filmfestival mei, dat op 21 augustus sletten waard. Der waarden it earste jiers noch gjin prizen ferjûn, mar wol waard der in referindum ûnder it filmpublyk holden om fêst te stellen hokker films en akteurs de measte lof fertsjinnen.

Nettsjinsteande it súkses fan it festival waard it yn 1933 net wer holden. Pas yn 1934 waard de twadde edysje organisearre, en doe waard it ta in jierliks evenemint makke. Oan 'e twadde edysje diene santjin lannen mei. Ek waarden doe de earste prizen ynsteld: de Mussolini Trofee foar Bêste Italjaanske Film en de Mussolini Trofee foar Bêste Bûtenlânske Film. Ek waarden ferskate prizen en earfolle fermeldings útrikt oan akteurs. Yn 1935 waard de lieding oer it filmfestival taparte oan Ottavio Croze, de earste artistyk direkteur. Dat wie in funksje dy't er oant de Twadde Wrâldoarloch behâlde soe.

It jiers dêrop waard der foar it earst in sjuery ynsteld om 'e winners fan 'e prizen út te ornearjen, mar de leden wiene allegearre Italjanen. It grutste part fan 'e finansiering fan it festival wie altyd al ôfkomstich fan it Ministearje foar Folkskultuer, mar yn 1936 waard it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje organisatoarysk losmakke fan 'e Biënnale, sadat faksistyske organisaasjes as it Ministearje fan Filmkeunst en de Faksistyske Nasjonale Federaasje fan Fermaakbedriuwen it bestjoer fan it festival oernimme koene. It waard sadwaande wat langer wat mear in ferlingstik fan 'e diktatuer fan Mussolini, mei as doel om faksistyske propaganda te fersprieden. Om utens late soks ta wjerstân, en yn Frankryk reägearre men troch útein te setten mei de ûntwikkeling fan plannen foar in eigen filmfestival, dêr't úteinlik it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes út fuortkomme soe.

De 74e edysje fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje, yn 2017.

Yn 1937 kaam it Palazzo del Cinema di Venezia ree, op it Lido yn 'e Golf fan Feneesje. Dêr is it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje sûnt altyd holden, útsein yn 'e jierren 1940, 1941 en 1942, doe't it evenemint bûten Feneesje organisearre waard út eangst foar Alliëarde bombardeminten. De eangst bliek lykwols net nedich, want Feneesje litte yn dy snuorje frijwol gjin skea. Yn 'e skiedskriuwing fan it filmfestival waarden de edysjes fan dy trije jierren letter as net-holden beskôge, om't se net yn it Lido plakfûn hiene. Dêrby kaam noch dat it net in tiid wie om grutsk op te wêzen. Yn 1940 waard it evenemint omneamd ta 'Italjaansk-Dútske Sinematografyske Manifestaasje' (Manifestazione Cinematografica Italo-Germanica), in namme dy't it behold oant en mei 1942. De edysjes fan 1943, 1944 en 1945 giene hielendal oer fanwegen de oarlochssitewaasje yn Itaalje.

Yn 1946 makke it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje in trochstart, no foar it earst as in evenemint dat frij wie fan faksistyske ynfloeden en propagandistyske oerheidsbemuoienis. It waard dat jiers ek foar it earst yn septimber holden. Dy ferskowing fan in moanne hie te krijen mei in ôfspraak dy't makke wie mei it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes, dat fan 1946 ôf yn it foarjier holden waard. Sa rieden de beide eveneminten inoar net yn 'e tsjillen. De Mussolini Trofee waard nei de Twadde Wrâldoarloch fansels ôfskaft, en fan doe ôf wie de Gouden Liuw de wichtichste priis fan it festival. (De liuw is it teken fan Feneesje en stiet ek prominint op 'e flagge en it wapen fan 'e stêd.)

It Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje naam al rillegau wer in wichtich plak yn 'e filmwrâld yn. Yn 'e 1960-er jierren fierde Luigi Chiarini, dy't fan 1963 oant 1968 oan it haad fan it festival stie, in grut tal fernijings troch. De sosjale en politike ûnrêst fan 1968 hie grutte gefolgen foar it filmfestival. Fan 1969 oant 1979 waarden der gjin prizen útrikt en omfette it evenemint gjin wedstrydelemint mear. Yn 1973, 1977 en 1978 gie it festival hielendal oer. De Gouden Liuw kearde as priis pas werom yn 1980. Dàt dy priis überhaupt weromkearde, wie te tankjen oan 'e nije direkteur Carlo Lizzani, dy't fan 1979 oant 1983 oant it haad fan it festival stie. Lizzani besleat dat it imago fan it evenemint oppoetst wurde moast en dat de bêste manear om dat te berikken, in weromkear nei eardere foarmen wie. Hy slagge yn syn bedoeling en it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje waard fan it begjin fan 'e 1980-er jierren ôf wer ien fan 'e toanoanjaande eveneminten fan 'e ynternasjonale filmyndustry.

Yn 2004 waard yn gearwurking mei it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje in selsstannich en parallel filmfestival oprjochte: de Fenesiaanske Dagen (Le Gionate degli Autori).

Organisaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De foarsitter fan 'e Biënnale fan Feneesje fertsjintwurdiget it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje foar finansjele partners, de oerheid en de media oer. De foarsitter fan 'e Biënnale wurdt oansteld troch it Italjaansk Ministearje fan Kultureel Erfskip. De direkteur fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje is ferantwurdlik foar de organisaasje fan it evenemint. De direkteur wurdt keazen troch de foarsitter en ôffurdigen fan 'e Biënnale.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Regisseur Todd Philips mei de Gouden Liuw dy't er yn 2019 wûn foar syn film Joker.

Offisjele seleksje: yn kompetysje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Orizzonti (Hoarizonnen)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dizze net-kompetative seksje hat sûnt 2010 dochs fjouwer prizen:

  • Orizzonti Priis foar Langspylfilms
  • Orizzonti Priis foar Middellange Films
  • Orizzonti Priis foar Koarte Films
  • Spesjale Orizzonti Sjuerypriis (foar langspylfilms)

Oar[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Jaeger-LeCoultre Glory to the Filmmaker-priis (Premio Jaeger-LeCoultre Glory to the Filmmaker) is in priis foar persoanen dy't in wichtige bydrage levere hawwe oan 'e hjoeddeistige filmyndustry. Dizze priis wurdt sûnt 2006 yn gearwurking mei de Switserske horloazjefabrikant Jaeger-LeCoultre op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje útrikt.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.