Hans Jouta
Appearance
Hans Jouta (Ferwert, 10 desimber 1966) is in Frysk byldhouwer.
Jouta groeide op oan de Waadkust dy't er as ynspiraasjeboarne foar syn wurken brûkt. Hy folge in oplieding oan Akademy Minerva yn Grins.
Hy besiket syn bylden emoasje mei te jaan. Dy bylden wurde neffens de metoade cire perdu getten fan brûns. Hy makke bylden fan Nynke fan Hichtum yn Nes en fan Hotze Schuil. Syn bylden binne meast fan metaal, meast brûns. Hy makket benammen bylden fan bisten.
Yn Dearsum stiet it byld De Aaisiker. Yn 2006 kaam Jouta yn it nijs doe't er rjochten jilde liet op it byld fan André Hazes op de Albert Cuypmerk yn Amsterdam. Hy makke ek de TMF-Awards.
Wurken in de iepenbiere romte (Fryslân)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Stânbyld fan Gerrit Keizer (2018)
- Sint-Nicolaas (2006)
- Maarten van der Weijden (2019)
- De Wardiaan (1995)
- Monumint fan de tiid (2000)
- Frouljusfiguer
- Hotze Schuil (2006)
- Monumint Wigle fan Aytta (2018)
- Monumint Balthasar Bekker
- Fiskersfrou (2008)
- Nynke van Hichtum (1997)
- Wjirmdolster (2006)
- Monumint foar Marianne Vaatstra (2004)
-
Byld fan Hotze Schuil (2006)
-
'Frouljusfiguer'
-
'Fiskersfrou mei bern yn Moddergat'
-
Monumint foar Marianne Vaatstra (2004)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hans Jouta fan Wikimedia Commons. |